De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] Geart van der Zwaag: De beam by de poartedoar. Foar Nelly Beuker, blomkes yn dyn hân, Sjoch 'k dy kommen troch it lân, Sjoch 'k dy kommen lâns it paed. En de reed fan moudich sân En it koele fan myn skaed Ha dy nei myn stamme laet. En as ienling út it wâld, (Eltse jierring syn ûnthâld) Wit ik hoe't dyn hertsje wie. Wit ik as dyn heale fâd Dy't dêr by dyn poarte stie Al de boarnen fan dyn die.... 't Is fan letter dat ik sprek; Under 't tichte blêddetek Seistou him de wierheit oan; Seist' him hiel de wierheit ek? Nachts bin al myn blêdden stoarn, Rûzjend oant de skiere moarn. Jouns, by ljochte moanneskyn, Komt de wyn myn blêdden yn. Komt in leafde dy't net stoar, Fuotleast yn it sân miskyn.... Mar ik bûkje foar in oar Jimmer op dyn poartedoar! Vorige Volgende