De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] Hindrik J. Brouwer: It liet fan it ljocht. Foar Mem. Ut leafde komt alles, Ta leafde keart alles, Yn leafde hat alles syn bistean. - Gloede, bistrielje ús, Gloede, bisielje ús, Gloede, ûntflamje ús djipste kearn. Baern út ús herte wei Al hwat dy tsjinstean mei. Meitsje ús ré, Dat út dyn glâns en ljocht Us libben glânzje mocht, Beaken yn sé. Stjûr yn ús njûre nacht Sein fan dyn hege wacht - Dêr't leafde it tsjuster omspielt - Dat ús de wei oanwiist, Dy't ta dyn hichten riist, Dêr't elk oan dyn hearlikheit dielt; Dêr't leedzje wille wurdt, Langstme bistille wurdt, Frede de romte for-klearet; Dêr't alles swije sil En yn oanbidding stil Dyn ljocht forearet. Vorige Volgende