Yn 'e fierrekiker:
Marionetten.
Ik wit net, oft de wittenskip - dy't him langer mei alle ding op it stik fan siele en gemoedslibben bimuoit - al in fêststeande theory hat oangeande de oandwaningen dy't oproppen wurde by it ûndergean fan in utering fan kunst. En it kin my winliken ek in bjuster bytsje skele. Om't, men kin alle mekanykjes wol iepen-meitsje, mar men hâldt dan ek neat oars as in - faken ek jitte forramponearre - mekanyk yn 'e hannen.
Individueel bisjoen leau ik lykwols, dat in utering fan kunst binammen ek birutsen oandwaningen fan eigen jonkheitsûnderfiningen op dit stik towekker ropt. It weromfinen en weromkennen dêrfan stipet jin en sublimearret jins kunstgeniet.
Sa alteast mien ik eigen wearfarren forklearje to kinnen by it sjen fan in marionettespul.
Gjin spul, dat my sá fascinearret, dat my sá alhiel ûnder de slach krije kin en dêr't myn krityske sin sa by forsloppet. Om't it gjin poppekas is, gjin imitaesje fan it libben, mar it libben sels. Wis, in oar libben as it minskelibben, mar eat, dat wier bistiet yn al syn ûnwierskynlikens. It Jan Klasjesspul, dat is by my in slim iensidige en brike fortoaning fan in soarte fan Bruegheliaensk folkslibben, dat appellearret oan jins primitive ynstinkten en bigripen. Men formákket jin der mei; men wurdt formakke mei in hânfol fodden. En dêrmei út.
Mar de marionetten!
Hja lykje op minsken. Hja lykje to libjen, to dwaen en to litten as minsken; hja libje by de graesje fan minskehannen en hja uterje har by de graesje fan minskene lûd. Hja binne skepen nei it byld fan de minske. (Nou soe 'k de metaphoar oandoare moatte, dy't-wiist nei de Skrift - as it net sa wie, dat de marinét soms boppe syn oarbyld útkomt.)
Marionetten libje har eigen libben en it is faken in better libben as uzes. En jimmer oars - earliker, eabeler, fûlder; projektearre tsjin wider kimen fan sté en tiid; ûntboun fan 'e wetten fan swiertekrêft en liifs-forlet. In oare wrâld teart iepen en bloeit op.
Dy jonkheitsûnderfiningen. Hwat binne se sober, as men de feiten rekkenet en de dreamen, dy't dêr omhinne weefd waerden, gjin acht slacht.
It lêzen, yn 'e jongesjierren, oer dy wûndere, nea-sjoene poppen. En it ûnredsume nifeljen, it jimmer mislearre bisykjen om der stal en wêzen oan to jaen, dat yn wierheit útroun op bloed en triennen.
It meilibjen yn Theodor Storm syn ‘Pole Poppenspäler’.
Dan, yn de jongfeintejierren, de kleurige en fleurige fortoaningen fan it ‘Münchener Marionetten Theater’ op 'e Wjitringskâns yn Amsterdam, dêr't men in hiele joun bitsjoend waerd troch de superieure útfiering fan forneamde opera's. Poppen, troch masters stald en klaeid en bispile, décors troch kunstners makke, sjongen sprekkersstimmen fan kundige faklju en goede orkestmuzyk. Dy Münchener marionetten, dy't letter wei waerden yn it fjûr.
Mozart, Gounod, guon Italiaenske opera's en in Frânske opera-bouffe.