Oan de hear H.A. Gomperts, frisiopaeth.
Snits, 12 Jann. 1951.
Achte Hear Gomperts,
Wy hjir yn Fryslân kenne Jo as de ûnfolpriizge creator fan de ûnfolpriizge fynst oer it ‘locaal bargoens’ to Dokkum en omkriten sprutsen en blykber ek skreaun. Wy, mei ús ivich minderweardichheitekomplex, hawwe dêr fansels tige serieus en djipdollerich op reägearre en oer de kop sjoen dat Jou formule as utering fan in bipaelde folkshumor sûnder mis tige slagge is. Jo ommers binne yn Jou taelgebrûk interlokael forboun (mei trochforbining nei Parys), en hwat wy sprekke sil Jo dus grif as in boevetaeltsje yn 'e earen klinke. Yndied binne wy in stel boeven. in lânsforriederlike clan, in samling oproerútbrieders, dy't yn lêste ynstânsje net oars wolle as de Nederlânske steat en alle Hollanners mei of sûnder trochforbining de rêchbonke brekke. Foar Jo binne wy mei ús Tsjerne dan ek like lokael as foar ús b.g. it deiblêd ‘Het Parool’ lokael is, ntl. lokael Amsterdamsk. Hwer lies ik ek al wer dat ‘Het Parool’ op 'e ‘Heerenveense Koerier’ nei (of wie 't krekt oarsom?) it bêste regionale blêd fan Nederlân wie?
Ik neam dat ‘Parool’ hjir net sûnder opsetsin. ‘Léés-die-krant’ hat in swak foar Fryslân, binammen as hjir in moaije lustmoard bigien is of in straeljager delknoffele. Okkerdeis lies ik yn dat blêd ek, dat Fryslân al lang in bigearich each smiten hie op it eilân Urk, om dat to brûken as ‘wingewest’. Sjoch, soks is freonlik èn wier. Hwant hwa soe net graech in op 'e tried ta ôfsliten ‘afleggertje’ fan Noard-Hollân oernimme? Ik bigryp nou ek hwerom as Oerisel hommels sa ryk wurden is.
Jo nou, achte hear Gomperts, sitte yn (of op) 'e redaksje fan dat ‘Parool’. It falt net ta om opfolger fan Vestdijk to wêzen, mar oant nou ta switte Jo it der aerdich goed ôf. Binammen lies ik mei great noft Jou bisprek fan de dissertaesje fan Dr. Tj.W.R. de Haan oer ‘Volk en Dichterschap’, dêr't Jo sa goed oer to sprekken wiene. As ik goed bigryp. hwerom't Jo sa wiis mei dat proefskrift binne, is it net om 'e algemiene strekking dy't it hat (in pleit foar in better forstean tusken ‘folkskunst’ en ‘individuële kunst’ en sels ta in hichte in partij kiezen tsjin dy individuële kunst) mar omt Dr. de Haan, as in ‘verlicht folklorist’ ôfrekkenet mei in mannich romantyske hillige húskes oangeande it kreätyf formogen fan it ‘folk’. Ik bigryp nou ek skoan hwerom't Jo sels ek fan 'e weromstuit oan 't ôfrekkenjen slein binne. Hwant dy saek fan dat ‘Oera Linda boek’, tja, dat is noch altyd in gemiene hurde oast yn ús lichem. It read giet ús noch altyd oer de kaken as wy dêr oan tinke. Dêrom is it goed, dat Jo jitris ôfrekkenje mei.... ja hwermei winliken? Dat it O.L.b. in ôfrekkening wie mei de Frisiomany fan in mannich 19de ieuske Ljouwerter liberale boargerhearen dy't meastepart gjin wurd Frysk prate woene en koene, mar har ‘Het Friesch Genootschap’-mei-noch-in-sturt neamden, wisten wy al lang. Yn safier bringt Jou requisitoir gjin nijs. Mar Jo soene Jo net wêze as Jo der dochs net in nij elemint yn brochten. Lit my Jo it wurd jaen:
‘Het hoofdargument tegen de echtheid blijft evenwel de kolderieke