essayistysk wurk ken en wurdearret. En al hie de oersichtlikens fan it gehiel better kinnen, bygelyks troch in paragrafe-yndieling fan de haedstikken (sa't de promovendus ek al efter de griene tafel wei to hâlden jown is), oer 't alg'emien is it him aerdich slagge om syn ûnderwerp, sa dreech as it is, op in bigryplike wize to bihanneljen, en hy forsideboartet net efter ymponearjende reekgerdinen.
Nammers, dy taktyk is him ienfâldich ek net mûglik, mei't er fan bigjin oant ein yn it offensyf is - of eins yn in stik of fjouwer offensiven tagelyk. En dêrmei komme wy op 'e ynhâld fan it proefskrift.
De oanlieding ta dizze stúdzje is in ûntdekking. Untdekking liedt ta forovering; en forovering bitsjut oanfal, ‘agressy’. Sierksma syn doel is synthese en harmony (ss. 19, ff., 28, ff., 177, 184, ff., 211, 214, ff., 219, ensfh.); mar syn methoade is de striid, op ûnderskate fronten, en it is him tinken: ‘Wetenschap is naar onze overtuiging niet een bomvrije kazemat, maar een centrale sector in het West-Europese gevechtsterrein’ (s. 15).
It (logysk en chronologysk) earste offensyf, dat yn 'e bineaming' komt, is winlik in stellingoarloch, ûntstien út in guerilla, dy't likernôch tolve jier forlyn to Grins al ynsette. Dy striid gong en giet jitte om it goed rjocht en de wittenskiplike needsaek fan de fenomenologyske methoade.
Hwat wy dêroer yn dizze dissertaesje tsjinkomme, is alderearst in histoarysk oersjoch (haedstik I) oer de ûntwikkeling fan de godstsjinstwittenskip yn fenomenologyske sin tsjin de dogmatyske theology yn, en fierder bynammen in pear duels, mei in Roomske psycholooch (E.A.D.E. Carp) en in Calvinistysken-ien (H.R. Wijngaarden), (ss. 120-126). Alhoewol't dizze polemyk net inkeld mei it spesjale probleem fan dit boek gearhinget, mar krekt om't hja de foarûnderstellings dêrfan en fan it hiele fak rekket, liket it my foar in goed bigryp fan bilang ta om der inkelde stikken út oan to heljen, dy't oan dúdlikheid neat tokoart komme:
‘De phaenomenoloog heeft alleen te maken met de religieuze mens en met diens voorstellingen, ook diens voorstellingen van een god of van goden, qua phaenomenen. Hij heeft niet te maken met God, zoals deze op zichzelf of in zijn openbaring eventueel is (....) noch de psychologie, noch de phaenomenologie (hebben) het recht om zich buiten de grenzen van dit slechts psychische te wagen. Van der Leeuw wijst er op, dat hetgeen voor de godsdienstwetenschap het object der religie is, voor de religie zelf subject is: “Dans la religion c'est Dieu