| |
| |
| |
D. Kalma:
De frage fan de krityk.
Waling Dykstra wie gjin man dy't fan problemen hâldde; hy seach it libben leafst yn in ienfâldich skema, en libbe sels dêrneffens. Kaem der him eat oer de wei dat dat ienfâldige skema drig'e to forsteuren, dan bisocht er it òf swijend oan kant to skouwen, òf as it dêrfoar to hinderlik wie, spriek er him ôfwizend út, en dêr moast it dan ek mei dien wêze. Yn 1881 kaem hy as redakteur fan it Frysk Folksblêd foar de frage fan de krityk to stean. Syn andert ta dy frage lit oan dúdlikens neat to winskjen oer: ‘Us krite is sa lyts’, skriuwt er oan Trui Jentink, ‘en wy Fryske skriuwers komme as goe-freonen by inoar; dêrom moatte wy it kritisearjen yn 't Frysk Folksblêd mar litte’. Mei dy utering is net yn striid, dat hy as bistjûrder fan ‘Sljocht en Rjocht’ nei 1900 mar takritisearre, en dêrby binammen de jongerein fan dy snuorje aerdich it leksum lies: as man op hege jierren hoegde er net to eangjen dat dy him al to folle foar de teannen rinne soe, en oaren nei de eagen to sjen, hoegde er ek net mear.
Syn utering oan Trui Jentink hie it probleem de doar wiisd; as men net kritisearret, hat men mei it probleem fan de krityk net folle to meitsjen. Mar dy utering hie dochs ek dizze fortsjinste, dat it probleem der krekt yn formulearre wie. Krityk, fielde Waling Dykstra, heart to barren sûnder oansjen fan de persoan; eigen bilangen, stoflike noch geastlike, persoanlike fielingen, forbining'en noch tsjinnichheden, hearre dêrby in rol to spyljen. Wierheit en neat as wierheit, sa goed as de kritikus dy bineijerje kin, dêrom moat it de krityk to rêdden wêze; krityk bits jut oardiel, en hwat ha wy oan in iensidich, partidich, ûnearlik oardiel? Mar fuortdalik stean wy hjir foar it probleem fan Alceste yn Molière's Misanthrope; men hat de wierheit leaf, ja, mar ek de idele, ûnoprjochte, rabske, kokette Célimène. Kin men mei dy beide troch it libben gean? Unmûglik, anderet sels de ‘god fan it laitsjen’, anderet Molière, en hy reaget Célimène as in ûnweardige fan Alceste syn wei ôf, en lit Alceste libje hwer't dy thús heart, yn de iensumheit.
It is wier gjin tafal, dat it earste stik út de wrâldskrifte- | |
| |
kennisse dat it Jongfrysk Toaniel foar kar naem, ‘In Fijân fan Minsken’ wie. It stik paste it Jongfryske formidden lyk as gjin oar it kinnen hie. Al dalik yn syn toan: earnstich, mar hieltyd, alhoewol forhoalen, de laits; in stik fan de earnstige, ja hast smertlike laits. It probleem: de krityk, dy't ferget op in wier oardiel, hjir; de wrâld fan Célimène (dy't har mei in himelske namme neamt!) dêr. Ja, it probleem wurdt hjir jit gearstalder en frijwol ûnmûglik op to lossen troch de bywêzigens fan in tredde faktor, dy't makket dat men like min Célimène fuortreagje as Alceste nei de iensumheit forwize kin: de Fryske striid, dy't idealiteit en realiteit yn in ûnskiedber houlik bynt. Of ienfâldig'er sein: de Oronte, dy't men hjoed fan it toaniel ôfgiselet om syn minne fersen, kin men moarn nedich hawwe foar de toaniel-kostúms of de propaganda.
Nou wie ek de Jongfryske biweging eat tige minskliks, en noch de strange sfear fan it kleaster, noch de toaniel-sfear fan in kenings-hof hat hja har oaneigenje kinnen en wollen. Dat wol sizze, dat hja mei it probleem fan de krityk sitten bleaun is. Mar dêr moat dan dalik oan tafoege wurde, dat hja it probleem net út de wei gien is en dêr in bloedigen earnst mei makke hat. Foar Hof oer die him dit probleem net foar: fan hûs út wie hy freon noch fijân, hy wie persoanlik indifferent, en hâldde earst yn en troch de striid op dat to wêzen. Mar hoe foar it eigen formidden oer? Der wiene freonen, en hokfoar opfettings men ek fan freonskip hat, eat fan in forbinend fielen sil der dochs wol altyd mei mank wêze; en dan dizze krityk, dy't kâld of waerm is neffens folslein oare kriteria? Ja, as dy freon tagelyk in literair talint fan bitsjutting is, in Rintsje Sybesma bygelyks; mar nim nou dit gefal, dat ien dy't om hokfoar reden ek bifreone mei jin is, minne fersen skriuwt. Dan is der in konflikt; mar lit dit fêststean, it mei koart of lang' duorje, mar de freon giet. Célimène, docht altyd wer bliken, is in tragyske figuer: hja bitsjoent altyd, en hja wufdt altyd forslein.
Ien tipysk foarbyld allinne wiis ik hjir op: it gefal-Rinke Tolman. Hy wie in dichter, hy wie in earlik en goed freon, hy wie de earste ‘nije skriuwer’. It wiene allegear eigenskippen om der tige wiis mei to wêzen. Mar mei gauwens kaem hy opsetten mei in wiere floed fan fersen, dêr't al in hiel lyts bytsje gunstichs mear fan to sizzen foel, dy't ek fan alle lettere Fryske critici dy't hwat bitsjutten, foroardiele binne. Yn tige koarte tiid wie dêrmei syn plak yn de
| |
| |
rige forspile. Hy waerd oanhelle om mei in pear jier wer forstaet to wurden. Noch mei it oanheljen noch mei it forstjitten wie hokfoar oare faktor mank as dy fan syn wurk.
‘Frisia’ wie net jimmer sa konsekwint, en gauris is der fan jongeren, dy't soks einliken net fortsjinne hiene, wurk opnommen. En dochs hat de hâlding fan ‘Frisia’ op dat stik oars west as fan oare Fryske tydskriften, dy't yn letter jierren likernôch itselde plak bisloegen. Fan oanmoedigjen fan de jongerein kin einliken allinne dan praet wêze, as men foar jong'eren de standert leger stelt as oars. Der is faek fêststeld, dat ‘Frisia’ fan sok oanmoedigjen net it measte witte woe; en dat mei rjocht. De frage is, oft men mei sok ‘oanmoedigjen’ de jongerein en de hiele literatuer, net it tsjindiel fan in tsjinst biwiist. Nimmen noch neat, en Fryslân alderminst, is tsjinne mei it oankweken fan in mennichte heale of fearns-talinten, dy't har folle better op oare nuttige of sels moaije dingen útlizze kinne. De bistjûrder fan ‘Sljocht en Rjocht’, van der Tol, krige ienris de frage fan in bigjinnend jong dichter, hwat dy nei syn oardiel fierders it bêst wurde koe, dichter of ‘húsfader’. Hy achte it in faei ding dêrop to anderjen, en kaem mei it gefal by my. Ik moast him sizze, dat de jongkeardel neffens my yn 'e widze lein wêze koe foar húsfaderskip, mar yn gjin gefal foar dichter. Hwant in jong dichter wit, hy sil gjin twivel kenne; en hwat him keart, dat brekt er, as er sels alteast net brutsen wurdt. It stypjen fan jonge minsken, fan hwaens talint men oertsjûge is, leit fansels yn in oar flak.
Ik meitsje hjir allinne myn persoanlik bitinken dúdlik, en wol dêr foar de klearens jitris oan tafoegje, dat Fryslân by my al in hiel lyts bytsje bilang hat by folle, mar in hiel great bilang by goede talinten. Wy prate jerne fan it ynternasjonale peil fan ús skriftekennisse, en dat hoecht ek hielendal gjin ûnbirikber ideael to wêzen, mar wy moatte der dochs hwat bigryp fan hawwe, hokfoar easken ús dat stelt. Ik bistudearre langlêsten in goede blomlêzing fan tsjintwurdige Ingelske ferskunst, allinne fan dichters út it Ryk yn Jerope, en gie doe nei mei hoefolle dichters Fryslân foar it ljocht komme koe neffens it Ingelske tal, yn de forhâlding fan de bifolking'en fan Great-Brittanje en Fryslân. Dêrneffens soene wy rjocht hawwe op oardel man. Nou kin men fansels oannimme, dat de Friezen folle better skriuwe as de Ingelsken, en dêrom ek fortsjinje folle better for- | |
| |
tsjintwurdige to wêzen. Dêr't ik dan op anderje, dat dat foar my in tige twiivlige saek is, dêr't ik earst wol ris oannimlike arguminten foar hearre woe. Lit ús dochs de standert sa heech stelle as wy kinne, en it ek hjirre net sykje yn de massa-produksje, mar yn it goede, as it kin treflike, produkt.
Is it sa swier yn to sjen, dat Fryslân, ek en binammen nasjonael, in ûngelikens greater bilang hat by tsien ridlikgoede en goede skriuwers as by hûndert heale? Ik kin it net leauwe. Ik wit to goed, hoe ûnfolmakke ik sels as krityk-skriuwer west ha; mar soe ik wer fan ein sette, dit witten soe ek nou foaropstean: it moat ús to rêdden wêze om de stikmennich dy't hwat kinne.
Mar: de standert. Is dy der einliken wol?
Ek op dat stik moatte wy de twivel earlik it wurd gunne; mar lyk as it lân derta leit, leau ik dat wy in néhjittend andert net folhâlde kinne. Der is, ek yn de skriftekennisse, altyd in omwearding fan alle wearden oan 'e gong'; mar op in tal skriuwers, fan it soarte fan Homerus, Dante, Shakespeare, liket dy dochs mar in tige lyts bytsje fet to hawwen. De literaire oardielen ûntrinne, as der hwat tiid leit tusken wurk en oardielen, inoar trochstrings net safolle. It feit, dat se inoar fierder ûntrinne hoe tichter hja by it hjoeddeistige komme, moat der wol op wize, dat der mei dy oardielen oer skriuwers fan de eigen tiid faek oare faktoaren mank binne, dy't it literaire oardiel stikken minder ta syn rjocht komme litte. Allinne al it feit, dat wy hjoed-de-dei jit stil fan biwûndering wurde kinne by passages út Homerus en in trageedzje as de Antigone dy't sa'n treddel tûzen jier efter ús lizze, tsjut der wol op dat der in algemien-minsklike krityske wurdearring bistiet.
En einliken, as wy de moed hawwe earlik to oardieljen, leit de saek ek frij ienfâldich. Der binne in bulte oardielen oer in kunstwurk mûglik, mar it heart fansels to sprekken dat it literaire oardiel by de literaire wearde útgiet. It is mûglik dat in boek in maetskiplike, godstsjinstige, seedlike leare forkundiget dêr't wy folslein ôfwizend foar oer stean, en as wy dan it boek (en ússels!) fan genôch bilang achtsje, kinne wy ús dêroer uterje, mits wy ús oardiel, al is it hûndertris in oardiel oer in boek, mar net foar in literair oardiel útjowe. Tink der ek jit om, dat wylst op koarte termyn de net-literaire oardielen faek gâns yn to bringen
| |
| |
hawwe, op 'e lang'e dûr it literaire him sterker en sterker jilde lit. De forklearring leit foar de hân: de Antigone wurket nei treddel tûzen jier jit djip op ús wêzen yn; mar hwat is der yn it politike, maetskiplike, seedlike libben fan it Grikelân fan dy tiden, dêr't men dat nou jit fan sizze kin? De Republyk fan de Literatuer is net fan dizze of dy tiid, hja bistiet dwers troch de tiden hinne, en dat is, omdat hja safolle mear mei de wêzens-kearn fan de minske to meitsjen hat as mei de tydlike manifestaesjes dêrfan.
As wy fêststelle, dat it literaire oardiel útgean moat by de literaire wearde, liket dizze wierheit ússels faek hwat kouwich ta, mar it is nou ienris wier dat de komplisearre minske faek mei it ienfâldichste it measte lêst hat. Yn elts gefal bringt dy wierheit jin ek wol fierder, as men bisiket to kommen ta de wurdearring fan it subjektive elemint yn de krityk. Hwant bigryp goed: it giet hjir net oer de wurdearring fan it subjektive yn forbân mei de literatuer, mar oer it subjektive yn forbân mei it oardiel. It subjektive is to ûnderskieden yn twaën: it algemien-eigene en it persoanlikeigene. Nimmen hat it rjocht, en easkje fan it kunstwurk de bifrediging fan it persoanlik-eigene. Yn it kunstwurk is der ien dy't sprekt, ien dy't, bisiele, him iepenbieret; persoanlike reäksjes dêrop kinne fan great bilang wêze, mar as hja neat mear binne as dat, sizze hja fan de reägearder allicht mear as fan it kunstwurk. Wy ha by it oardiel fan Jan en alleman lyts bilang; mar wy ha great bilang by in literair oardiel, dat ús helpt de bitsjutting fan in nij wurk yn de Republyk fan de Literatuer dúdlik to meitsjen. Ik leau, dat de stelling: hoe klearder men de persoan fan de oardielder yn syn oardiel fornimt, hoe minder it wêzen en de wearde fan it wurk ta ús komme, yn har algemienens skoan to fordigenjen is. Sûnder it subjektive sil it nea gean; mar it subjektivisme is to skouwen as de pest, omdat dat ta liedend makket hwat yn dit gefal tsjinjend heart to wêzen.
Wy sille foarst, sa strang as wy mar kinne, de skriuwerij to skieden hawwe fan de literatuer. Wy sille, twad, sa earlik as wy mar kinne, stribje moatte nei it objektive literaire oardiel. En yn dit forbân kom ik op in publikaesje dy't einliken de oanlieding ta dizze biskôging west hat: de stúdzje ‘Science and Literary Criticism’ fan Herbert Dingle, yn 1949 by Nelson to Londen yn it ljocht kommen.
| |
| |
Tritich jier lyn soe ik nei in boek mei in titel as dizze net taeld hawwe; nou wie de titel krekt hwat my oanloek. Doe koe men fan natûr-wittenskipliken min forwachtsje, dat hja mei folle bigryp foar de geastlike wittenskippen, binammen dy fan de kunst en de literaire wurdearring oer stean soene; mar yn har tsjintwurdige faze is ek de meast exacte wittenskip gâns spirituéler wurden. Fan de oare kant bigjint it jin wol ris hwat foar de eagen to draeijen fan safolle literaire en pseudo-literaire oardielen, dat men, beu fan al dy projeksjes fan net botte nijsgjirrige persoanlikheden op it flak fan it literaire hjoed en juster, wol jerne hwat oarder yn dy chaos sjen soe. Dochs moat ik sizze, dat ik Mr. Dingle syn skôg'ing, ûnder de ynfloed fan myn eigen eardere opfettingen, nou dalik ek net mei great bitrouwen yn 'e mjitte kommen bin. Mar doe't ik bigoun, wie dochs it earste dat ik by mysels fêststelle moast, dat de âlde tsjinstelling fan natûr- en geastlike wittenskip foar my net mear bistie. By einbislút, de sielkunde is nou in wittenskip, dy't mei de literaire faek fruchtber oparbeidet. Der kin net it minste biswier tsjin wêze hokfoar geastlike aktiviteit fan de minske wittenskiplik to ûndersykjen, mits men it yn wierheit wittenskiplik docht, hypothese littend hwat net mear as hypothese is, jimmer wer ré om farre to litten hwat net fêststiet, om oan to nimmen hwat biwiisd wurdt. Ek yn it geastlike, mits men genôch feiten ta jins foldwaen hat, sil wierskynlik wol de iene of oare wetmjittichheit fêst to stellen wêze. Mr. Dingle, safolle is dúdlik, is in astronoom, dy't gâns wit fan stjerren en oare himellichems, mar dy't jerne nei de dichters heart ek as hja op syn gebiet komme; as hy him nou weaget op ús gebiet, dat fan de dichting en de krityk, hoe soene wy dan net jerne nei him hearre?
Literaire krityk is, seit er, yn har tsjintwurdich stadium, hiel wis gjin wittenskip; mei it each fan de wittenskiplike bisjoen, is hja in chaos, makket hja jin neat wizer. De wittenskip oertsjûget mei feiten; ek de literaire krityk hat in massa feiten, mar it liket dat hja der neat mei bigjinne kin, hwant de liedende minsken op dat stik sprekke inoar oan ien stik wei tsjin. Dochs is de literaire krityk dêr net mei tofreden, en der binne sels greate systemen foarsteld, dy't lykwols foar in g'reat diel mislearre binne; hy bisprekt dy fan Sainte-Beuve en Taine, dy't de measten fan ús wol bikend wêze sille, en komt dan, via Moulton en Richards (foar my jit ûnbikende greatheden) ta in gearfetting fan de
| |
| |
tsjintwurdige sitewaesje. Sjoch hjir syn formulearring: ‘De natûr-wittenskip is ûnbûgbere stiif, literatuer in ûntaestbere damp dy't allinne dy fan de bisieling wêze kin; de foarste foroaret net, de twadde is foroarlik as Proteus. De foarste is ien en deselde foar allegearre, de oare is alle dingen foar alle minsken, of, ta standert makke, is hja foar nimmen neat mear. De natûrwittenskip is birekkenber, de literatuer ûnbirekkenber. De earste kin men bigripe (alteast, dat koe men), de literatuer allinne fiele. Koartsein, de wittenskip is in aktiviteit fan it yntellekt, de wurdearring fan literatuer in passiviteit fan de emoty's.’ Dy rige fan tsjinstellingen liket op it earste each alle taneijering út to sluten, dêr't by komt, dat ‘de natûr-wittenskip, folle better as ea earder, sawol har mûglikheden as har bigrinzingen leard hat to forstean’, wylst de literaire wittenskip net foarútgien is, en sels ‘syn definysje jit in saek fan willekar is.’ Net noflik foar ús literatoaren om it oan to hearren; mar is it ûnwier? En dochs, seit Mr. Ding'le, is de tiid foar in bisprek fan de forhâlding oer en wer nou safolle gunstiger as dy west hat. Mei it wurk fan in skriuwer as Eliot foar eagen, kin men allinne mar sizze: ek dat is wier.
Ik kin Mr. Dingle hjir fansels net fan haedstik ta haedstik folgje; mar binammen moat ik hjir wize op it tredde, dêr't hy de ‘sielkundige’ literaire krityk yn bisprekt. Hjir bigjint syn posysje him al dúdlik ôf to tekenjen. Der is gjin twivel oan, dat de triomftochten fan de nijere sielkunde de literaire krityk sa meisleept hawwe, dat dy bytiden in finzene oan har prealwein liket. Foar Sainte-Beuve en Taine oer, is it nou wol tiid om der op to stean, dat literaire wittenskip allinne wittenskip wêze kin fan de literaire dingen, fan de skriften en fan har eigenheit; en dat de stúdzje fan de persoan fan de skriuwer ta it fjild fan de biografy biheart. De ynhâld fan de dichter-yn-syn-wurk en fan de dichter-as-persoan binne op gjin stikken nei identyk to achtsjen, in parallellisme is faeks mear útsûndering as rigel, en it momint fan de bisieling, as somlike wêzens-ynhâlden de foarm fan it kunstwurk oannimme, is transformaesje mear as formaesje. Wol is de sielkunde fan great bilang yn it literaire forbân, mar allinne ynsafier't hja har op de skriften rjochtet. Net sûnder foldwaning' haw ik hjir sjoen, dat Mr. Ding'le yn syn stribjen nei in goede literaire metoade, de wei giet, dy't ik ek folge ha yn myn Gysbert-Japiks-stúdzje, en dy't letter fan E.B. Folkertsma (út mis- | |
| |
bigryp) kritisearre is. It wie my om de dichter Gysbert Japiks to rêdden, nèt om de minske, en foar de kennisse fan de dichter haw ik oan syn ûndichterlike utering in bytsje, of sels neat. Hoe langer hoe mear kom ik ta it tinken, dat it by literaire stúdzje it feilichste is, út to gean fan de twaheit minske-dichter, en ienheit allinne dêr oan to nimmen, dêr't dy oertsjûgjend dúdlik is. ‘Literaire krityk’, om it yn Mr. Dingle syn eigen wurden gear to fetsjen, ‘is op harsels folslein
ûnôfhinklik fan de psychology fan it auteurskip,’ En fierder: ‘As it it ‘djipste sels’ is dat wy sykje, hjir is de literatuer dy't ús dat jaen kin.’ Dêrby, de literaire feiten lizze foar ús; mar hwat minske makket him wys, dat hy de folsleine libbens-feiten sels fan syn alderneisten ken?
As in wittenskip, sa bislút Mr. Dingle it foarste diel fan syn stúdzje, bistiet de literaire wurdearring net, omdat der op dit stik jit gjin fêste criteria foun binne. It bisykjen om foar de literaire stúdzje in wittenskiplik hâldbere systematyk op to bouwen, is oant nou ta mislearre; ek hja dy't dêr wol forlet fan fiele, brûke har tael lang net krekternôch. Undertusken seit dat net, dat der gjin literaire wittenskip mûg'lik is; de foreaske criteria kinne jit skoan foun wurde. Yn ôfwachting soe it in goed ding wêze, as de ûnderfining fan de exacte wittenskippen ek de literaire stúdzje ta stea komme koe. Foutive definysjes en riddenearringen soene dêrmei mijd wurde kinne, en ek fan somlike wittenskiplike metoaden soe de literaire stúdzje gâns foardiel ha kinne. Sadat wy, earme literatoaren, fan dizze stjerrekundige dit to hâlden krije: ‘As wittenskipliken telle jim to'n earsten net mei, mar jim hoege net sûnder hope to wêzen, as jim mar bigjinne mei goed fan ús metoaden to learen’.
Ik bin der net wrantlich fan wurden; hoegde dat ek net to wurden, hwant dizze skriuwer hat my leard wol kritysk oer myn eigen metoade to tinken, mar my ek bisterke yn it bitinken, dat dy essentieel wearde hâldt. Mar dêrby, Mr. Dingle hat as in soarte fan practicum oan syn theorétyske biskôging in twadde diel tafoege, dêr't hysels koarte wurdearringen yn jowt fan Wordsworth, Swinburne en Browning. Fan ien dy't sa goed ûnderskaet en sa klear skriuwt, is it yndied in nocht to learen. Binammen hwat hy oer Swinburne skriuwt en de forliking dy't hy makket tusken Swinburne en Shelley, ha my tige troffen. Syn bigjinsel, dat men út it wurk komme moat ta de wêzenskearn
| |
| |
fan de dichter, hat hjir grif ta resultaten laet. De Ingelske critici, dy't oer Swinburne dekretearre hiene dat dizze dichter, mei syn enoarme produksje, amper in wêzens-kearn hie, meije hjir wol biskamme stean. It forskil tusken har en dizze skriuwer is, dat Mr. Dingle net bigjint mei forhearlikjen of forsmiten, mar mei him as in studearjende yn de dichting to fordjipjen. Ek hy hat gjin literaire wittenskip út 'e groun stampe kinnen, mar hy hat alteast ien fan syn lezers bisterke yn syn oertsjûging oer de goede wei, om ta in literair oardiel dat wearde hat, to kommen.
|
|