De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 20] [p. 20] Tsjits Peanstra: Dream-eilan. O, dream fan stil bigearen Hwer fynt myn herte rêst? Mocht iens it tij dan keare. Hwant wurdt in lôge dwêst Dy't út it djipst forlangen Ta hege himel kliuwt? Gjin wyn dôvet har sangen Sels har meldije bliuwt. O mocht ik oan myn seamen Dyn drôf-sêft rûzjen hearre. Dán eilân fan myn dreamen Dán kin ik lokkich stjerre. It deade doarp. De loft wie read noch, fan 'e lêste fjûren En yn 'e fierte boldre noch 't gewelt. Mar yn dit doarp forlear de dei syn ûren En hie de dea oer 't al syn wetten steld. De holle finsters gappen yn it tsjuster En liken wêzenleas en stom en blyn. It libben hie gjin moarn en ek gjin juster Hwant 't stoude mei de jiske yn 'e wyn. Sa gongen dei en nacht allyk forlern En losten ljocht en dûnker op yn skaden. Mar efter de tobroazele barrikaden Socht noch in roazeleat syn âlde paden En stie dêr, as in lyts forlitten bern.... Vorige Volgende