| |
| |
| |
Anne Wadman:
De skuldbikentenis.
De jountiid sakke ier en ûnlijich yn 'e stêd del, doe't Markus en ik elkoar op it ôfsprutsen krúspunt moeten. De bolwurksbeammen rûzen swier, in stinnen djip en faei dat út 'e dûnkere ierde like wei to kommen. It tsjuster woun hurd oan. Strjitten en pleinen rounen der mei fol, oant it him nestele hie yn alle hoeken en hernen fan dit tipelsinnich âld bousel, myn stêd.
- Hoe sil ik ea ta him trochkringe, tocht ik. Hy hat altyd myn freon west, ek dizze jierren troch, mar op in ûnbidige distânsje, lykas stjerren út ien stjerrebyld, dy't wol de geheimsinnige krêften fan it stelsel mei elkoar diele, mar elkoar de waermte en it ljocht fan har wêzen net meidiele kinne. Nou't wy sa ticht by elkoar binne, sil ik de wei nei syn djipste wêzen net fine, gjin plakje oan him taeste kinne dêr't ik trochboarje kin nei syn hert.
Ik biseach fansiden it antlit fan myn freon, dat stiif en ûnbiweechlik stie, in strang en strak masker ta de opsette kraech fan syn jekker út. Ik fielde dat er foroare wie, dizze tsien jier troch, en dochs ek deselde bleaun. Syn libben hie skerper en snijender kontoeren krigen, mar it massyf wie itselde. Hy seach noch krekt gelyk de wrâld yn: as moast er troch in muorre hinne stjitte nei in oare wrâld ta, dy't dêr efter lei. Mar it wie soms as skimere der earne efter yn syn grize fanatike eagen eat fan in forbiten toloarstelling. Hie er ûntdutsen, dat miskien-miskien efter dy muorre net it great geheim wie dat er forwachte?
Der wie net folle to rêdden yn 'e stêd, lykas ornaris op hjerstige jounen yn 'e wike. De boargerij is oan it bridgen efter swiere plusen gordinen en in moart is der net bigien sûnt minskegehûch. Komselden moetet men in dronken man jouns nei alven en de ljochtstream fan 'e wrâld rekket dizze stêd net. Allinnich in mannich winkels hiene op dizze ûnproduktive ûre har útstallingen noch wiid forljochte, dat men se djip yn it neakene hert sjen koe: bussen griente en fisksmarsel yn tergjende rigelmjitte oploege, neffens winkelman's boargerlike tinkbylden oer symmetry. In kroech wie der, dy't skrille harmoanika-muzyk en dompe manljuslûden útstaette, mar dêr't mei gauwens de slûge ober syn
| |
| |
joun oant sluterstiid ta fordwaen soe mei in lege dream tusken lege romers. Foar it bioskoopke dêr't alteast de wrâld noch hwat oanklang' bisocht to krijen yn lege minskesielen, stie it wenstige jongfolk to smoken en to gysgobjen. En dan wie der it karillon, dat it riedseleftige wyske fan 'e folle ûren spile mei soms in hiaet dêr't men in noat forwachte. Acht ûre. It wyske dat my altyd itselde dizich ynsjoch yn eigen bistean jowt: gefoelens fan forlerne kânsen, dy't dan stadich fuortdriuwe op 'e amme fan 'e tiid, oant dyselde tiid se ûnkearber wer weromropt. Dizze joun wie it as hie dat wyske noch in bisûndere reden fan bistean: my ynliede yn in nije phase fan myn libben, yn in geastlik avontûr, dat iksels oproppen hie út it forline en dat ik net mear biswarre koe. En dochs hie dit in gewoane kuijer wêze kind, in tafallige moeting sûnder riedseleftichheden.
Wy kamen nou yn 'e stillere strjitten, dat fan it Suderbolwurk út. Alde gevels, yn in net to trochgrounjen wédom, stoarren del op har spegelbyld yn in oerstallich wurden grêft, dy't fan alle oanrekking mei Gods frije wetter lossnien wie. It tsjuster hinge wifkjend tusken de wâllen, dy't noch de lêste glinsters fan in koart middeisskoft biwarren. Wy rounen. En noch wie der tusken ús gjin wurd fallen. It soe nou hast wêze moatte, soe dizze moeting in doel hawwe. By einsluten hie ik it sels sa útprakkesearre, - oan my dus de forantwurdlikheit as it wierliken op neat oars útdraeide as op in gewoane kuijer mei in werfoune freon, as wie der neat bard. Ik fielde dat ik bigoun to wifkjen en my ôf to freegjen, oft men sa'n teare saek yn hannen lizze koe fan wurden. Wurden - dy greatste boarnen fan misbigryp tusken minsken. Wie it net foldwaende sà: it swijend bywêzen fan in út it forline weromkommene, in koarte, wurdleaze konfrontaesje mei hwat ûnforbidlik foarby wie, eat sûnder forplichtingen? Wie it net in dwaes ûndernimmen, dit plan, om nou, nei safolle jier, in saek rjocht to praten, dy't miskien net ienris krûm mear wie, dy't de tiid faeks al lang rjochtlutsen hie?
Ik hie my foarnommen om it to sizzen, om dit lêste pynlik plak yn myn ta birêsting ynkearend gewisse kwyt to reitsjen, - lykas in minske der soms forlet fan hat om him yn in ûnbidich geastlik offensyf to suverjen ta in net mear ierdske reinens. Allinne: hoe? Neat yn 'e atmosfear koe my op 'e gleed bringe, koe my ta fortroulikheit moanje en my oer de lêste grins tusken minsk en meiminsk liede. Yn
| |
| |
'e nije buerten fan 'e stêd, dêr't wy nou kuijeren, hearske neat as tryste legens, forlittenens dy't it hert ôfskoattele en de kiel tichtkniep, en de minske it fielen ynjoech dat er der altyd by west hat, mar yn de rol fan in nutteleas figurant.
Op it lêst, om oan 'e binearing to ûntkommen, sei ik hwat, sûnder bilang en folslein by de saek lâns. Markus antwurde net daliks, en doe't er hwat sei, die bliken, it wie ek noch heal by myn sizzen lâns:
‘De stêd hat him útwreide. Doe't ik in jonge wie, sleatsjesprongen wy hjir faek.’
‘Der sit g'roei yn 'e stêd,’ sei ik. Leafst woe ik alle jonkheitsoantinkens by myn freon ôfsnije. Moast der al oer it forline sprutsen wurde, dan moast ik dat dwaen, hy net.
It like as leine de nije buerten har oant yn it ûneinige út. Ik hie nea witten dat myn stêd sa great wie, en tagelyk sa bûten alle roai biëangstigjend en desolaet. En dochs koe 't net misse: oerdei fluiten hjir de slachtersfeinten, matsjekloppen de tsjinstfammen en tetteren hjir de draeioargels har wyskes mei barokke trillerkes en bibberige forsieringen. Nou, by jountiid, hie alle minsklikheit him út dit barbaersk gebiet weromlutsen en alles ta bút litten oan stilte en iensumens.
‘Hingest noch oan 'e stêd?’ frege ik, nuodlik ticht by it forline, dat ik dochs bihearskje woe en dêr't ik him nou de frije hân yn joech.
‘Der is net folle mear dat my lûkt,’ antwurde er, nei in skoft. ‘Mar ik dream der noch faek fan.’
Yn it ljocht fan in strjitlantearne - dy wiene hjir oars tin siedde - seach ik, dat it antlit fan myn freon skean bilutsen wie, mei djippe fâlden by noas en eagen lâns. Mar faeks wie it optysk bidroch, troch de tipelsinnige skaedwurking fan de lantearne.
De nije strjitten liken ûnúteachber. Rjocht wiene hja net alhiel, der rounen flauwe bochten yn, om in geometrysk milpunt hinne, dat kilometers fier fuort wêze moast, às it bistie alteast. Der kamen iderkear nije strjitten by, as wie dat milpunt der net om de strjitten in kâns to jaen, mar as wiene de strjitten der, wanhopige flau bochtsjend, om op 't lêst hjir of dêr in milpunt to produsearjen, dat harren in doel jaen moast. Miskien wiene wy yndied al efter de kym. Earne wie in spoarviadukt, dat net yn steat wie en brek dizze einleaze biklamming. Wy rounen der ûndertroch en kamen yn nije strjitten, like keal, like flau bochtsjend,
| |
| |
like earmoedich forljochte. Ien strjitte wie der by, dêr hiene alle huzen gelikense balkonstekjes, dy't as rûge wynbrauwen boppe lege eachkassen stiene. Logysk redenearre moasten hjir oeral minsken wenje, lykas ik produkten fan fuortplanting en fuorjen, mar it bigryp minske like hjir devaluëarre ta in ûngrypber en skimich griis, in woekering fan skimmel en ûndefiniëarbere vegetaesje. Bloed like hjir skiften ta in molke-eftige fochte, hertstocht ûntkrêftige ta de krampeftige skokken fan 'e deadsstriid.
Markus hie oant nou ta gjin bliken jown, dat er eat fan my forwachte. Hy hie my noch gjin kear oansjoen, hie noch gjin tel wifke by it folgjen fan syn paed. Hy foun syn wei kriskras út syn yntuysje wei, as skreau in dream it him foar. En dochs koed er slim in doel foar him hawwe: wy gyngen nearne hinne, hiene neat ôfpraet, hjir wie neat dat him ta in doel tsjinje koe. Hy forwachte neat, hy wist net ienris dat ik neist him roun. Hy hie ûngemurken it initiatyf fan my oernomd, en dat initiatyf fan him hie my opsûge, myn wil en myn persoanlikheit opslokt yn sines. Sa hie it altyd west, dat wist ik nou, sa hied er altyd as jonge lieding jown, sûnder dat der sichtber hwat fan him útgyng, in wurd of in wink fan syn eagen of in hantaest. Hwer't er wie, hearske er as laden mei magy. Ik hie dat nea sa field, mar ik wist it nou: hy hie de macht om syn tinzen, syn wil op oaren oer to bringen, se yn syn ban to fieren sûnder dat hja it ealgen. Syn wêzen wie in krêftsintrum dat alle oare krêften eliminearre. Nea earder hie ik it my biwust makke, nou kaem it oer my as de ûntriedseling fan in natûrgeheim.
Wy wiene nou yn in part fan de nijbou komd dêr't de huzen jit net ré wiene. Lange rigen muorwurk stiene der, healôfmitsele, steigers, kalkbakken, ljedders, - balken en panlatten dy't doelleas de hichte yn stieken. Roken fan semint, kalk, farsk hout en grounferve hingen der. De groun knarste fan opdroege betondieltsjes.
Doe kamen wy wer by de spoardyk, mar folle fierder as it viadukt, alhiel oan 'e bûtenkant fan 'e stêd. Der roun earne in sleat, dêr't heal ûntblêdde hjersttûken har oerbûgden.
Bûten de stêd wiene folkstunen, like einleas faeks as de nije strjitten, mar dat wie net nei to gean: de wrâld waerd wei, ûnder in skimerige, kleurige jounloft, yn it tsjuster. It die my nij to sjen, dat de stêd wierliken ophâlden wie. Jierren lyn koe it hjir in wyldernis west hawwe, in woaste- | |
| |
nijfan struwellen, heide en sompen. Ik hie hjir nea west, diskant de stêd, mar ik wist hommels, hjir hie, lang lyn, eat ôfgrysliks bard wêze kind, yn myn jonkheit, of eardat ik bistie, in moart, of de sûndefal of hwat dan ek. Ik bleau stean, by wize fan protest, dat my in amerij losskuorde út Markus syn macht. Ik forwachte in fizioen fan in ôfgryslike, nea opheldere misdied. Mar der barde neat yn dit forlern gebiet fan tún efter tún, de fiere foarposten fan de biwenne wrâld, fan myn stêd. Ik roun al wer. Markus wie net steanbleaun, hie allinnich efkes stadiger roun om my de gelegenheit to jaen en sjoch it sinleaze fan myn protest yn. Hy wifke gjin tel, mar keas biret syn wei tusken de folkstunen troch, dêr't ik skimen fan houtene húskes, hikjes, túnark en ôffredingen fan stikeltried ûnderskaette. Lang^ om let kamen wy suver sûnder oergong yn in leane, in boskleane, dêr't it roek nei lette ikeblêdden, en dêr't ik it bistean net fan wiste. Ik bisocht my yn it oanwinnend tsjuster to oriëntearjen. De ljochten fan 'e stêd, fier fuort, joegen in lytse oanwizing, en ek de rjochting fan de spoarbaen, dy't ik, efter ús litten, yn myn ûnthâld fêstheakke hie. Mar ta in ienfâldich Noard-Súd lieten dizze linen har net werombringe. Der rounen nammers trije of fjouwer spoarbanen nei de stêd ta, - hokker wie it? De jounsloft joech allikemin útslútsel, - yn ûnderskate streken wied er noch hwat kleurich, mar iderkear minder
al, en it wiene klear en bleat gjin oerbliuwsels fan 'e ûndergiene sinne mear, mar autonome ljochtplakken dy't har eltse amerij yn in oare hoeke fan 'e himel manifestearje koene. Mei gewelt krong ik myn tinzen somtiden werom nei it reële útgongspunt fan dizze riedseleftige reis. Mar it soe dwaes wêze, tocht ik, om nou mei myn forhael, mei myn bikentenis op 'e lappen to kommen. Hy soe it net forstean, lit stean bigripe. Ik wist ek sels net presiis mear hwat dy bikentenis ynhâldde, hwat syn konsekwinsjes wiene. Ik krige iderkear mear it fielen dat ik in hiel protte dingen dy't ik noch koart tofoaren skerp en exakt witten hie, nou net mear wiste, dat se út my weiroun wiene as wetter út in lekke tsjettel. De ûnnoazelste dingen sels; eat dat ik tsjin immen sizze moatten hie, mar hwat? en tsjin hwa?
Ynienen stiene wy, ear't ik der erch yn hie, ûnder heech, swier hymjend beamte. Efkes tocht ik oan in earder libben, doe't ik ek.... Mar sels dy gedachte koe ik net oan 'e ein ta trochtinke. Markus keas biret syn wei oant wy foar in
| |
| |
iisderen hikke kamen dy't er op 'e fiel iepentreau. It pipe en knarste ieuwenâld. De beammen kreaken djip yn har stammen. In horribele riedeleazens oermastere my. Ik wist dat ik alle oanrekking mei de réaliteit fan juster en oerdei kwytreitsje moast, dat ik gjin binul mear hie oer plak en tiid, dat ik hopeleas oerlevere wie oan in macht, dy't nou ek net mear yn Markus syn sit hie, mar earne yn in punt fan de kosmos. Alle réaliteit like jierren en jierren, ja ljochtjierren fier, gjin inkeld kontaktpunt wie der mear to finen mei hwat dagen en nachten en jierren myn aldeiske wurklikheit west hie. Al myn tinzen en bitinkens, al myn hâldingen en sykheljen, al myn sjen en hearren en fielen fan earder, wie fan 'e tiid oerstallich makke en útwiske. It iennichste dat my der mei forboun wie it bisef dat se der west hiene, west hawwe moasten. En dochs libbe ik net yn in leechte, ik koe myn tinzen fan nòu hantearje mei bûtenwenstige skerpte, ja wierskynlik dûbeld skerp, omt der sa folle út my weistreamd wie. Myn tinken wie op ien punt gearlutsen en dêrom sa oeribele skerp. Ik hie it fielen, dat ik alle molekulen fan myn omjowing stik foar stik ôfsûnderlik mei myn fingerseinen bifiele kinne soe, as ik dat woe, dat de wrâld him hjir opdie yn in nije réaliteit, dy't in inkelde kréatuer mar ienris yn syn libben bilibje mei, en dy't er dêrom allinnich al net yn syn djipste djipte priuwe kin, omt soks syn fierder libben foargoed ûnmooglik meitsje soe, omt de fordoffing dy't de wrâld nei dat eagenblik sjen lit, to deadlik is foar elke foarm fan libben. Der wiene twa gefoelens yn my, dy't mei elkoar striidden: it forlamjende fan op it bislissende stuit to koart to sjitten yn persepsjeformogen, en dat oare fan bihaechlikens, dat men jin foar de takomst in garânsje skepen hat troch hwat net to dwaen, dat men winliken yn ûnneitinkenens
dwaen moatten hie.
Wy rounen wer troch in leane, sa nou en dan oer plankjes, dy't trochbûgden oer in smel wjitterinkje, en troch piipjende hikjes, dy't knarsten yn al har knieren. Almar rounen wy, miskien yn in rounte, miskien yn in spirael dy't op himsels wer útroun. Alles wie my nou klear: ik moast my oerjaen, sûnder restriksjes, sûnder langst nei in werom, oan de twingende macht dy't yn my fear. Gjin forwar, gjin dwaes weromtaesten nei in eardere réaliteit dy't èk dwaes wurden wie. Dit wie ienfâldich de skuld dy't ik oan Markus hie, dy't ik yn wurden dylgje wold hie - krekt as wiene wurden net de dwaeste foarm fan leffens foar in skuld- | |
| |
dylging nammers. Dit wie myn boete: oerjefte, - mislearre dy oerjefte, dan ek myn boete. En sa die ik. Ik joech my meifearjend oer, lykas lju dy't yn in opsetlik meidynjen yntuïtyf it middel fine om to ûntkommen oan sésykte. Ik loste mysels op yn him dy't neist my roun en soms foar my út, as wy oer in smel brechje moasten of troch in hikje. Ik fielde suver hwat der barre soe mei my, mei ús, mei it gehiel dat wy wurden wiene, ik fielde it suver, hast, mar noch krekt net. It like op dy dream dy't ik faken haw: dat ik opsletten sit yn in smelle, lange buis, mei de oanstriid om nei de oare ein to krûpen en tagelyk it witten, dat dy oare ein der net is, omt de buis him wer yn syn eigen iepening slút. Der is mar ien middel om los to kommen út dy dream: skreauwe, myn eigen strôte iepenbrekke mei lûd en in needgjalp útstjitte yn 'e nacht. Mar dy oplossing fielde ik nou oan as in lefheit, - boppedat joech dizze binearing in oare apotheose. Ear't ik de moed ta dy leffens hie, wist ik dat Markus weiwurden wie en dochs net weiwurden. Ik fielde syn hûd yn my, ûnder myn hûd, ik fielde syn bonkerak yn my biwegen, dat it my in oare gong joech, suver de gong dy't ik fan him koe. It wie in stimme yn my, dy't
tagelyk sines wie, dy't sei: ‘Hjir is it, hjir hat it west’. Myn mûlark, wylst it dat sei, biweegde oars as oars, mei in eigenaerdich lûken fan 'e kaekspieren, lykas Markus dat dwaen moast, lykas Markus dat ienris dien hie, doe't er noch Markus wie en net my.
Ik stie as oan 'e groun fêstspikere. Ik fielde myn bonkerak as in stram, ûnbûchsum stik rjochtoppens yn my stean. Ik stoarre it tsjuster yn, myn eagen parsen har suver út 'e kassen, it wie as moast ik troch in muorre fan tsjuster hinne stjitte om yn in oare wrâld to sjen. De beammen rûzen en har stammen kroanden en stinden djip yn my, as wie ik sels myn omjowing wurden. En stadich, stadich briek der in flues fan tsjusterens foar myn eagen en ûntdiek ik de skimerige iggen fan in fiver - dat moat it west hawwe, - in langrutsen wetterflak, yn de foarm fan in minske-each. Dit wie de fiver by it âld slot, de fiver dêr't it bard wie. Hjir wie it oproppen forline wer, helder as glês, neaken as de dea en ljochter as it yn 'e wurklikheit ea wêze kind hat.
Hja hiet Eva en wie iennichst bern fan rike âlden, dy't ik nea sjoen haw, omt hja har hiele libben sliten hawwe yn 'e binearjende stilte fan it âld slot, fan de bosk, in ûre geans bûten de stêd. Dy âlden wiene minskeskou en de bosk wie
| |
| |
al sûnt minskegehûch foar eltsenien forbean. Hoewol't der gjin boskwachter wie, weage nimmen it en set in stap op dit gebiet. Eva wie alles hwat fan dit forskûle en biskimmele bistean yn 'e bûtenwrâld to sjen kaem. Ik haw nea bigrepen hoe't dy omjowing har bernje kind hat, hoe't hja dêrre, út in frouljuslichem, ta libben komd is.... In âld húsfeint mei in útstrutsen wyt antlit en in âlderwetske livrei mei koperen knopen en in earekrús op it boarst, brocht it fanke alle dagen nei skoalle yn in ponnywein en helle har wer op. Dy feint hat nimmen ea in wurd sizzen heard, - hy moat stommedôf west hawwe. Mar Eva wie moai, - moai as út in mearke. Gjin famke op ús skoalle hie dy greate blauwe eagen dêr't alle hearlikheden fan it ierdske har wjerskyn yn founen, - gjinien hie dy ljochte krollen dêr't in glâns fan jountiidsrea oer glied en dy't dounsen as hja roun, mei har fearjende, greatske gong fan jong famke dat de wrâld foroveret sûnder it to witten of to wollen. Foar ús allegearre wie hja de ynkarnaesje fan it Lok, in ôfskyn fan in oare wrâld, to goed foar dizze: it paradys sels, mar sûnder ek mar de mooglikheit op in sûndefal - dêr koe sels it feit dat hja Eva hiet net oan foroarje. Mar ûnoantaestber en ûnbirikber as hja wêze mocht, alle jonges - wy wiene doe fyftjen of sechstjen - wiene foreale op har, skreauwen har namme yn skriften en yn 'e idele romte en libben yn in frjemde adorearjende, mar ek konkurrearjende bidwelming fan forealens. Yn in omsjoch, doe't hja komd wie op it gymnasium yn 'e tredde klasse (foardetiid hie hja earne op in kostskoalle west), waerd in stel roulûdige, swetserige pubers lottere ta ridders dy't de ivige trou en de feodale hearrichheit yn 'e eagen to lêzen stie. In pear knapen dy't har fatsoen net hâlde koene
en der yn har bywêzen rûch praet útsloegen, waerden út 'e mienskip forballe. It wie in religieuze kultus, hommels sûnder ôfspraek yn ús herten wekkerroppen, en mei in absolute earekode. Der gyng in geast fan reinens troch de klasse fan it earste stuit ôf dat Eva har blauwe ûnskuldige eagen der oer dwale liet, sûnder greatskens, sûnder hearsksucht, sûnder bisef ek fan har eigen bitsjoenende macht. Dat lêste bin ik hiel wis fan, al sil men it net maklik leauwe kinne, omt greatskens en greatskens binne twa, mar mannichien mist it ûnderskiedingsformogen.
Gjinien hie in kâns by har, sa fier gyng nammers dit spul net. It wie yndied in spul, dêr't elkenien oan meidie en
| |
| |
dêr't gjin prizen by to biheljen foelen. Op syn heechsten mocht ien har tas drage it skoalleplein oer, om bileanne to wurden mei in glimke fan dy eagen, sa ûnoantaestber, sa ûnlichaemlik, dat it him mei-iens it rjocht ûntnaem en wês der greatsk op, en praet der oer sels. Mear waerd der net forwachte, al hawwe faeks party ûnder uzen yn stilte en mei in bittere neismaek dreamd dat hja har út it wetter rêdden of út 'e kloeren fan rovers, en al sille de legere natueren ûnder ús miskien yn 'e dream de hannen net fan har ôfhâlde kind hawwe.
En alles hie miskien sa bleaun, wie net neigeraden oan it ljocht komd, dat der ien wie, dy't by Eva mear mocht en mear koe: Markus. Dy wie de bêste learling fan 'e klasse, mei in bisûndere, ik mei wol sizze: geniale oanliz foar de klassike talen, Eva har sterkste nammers net. Dêrby wie hy, net neffens jierren, mar wol nei de geast, de âldste fan 'e klasse, de wiiste, de lieder. In jonge fan in yngreven aerd en bûtenwenstige formogens, sûnder dat er it sels wiste. In jonge lykas men ien op 'e tsientûzen of miskien noch minder oantreft. En fan al dy adorearjende en op in distânsje forôfgoadzjende jonges wie Markus noch dyjinge dy't it meast as Eva gelikense die en hannele. De toan dy't nimmen fan ús tsjin har fine koe: dy fan gelikense en kammeraet, foun hy samar, ienfâldich troch to wêzen dy't er wie. Dit makke yn 'e oare jonges in stille, mar djip ynfrettende oergunst wekker. Binammen doe't bliken die, dat Markus ien of twa kear yn 'e wike by Eva oan hûs kaem, dat geheimsinnich hûs dêr yn 'e forbeane bosk, om har de taelkundige en aesthetyske geheimen fan Caesar en Homerus to iepenbierjen. Markus, it moat sein wurde, wie dêr net greatsk op. En dochs siet der yn syn hâlding fan mei alle gewelt it sjen to wollen as de gewoanste saek fan 'e wrâld foar ús hwat dat oanstjit joech. As er dat fielde, praette er fan in great túnfeest op it Slot, dêr't wy allegearre, de bern út 'e klasse, noege wurde soene. In túnfeest mei lampions en in greate dounspartij. Foar myn fielen sei er dit allinnich mar om ús oan 't lyntsje to hâlden, mar guon trapen der altyd wer yn, al kaem der fan it feest sels nea hwat op 'e hispel.
By de measten yn alle gefallen joech Markus syn hâlding argewaesje. De jaloerskens friet troch, djip yn alle jongesherten fan 'e klasse. Hwat earst in soune, miskien hwat al to brave en ridderlike mienskip west hie fan sportive riva- | |
| |
liteit yn it ûnskuldige, waerd linkenoan in poel fan kwealaster, gemien praet, komplotten en strideraesjes. It moat sein wurde, dat binammen de oare famkes fan 'e klasse, dy't har tokoartdien fielden en út 'e oandacht fan 'e jonges weikrongen, dêr net swak yn byspilen. Hja stokelen de jonges op om Eva to skouderjen, en mocht dat net slagje, dan wjirren hja har wrok op Markus, wittend dat men yn him har it bêste reitsje koe.
It hat gjin doel, hjir in oersjoch to jaen fan al dat yntrigearjen en stokeljen dat sa linkendewei yn 'e klasse as in kanker ynfriet. It die ynearsten gjin fortuten, omdat it Markus net út Eva's gunst forkringe koe en ek har âlden sa't like harren seine oer dy omgong joegen. Allinne it túnfeest waerd stadichoan wei, en as de jonges Markus der mei húnden, dan seach er, lyk as ik him altyd yn de jierren fan ús skieding foar my hawn haw: mei dy eagen dy't troch in muorre nei in oare wrâld trochstjitte woene.
Iksels die oan it gestokel earst net mei, omt Markus wie myn bisûndere freon, en ik hope dat fan syn gloarje ek hwat op my oerstrieije soe. Miskien hope 'k wol, dat ik troch him, nettsjinsteande myn fiven op beide klassike talen, ek ris op it Slot noege wurde soe. Markus wie myn freon fan jierren tobek en ik hie my alhiel oan him forslingere. Mar de gefoelens fan foreale wêzen gyngen my ek net foarby. En troch Markus syn bifoarrjochte posysje waerd my de wei ta Eva ôfsletten, Yn 'e groun nammers wie ik eang fan har: as hja my oanspriek krige ik in kaem en stammere dat it sahwat die. Boppedat miende ik to fornimmen dat myn freonskip mei Markus der net hechter op waerd, der ûnder to lijen hie. In kearmannich kaem it my oer, dat er, as ik him helje soe, krekt nei 't Slot moast.
Miskien wie it allinne mar dat Markus ûnder de ynfloed fan hwat ik seach as syn leafde oars waerd en gjin nocht genôch mear hie oan myn jongeseftigens, myn boartlikens. Miskien hie it hiel oars West, as ik de moed hawn hie en praet mei him oer myn eigen forealens. Miskien is it ek oars net as forbylding fan my, in gefolch fan myn gefoelens fan minderweardichheit foar him oer. Yn alle getallen, fan alle jaloerske jonges wie ik mei gauwens de minst ûnskuldige, de kweadaerdichste. Tsjustere dingen sweven der troch myn brein. Ik fielde my forret en tokoartdien, ik sinde op wraek. Ik bigoun Markus ynwindich to haetsjen om syn charmante en argeleaze omgong mei Eva, syn manearen
| |
| |
fan hert-foroverjen, om it gelok fan syn leafde mei dat ûnbirikber famke fan hege, aedlike komôf, - wylst hy mar fan hiel ienfâldige âlden wie. Syn heit hie in winkeltsje yn twaddehâns guod, earne oan in stille strjitte by it Westerbolwurk. Dy heit wie in stille man mei in lijerich antlit en in kleur fan âld parkemint. Syn mem wie hast altyd siik, en as hja net lei, suchte en stinde hja en kibbe mei in kwinend lûd op 'e bern dêr't Markus de âldste fan wie. Ik kaem net graech by harren oer de flier, omt der wie gjin húslik libben, mar in tryste, goare sfear, dy't al to skerp ôfstiek by de fleurige en libbene helderens by ús thús. Markus praette nea oer syn âldershús, mar soms fornaem ik oan him dat it him dwers siet, bygelyks as er by ús thús siet en hy ús memme frage, hoe't it by him thús wie, bianderje moast mei in plichtmjittich en skynhillich: ‘Goed, mefrou’,
Op in dei, sûnder it sels to sykjen, ûntdiek ik it middel om Markus to treffen en mysels fan myn jaloerskens to ûntlêstigjen. Ik moat der by sizze, dat wy yn namme noch altyd freonen wiene, dat der gjin wurden fan fijanskip tusken ús fallen wiene en dat Markus der nea aen fan hawn hat hwat der yn my omgyng. Doe't ik in neimiddei by him kaem om him op to heljen, wie it yn 'e hûs efter it winkeltsje mei de muffe rook fan âlde stuollen, formôge klokken en allerhande koperen en tinnen rommel, in heidensk leven. Hja hiene it gean fan de winkelskille by myn ynkommen net heard, sa gyng it der oan wei, en ik, oangrypt fan nijsgjirrigens en sensaesjesucht, sloep troch de winkel en luorke troch ien fan de lytse gleskes de keamer yn. Hwat ik dêr seach joech my in skok. Markus en syn heit stiene foar elkoar oer. De heit stie wippelich op 'e skonken en fortoande al de uterlike tekens fan in dronkene man. Ynienen krong it yn my op, ik hie myn âlden wolris tsjin elkoar sizzen heard, dat Markus syn heit oan 'e drank wie. En foar him oer stie Markus mei de fûsten omheech, bûten himsels fan razernij. Hy skreaude freeslike skelwurden, en doe't syn mem, dy't ek yn 'e keamer wie, him delbêdzje woe, reage er har mei in wrede hantaest oan 'e kant, sprong op syn heit ta, joech him in stomp en jitris, dat de man efteroer foel en yn elkoar sakke as in wiete skûldoek.
Ik hie, kâld fan skrik, it toaniel in skoftke stien oan to sjen. Doe wist ik genôch. Markus wie net dy't er like. Hy sloech syn heit. Syn heit wie ek net hwat er like: de stille,
| |
| |
lijende man; hy wie dronken, hy wie oan 'e drank. Dit wie in húsgesin dêr't de sfear troch ende wer troch forpest wie. Spyt en forachting snieën skerp troch my hinne. Nimmen hie my sjoen of murken, - ik gyng efterút, hâldde de winkelskille mei de hân beet, dat er gjin lûd jaen soe, en draefde fuort, de skrik noch yn 'e skonken.
It toaniel hie my djip oangrypt, djipper as ik wêze woe. En soms kaem der in skimer fan bigreatsjen mei Markus yn my op. Mar oan 'e oare kant - Markus spile in rol. Foar de bûtenwrâld oer, op skoalle en op it Slot spile er de moaije menhear, die er him tige eptich en charmant foar. En mei't ik dat bitocht, fear it-ûnminsklik, divelsk plan yn my, om mei dizze nijwoune witnis Markus by Eva en har âlden ûnmooglik to meitsjen. De âlden ommers wiene lju fan âlde, hege adel, en dat hja Markus by har thús lieten, dat hy Eva helpe mocht by it learen, dat koe allinnich, omt hja gjin witten hiene fan it formidden dêr't Markus weikaem. Hwa soe it harren fortelle, - wylst hja mei nimmen út de hiele stêd gedoente hiene en alhiel yn parkeminten ôfsûndering libben op har iensum slot?
As ik it nou trochtink, wie it in dwaes plan, dat krekt like goed mislearje kind hie: hwat wist ik fan dy âlden, - miskien joegen hja der neat om, seagen hja allinne nei it geve aerd fan Markus sels. Hwerom soene hja acht slaen op praetsjes dy't Eva fan skoalle mei thúsbrocht en dy't sa wif wiene as de wyn? Mar hoe dan ek, myn plan slagge, earder en makliker as ik tinke kind hie. In lyts briefke mei in fordraeide hân skreaun: ‘Markus slacht syn âlden en syn heit is in sûplap’, dat sa kwânswiis yn 'e klasse loslitte en soargje dat it de kant fan Eva opgyng, wie in lyts kunstke, tomear omt elk wol helpe woe: allegear, jonges en famkes, hiene hja langer de pik op Markus yn. Ik seach yn spanning nei Eva, hoe't har réaksje wêze soe, en ek dat wie krekt sa't ik it miskien net forwachte, dan dochs hope hie. Hja lies it briefke, waerd wyt om 'e holle en sei de hiele les gjin wurd mear, hoewol't it in tekenles wie en men dêr, as it net to gek gyng, prate mocht. Myn pylk hie syn doel rekke, dat fornaem ik al ridlik gau. Hwat der krekt bard is, bin ik nea efterkaem, miskien hat it briefke sels net genôch west, mar is it folge fan oare ynformaesjes. Wis is, Markus hat nea wer op it Slot west.
Koart dêrnei waerd Eva siik en moast fan skoalle ôf. Forbining tusken Markus syn ûngenede en har siikwurden
| |
| |
woe ik net sykje. En ús wiffe jongesbilangstelling wie har mei gauwens forgetten. Boppedat, de oare fammen, de tokoartdienen, woene nou graech de gunst hawwe. Mei gauwens wie it tusken Markus en my wer as by âlds ek fan myn kant. Oer syn striid om Eva hat er nea in wurd loslitten. En dochs haw ik oan him fornimme kind, hoe't it him dwers siet, hoe't er der ûnder lit hat. Hy wie nei dit barren foroare: hy waerd stiller en swijsumer, iensumer ek. Ut dy tiid datearret it lûken mei syn kaken as er praet. It moat him yn syn djipste wêzen oangrypt hawwe. Ik wie noch mar in jonge, en bin it noch lang bleaun, dat ûntskuldiget in heap miskien, mar ik fiel hoe't Markus troch dit iene barren, al wied er noch gjin sawntjen, net langer in jonge wie, mar in man.
It ôfgryslikste lykwols komt noch. Op in middei dat ik fleurich en wol út skoalle thúskaem, hearde ik fan myn âlden, dat Eva deal út in fiver ophelle wie. Hja hie in skoft siik west, mar mocht wer yn 'e bosk kuijerje.
It riedsel, dat as diggelfjûr troch de stêd gyng, is by myn witten nea oplost, nimmen hat ea witten oft hjir in misdriuw yn it spul wie, of in ûngemak, of dat hja harsels tokoartdien hat.
Ik haw sein: ik wie noch mar in jonge. Dat bitsjut, dat it riedsel, dat by ús thús yn 'e hûs ek wolris oansnien waerd, mei gauwens út myn siele weisliet. Ik haw der altyd gerêst oer west, dat har dea mei myn briefke neat to meitsjen hie. Mar earne yn my haw ik altyd witten hawn fan in swak sté, dat ta in groede waerd, in groede dy't soms pine die.
Markus roun de skoalle net ôf, mar die út 'e fyfte klasse wei Steatsexamen, krige doe in beurs en gyng nei it bûtelân, dêr't er studearje koe en him yn koarten tiid ta in klassikus fan namme oparbeide. Hy en ik hawwe nea oer Eva har dea praet.
En dit riedsel sprong nou, wylst al de dingen dy't ik hjir sa soarchsum en woloerlein delskreaun haw, as yn in flits foar myn eagen lâns skeaten - lykas men seit dat in drinkeldeade syn hiele libben yn forkoarte foarm foar him lâns driuwen sjocht - mei nije foarsje yn my op: soe it nou lang om let oplost wurde?
Ik wit net mear hoe lang as ik dêr stien haw, mei Markus yn my. Alle bigryp oer tiid wie my ûntdreaun. Ik fielde in witten fan in ûneindige tragyk oer my kommen, tragyk dêr't
| |
| |
ik skuld mei oan hie, foar safier't men skuld hàwwe kin oan tragyk. De forbining tusken myn briefke oan 'e iene en Eva har siikwurden en har stjerren oan 'e oare kant, dy't ik nea lizze wold hie, dêr't ik my altyd foarwei wynd hie, oant ik net mear koe, wie nou wissichheit wurden. Ik hie it west, dy't Markus syn dream oan stikken skuorde, mei de wrede, ûnneitinksume hannen fan in jonge fan sechstjen jier.
Mar alle tinzen dy't ik hie wiene mar flakkeringen, ûnrêstige wjerljochtflitsen yn myn brein, dat alhiel oermastere waerd fan de forskrikking dy't troch myn eagen boarre yn myn wêzen op. Boarre, yndied, - hwant wylst ik dêr sa stie mei Markus syn skelet as in stiif stik matearje yn my, seach ik as yn in hallucinaesje - efterôf bisjoen moat it dat west hawwe, oars kin 'k it net forklearje - in hân, in wite hân ljochtsjend boppe de skimerige wetterspegel útstekken, in hân, mar winliken wie it net in hân, oars net as fiif fingers, dy't, op 'e selde distânsje fan elkoar ôf as yn in gewoane minskehân, dochs gjin forbân mei elkoar liken to hawwen. Dúdlik seach ik de fiif fingers biwegen, wetter dripte der ôf, de fingers krampten yn deadsstriid. Ik stie oan 'e groun fêstnagele, biseten fan skrik en kjeltme om dit forskynsel. Tagelyk hearde ik in sêfte, mar wanhopige klacht, in kjirmjen fan wédom, dat my troch ieren en sinen gyng, in kreunen dat net út 'e beammen kaem, mar út in oare wrâld, út it tsjuster skimeryk ûnder dat wetter, dat forflokte wetter dat my oanstoarre mei syn biskuldigjende foarm fan minske-each.
Doe waerd it stil en kaem it rûzjen fan 'e beammen wer op my del. Tagelyk sakken stadich de fiif fingers wer ûnder de wetterspegel.
Jitris, ik wit net hoe lang as dit allegearre duprre hat. Miskien wie it mar in part fan in tel, in flits, - mar in flits dy't my de ivichheit yn it antlit sjen litten hat, in flits dy't my in forbining boarre hat mei dat hwat wy minsken net witte en nea witte sille.
Nei in skoftsje fornaem ik dat der hwat út my weifloeide, in spanning, in bisetenens, ik fielde mysels ôfgryslik wurch wurden, - myn knibbels wiene sa swier as lead en stiif as in planke. Myn hert bounze noch en alles yn my skokte. Doe fielde ik ynienen Markus syn hân út mines gliden en it wie, as kearde 'k, loswurdend fan de krêft dy't fan him yn my oerstreamd wie, wer ta mysels, ta myn eigen lichem
| |
| |
werom. In skoft hiene wy ien west, ien en deselde, in chemyske oplossing fan ús beide, nou ûntboun dy oplossing him wer yn twa persoanen, twa wêzens, twa freonen.
Wy gyngen werom en lyk as foartiid wie it Markus dy't my laette, sûnder wurden of sichtbere tekens. Noch altyd fielde ik dat der in oerbliuwsel fan syn geheimsinnige krêft yn my libbe, dat ik noch roun en tocht yn de strielen fan syn macht. Mar dy krêft naem ôf, en al neigeraden dat geheim wykte, wie ik my biwuster fan de wei dy't wy gongen. Sels wist ik nou, dat it in gewoan paed wie, de bosk troch en dat op nei de greate strjitwei dy't fan it Suden út nei de stêd laette. Us hiele omwei fan foartiid hie allinne ta doel hawn om Markus en my ré to meitsjen. Wy sweijen noch altyd, yn my trille hwat nei fan de eangstme en Markus hie ek gjin forlet fan praten. De fraech nei de sin fan dit avontûr wie it nou, dy't him oan my optwong. Hwat hie Markus mei my foarhawn, hwat hied er sizze wold, yn de foarm fan dit skriklik barren, dat er foar my oproppen hie? Ik koe mar ien forklearring fine: hy hie my myn skuld fiele litte wold. Mar hwat wist er dan fan my, - wist er fan it briefke, dat ik it skreaun en loslitten hie?
Yn in stoarm fan fragen roun ik fierder. En de greatste frage fan allegearre wie wol: sil de saek ta in oplossing komme? Hwant ik krige iderkear mear it fielen, dat Markus sa weiwurde koe, him yn it tsjuster weirane litte en my foar ivich efterlitte mei in riedsel dat my nôú net mear loslitte soe, mar ivich hjitfolgje.
En sûnder dat ik it mear fan doel wie, allinnich út eangstme dat er fordwine soe sûnder it riedsel op to lossen, kaem ik yn ienen mei myn bikentenis. Ik hie it sein ear't ik der erch yn hie:
‘Witstou hwa't yndertiid dat briefke skreaun hie?’
Ik hie it fielen dat er my net-bigripend oanseach, fansiden. Moast ik him it hiele forhael dwaen fan de rûzje by him thús, fan it briefke, fan Eva har réaksje? Mar ear't ik dêr oer út 'e rie wie, foun er wurden, hiele gewoane wurden, útsprutsen mei in gewoan lûd, it lûd dat' er earen hawn hie, allinne hwat âlder miskien, mear fan in folwoechsen man, en ek wurch, as nei in swier krewei:
‘Dat briefke...., o.... dat doe yn 'e klasse roungyng....? Né, ik haw nea witten hwa't him dat lapt hat. It wie in flauwe streek. En ek net botte fair, sa is 't al.’
| |
| |
‘Mar bigrypst it dan net?’ rôp ik ynienen, folle lûder as nedich wie, mar út in soarte fan ûngeduld wei: ‘Dat haw ik dien, ik, dyn freon, út oergunst, út leffens, út.... neam mar op, omt iksels gjin kâns by har hie. Dát is hwat my altyd dwers sitten hat, al dy jierren lang. Dat is hwer't ik dy om roppen haw en mei dy ôfsprutsen joun. Bigrypst it dan net?’
Ik hie it der hurd en rou útstaet, as woe 'k dêrmei myn skuld forswierje. Lang om let wie ik it nou kwyt, hwat sa lange jierren ûnfortard yn myn gewisse forskûl lein hie, oant ik dizze dei ornearre hie om it yn in skuldbikentenis to fortarren. Ik foel yn in leechte, nou't ik it kwyt wie. Hie ik forwachte, dat de wrâld der om foroarje soe? Of dat Markus my oanfleane soe en de eagen út 'e holle klauwe sûnder forwar fan myn kant? Miskien, mar it barde net.
Markus syn lûd forrette gjin spyt, gjin wrok, gjin binijdens suver, doe't er sei:
‘Soa, wiestou dat? Moat ik dy dêr tankber foar wêze?’
Der wie in irony yn, dy't ik net fan him koe, en dy't nei it sarkasme útskaeide.
‘Tankber?’ frege ik. ‘Hwerom formoardest my net, hwerom sjitst my net foar de kop,..... hwerom....’
Hy lake, wrychtsjes hy lake, wylst ik miende dat er it laitsjen forleard wie. Hy bûgde fortroulik nei my oer:
‘Dat briefke hat my de eagen iependien. Hja liet it my lêze, nei skoaltiid. En seach my oan en-frege: Is it wier, hwat der op stiet? Ik sei ja. It wie de wierheit, en sels net iens de hiele wierheit. Op dat stuit wist ik dat ik har net wurdich wie, dat ik my oan in kranksinnige dream forslingere hie, ik soan fan in sûplap, ik, dy't sels.... Mar lit ús dat foar letter biwarje. Leafde tusken har en my - it wie bispotlik. Myn idéael wie kapot, mar it wie in idéael dat ik yn grinsleaze heechmoed droegen hie en opkweekt. Letter haw ik mear bigrepen, doe't myn âldelju in chèque tastjûrd krigen mei myn lean foar de lessen yn Latyn en Gryks.’
‘Dat sil wol in útfynsel efterôf west hawwe,’ sei ik, noch net bikommen fan myn forheardens, ‘hwa wit út wraek.’
‘Né,’ andere Markus, ‘op dy chèque stiene de lestiden fan minút ta minút oantekene. Efterôf hiene hja dat allegear net mear útfiskje kind. Ik wie gewoan ien fan de
| |
| |
boaden, de gelikense fan dy stommedôve húsfeint, witst wol.’
‘En dat túnfeest dan?’
‘Dat tûnfeest,’ sei Markus, glimkjend by it tobinnen bringen, ‘o ja, dat wie it hichtepunt fan myn oerspande fantasij. Dat hie ik om myn gloarje hinnespoun. Ik seach mysels al - it dounsjen iepenjen mei Eva, en har âldelju op it bordes.... Dy âldelju dat wiene noch al guods foar in túnfeest. Brr....’
‘Noch ien ding,’ sei ik, ‘soe ik fan dy witte wolle, oars is my dat fan joun net dúdlik. Wie it in ûngemak, in moart of in.... selsmoart?’
‘Dou bidoelste: oft har dea winliken dyn skuld net west hat?’
‘Ja, dat bidoel ik,’ sei ik lyts, en tagelyk mei in fielen fan opluchting om syn loftige toan, syn pleagjende irony suver.
‘Dyn konstruksje is yndied sa gek net,’ andere Markus. ‘Mar dou forjitst ien ding: dat briefke stie de wierheit yn. Of leaver: wie noch lang sa slim net as de wierheit. En dêrom is dyn konstruksje ryklik nayf.’
Hy swei. Wy wiene nou yndied op 'e strjitwei nei de stêd, tusken it forkear. It wie in gewoane jounkuijer wurden, lykas wy earen wol trije kear yn 'e wike hâldden, soms. Yn 'e fierte seagen wy lyk as doe de bitroude ljochten fan de stêd flûnkerjen. En dochs wie ik der net gerêst op. Yn my bleau it forlet fan in ûntlading. It wie as rette Markus myn tinzen. Hy bleau hommels stean en socht myn eagen. Wy stiene ûnder in strjitlantearne. It skaed fan syn hege foarholle dounse oer syn antlit.
‘Sil ik earlik wêze?’ Ik knikte.
‘Dou hast my hjir roppen omdatst in skuld dylgje woest, is 't net sa? Dat briefke lei dy swier op 'e mage. It is ek sa: winliken wie it in rotstreek fan dy. Ik haw it libben der lang om hate. It hat my kapot makke doe. Dat silstou as notarissoantsje wol nea goed bigripe, hwat der doe yn my kapot gien is....’
‘In rotstreek,’ sei ik, ‘om gjin slimmer wurd to brûken.’
‘In rotstreek. Mar wês gerêst. De greatste rotstreek is oan myn kant. Miskien haw ik joun ek in skuld dylge. Dat briefke wie in straf dy't oankaem, mar mei rjocht. Der hat noch in oar briefke west, mar dêr hastou nea witten fan hawn.’
| |
| |
It bigoun my to draeijen. Skuld.... gjin skuld.... al skuld....?
‘It wie selsmoart,’ sei Markus. ‘Mar net om my en net om dat briefke fan dy. Om it briefke fan har, dat ik dy nea jown haw. Hjir is it.’
Hy taestte yn 'e bûse en joech my in toknûkere fodtsje papier. Ik lies it ûnder it ljocht fan de lantearne:
‘Henri. Kom joun om healwei fiven yn 'e bosk by de fiver. Eva.’
Aug. 1950.
|
|