yn in feinteforiening of sjongkoar sitten hiene en dy't har wegen gien wiene oer it hiem en lâns de ekers en op Freed nei Ljouwertermerk, lyk as har heiten en har pakes. Nou stiene hja yn it forset en soene sjutte as dat fan harren frege waerd of faeks ek wol, sûnder dat it frege waerd. Hwant hja wiene yn frijheit opwoechsen en wisten net folle fan discipline.
‘Foarsichtich!’ moanne Klaes, dy't einliken de lieder wie.
‘Ha ha, foarsichtich,’ lake Krine; ‘foarsichtich yn 'e oarloch, dat harket nuver. Soene se ek: foarsichtich sein hawwe tsjin dy piloaten dy't nou Dútsklân bombardearje. Dat soe krekt itselde wêze as dat in pikeur tsjin in hurddraver rôp: net sa hastich! De Poepen sille dizze boarters-dinkjes net fine, wy sille harren fine.’
‘Hark, wer fleantugen,’ sei Hille.
Jawis, dêr bromde wer hwat en dêr wie ek wer it lûd fan in sirene, heech en dan wer leech, as it gûlen fan in bern.
‘Se moasten hjirre op it fleanfjild ris hwat bomkes delsmite,’ ornearre Lútsen.
Hille tikke op 'e tafel; fanwege de senuwen.
‘Pas op myn sizzen, dy oarloch kin net lang mear duorje. Ingelân stiet fol fleantugen.’
‘Der binne tûzenen en tûzenen,’ woe Klaes ha. ‘Ynkoarten sweve der hiele armada's oer Dútsklân, dy't de himel fortsjusterje, as gêrshippers de loft yn it lân Egypte.’
En doe wiene se allegearre even stil; hwant de fleantugen kamen diskear ticht oer. De ruten trillen. En jawol, dêr waerd ek sketten.
Doe naem Klaes it wurd.
‘Mannen, wy moatte ôfwurkje. Wy hâlde elkmis twa stenguns. Krine en Lútsen krije elk twa revolvers mei en Hille en ik hâlde trije de man. Se moatte ynfette wurde en weistoppe, oant it tiid is, oant de oarders komme, net earder; tink der om! Ik jow de oarders, of myn opfolger as ik der net mear wêze mocht. Alles hwat bart sûnder bifel, bart foar eigen rekken en kin letter straft wurde.’
Krine knypeage tsjin Lútsen, mar dy sloech it net acht en de oaren seagen it ek net. De fleantugen wiene nou wol hiel ticht by en it rottele frijhwat fan de kant fan it fleanfjild ôf. En boem, bats, dêr wiene de bommen ek al, in stikmannich grouwe.
Hille wie wyt wurden; Krine en Lútsen seagen as ûlen;