‘Lake? Hjir net. Mar op strjitte miskien. Hawwe jo dêr biswier tsjin? Meije de minsken dan ek al net ienris mear laitsje? Alles is langer ek forbean blykber.’ Sa'n lange sin hied er de âld man noch nea sizzen heard.
‘Né, net bûtendoar, yn myn keamer wurdt lake.’
‘Jo kinne wol om oar plak sykje, as it jo hjir net foldocht,’ kreake hja nou wer, wylst hja him feninich oanseach. Hy hate dit minske. En hja him, dat fielde er.
‘Ik bliuw!’ sei er, makke rjochtomkeard en gie. De doar sloech er lûd efter him ta.
Hy hearde dúdlik, hoe't hja dêrnêst praetten, oer him fansels. Hy hie him ek wol hwat nuver oansteld. Ja, dat soene hja wol wolle, dat er fuortroun. Hy burch it boek op en socht syn skriuwblok. Noch mar efkes in brief nei hûs skriuwe, dat wie ek al wer wiken lyn. Dat koe dan moarn foar de tsjinst noch krekt mei de tsjinstpost, Hearde er dêr hwat? Bigoun it nou wrychtich al wer? Hy stiek de fingers yn 'e earen, mar dat koe it lûd net keare, krektoarsom, it wie hast noch fûlder as oars. Hy skuorde it pistol fan 'e rieme en lei it foar him op 'e tafel. It wie wer foarby.
‘Dan kin ik jim noch hwat fortelle. Ik bin hjir op in nuver plak bidarre. Der liket hjir in gek yn 'e hûs to wêzen, dy't hieltyd wer laket, né, soks hawwe jim noch nea heard. Hwa't it is wit ik noch net. Mar hy laket bytiden as de satan sels, en net ienkear, mar de hiele joun troch. Jim bigripe dat it net noflik is, it steurt jin by it lêzen en sa. Mar ik lit my hjir net weireagje. De âld man en de dochter dogge krekt as hearre hja der neat fan. Mei my giet it fierder -.’
Hy fielde it wer oankommen en lei de pinne del. Nou sjen kalm to bliuwen. Mar it wie oft de muorren op him takamen, oft de keamer leger waerd en tsjusterder. Gie de lampe stadichoan út? Hwat wie dit?
Hy fleach oerein en grypte it pistol, skeat doe op 'e doar ta en wâdde dy iepen. It laitsjen folge him op 'e foet.
‘Hearre jim it nou? Of noch net?’
Hja skeaten oerein.
‘Jo koene wol bang wêze,’ sei hja, haetlik glimkjend, ‘mar dan fan jou eigen skaed.’
Hy rjochte it wapen op har.
‘Hearst it nou? Jow antwurd of ik sjit!’
De âld man kaem triljend fan 'e stoel en woe foar syn dochter stean gean. De hannen houd er biswarrend omheech. ‘Hwat sil dit?’ gûlde er. ‘Hja is ûnskuldich, hearre jo dat, ûnskuldich.’