andere it koar, ûnwis, ûngelyk. Alles wie treasteleas, wêzenleas.
Unútsteanber foar Jelmer. Hy koe it net úthâlde, woe skreauwe, flokke.
Koed er mar gûle.
Mar hy die it net. Hy wachte ûnrêstich op 'e ein, ûnrêstich gyng er mei op 't tsjerkhôf.
It slaen fan it krús op 'e kiste, it smiten fan 'e modder, it bounze yn syn earen as wyld wetter by stoarm. En altyd reinde it noch, dizich.
De minsken stiene klomsk, roungear. Froulju loeken oan 'e walen, de manlju wreauwen yn 'e hannen.
De deadsklok let, let syn selde lûd, yn elke sekonde, itselde lûd, dy iene slach; o, dat narjende lieden, lieden fan dy iene klok. To'n ein, to'n ein, to'n ein, altyd herhelle, to'n ein. As de drip stadich op 'e holle fallend, deselde mjitte hâldend, falle, en wer falle; as snoarkjend seagjen, dat nea wer ophâldt, jin idioat makket en ûnrêstich. To'n ein, altyd wer to'n ein, to'n ein.
Hy siket om de hân fan syn broer.
‘Auke, ik hâld it net út. Ik wurd gek.’
De wurden binne swak, hy fielt him net g'oed. En dy klok let noch, let troch, liede, liede, to'n ein, to'n ein.
* * *
't Is dien. De lêste slach, sêft en hurd. It tsjerkhôf is leech.
Jelmer wol net mei nei boppen, om in brogg'e.
‘Ik bin net goed’, seit er, ‘ik gean nei hûs.’
Wurch komt er thús, mislik, wiet.
Hy komt yn 'e foarkeamer; der is gjinien. De faem grif yn 'e koken.
Dêr stiet de widze. It fine kleed der oer. In lyts famke sjocht him oan, wiidiepen eagen, knûstkes nêst de skouders.
De eagen fan Wytske, tinkt er. Wytske.. lytse Wytske..
It jowt him rêst. Hy sykhellet, djip.
Nimt it lytse hantsje yn syn greate hân. Laket it lytse ding?
Syn libben is net alhiel stikken, né, net alhiel.
‘Is it al dien, boer?’
‘Ik haw net boppe west, Dynke, 'k wie net goed.’
‘Wol de boer hwat kofje?’
‘Né, lit mar. 'k Sil my forklaeije.’