[Nummer 2]
Meidielingen:
Nei 't ‘Het Parool’ fan 16 Febrewaris ús fornijt, sil de hear H.A. Gomperts de resultaten fan syn ûndersiik nei de hjoeddeiske foarbylden fan ‘breidelloze excessen’ yn de Frisiomany ynkoarten oanbiede, yn de foarm fan in artikel foar ‘De Tsjerne’, dat yn ien fan de folgjende nûmers opnommen wurde sil.
Nei alle gedachten yn it Maert-nûmer pleatse wy in artikel fan ús Eastenrykske meiwurker Dr. Johann Lentner oer Georg Trakl.
Us lêzers yn 'e omkriten fan Snits diele wy mei dat der mids Maert to Snits in Tsjerne-joun hâlden wurde sil, yn 'e mande mei it Snitser Frysk Forbân. Neijere meidielingen hjiroer folgje mei gauwens.
De Redaksje.