De Tsjerne. Jaargang 6(1951)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] O. Postma: Myn poezij. Nei oanlieding fan in útlitting fan Jan Melles yn ‘Libbensleare fan de Fryske nasjonalist’. Myn poëzij is de dream fan in sneintoneimiddei as de sinne skynt, En de sinne bringt my wer de libbene dagen fan myn jonkheit. Né, dy dagen wienen net altiten lokkich, mar ek wol ris mei tsjusterens en fortriet, Mar hwat nou de sinne is, dat wie doe it greate libben sels. Mar it libben fan de man hat net wurde kinnen hwat it wêze moast, En de man hat tagong socht ta herinnerjens kostbre g'ielgoerde - O de lûden fan it foarjier, o de roken fan de simmer! - En ta it forline fan de geslachten, dêr syn bloed út fuortkomd is. Earst de âlderdom hat mei hwat wiisheit oerwinne kinnen, En foar hwat ‘moai en suver’ hjitte hat hja de dingen fan de minske steld, Sa fier as myn freonen it mei bilibje kinne. Vorige Volgende