| |
| |
| |
Anne Wadman:
Greatmaster fan de kitsch.
louis couperus mozaiek. Een keur uit zijn werken. Nijgh en van Ditmar N.V. Rotterdam - 's Gravenhage, L.J. Veen's Uitgeversmaatschappij Amsterdam, s.j. (1949).
It is foar Nederlânske forhâldingen typearjend, hoe faek as de reputaesje fan in s.n. great skriuwer yn 'e wei stien wurdt fan syn morele reputaesje. Miskien komme allinne de figueren fan it van Schendel-type der goed foarwei, mar ek by sokken siket men yn sawn hasten om de nedige autobiografica, dy't ús it rjocht jowe om yn har libben to dollen en harren har leginde oan to mjitten. Der binne net folle wichtige skriuwers yn Nederlân (mei opsetsin siz ik net: Hollân) dy't yn har hiele hear en fear akseptearre wurde. En dat nèt omt sels de ‘greatste’ skriuwer wolris in stek falle lit en syn swakke steden hat, mar binammen omt er syn leginde mei to tôgjen hat. It sprekkendste foarbyld is grif Multatuli. De leginde fan syn pathologyske oanliz is ûnútdylgber, en wittend dat er syn frou en bern forlitten hat, slacht men mei fjûr oan 't hineininterpretieren. De hiele Multatuli fan Nieder-Ingelheim leit al neaken en bleat op 'e litterair-histoaryske snijtafel iepensnien, ear't er noch mar oan Lebak ta is. Net allinnich de lju dy't efternei Multatuli sa graech ta soasjalist ridderslaen woene (de Saksen), net allinnich de bourgeois fan it Swart Abrahamsz-soarte, dy't in skriuwer ien ding nea forjaen sille: dat er skriuwt, d.w.s. net is as hjaën, net allinnich in Prof. De Vooys makket, yn syn litteratuerboeken, algeduerigen morele reserves foar dizze greate figuer oer, - mar ek yn in ‘modern’ hantboek ‘Panorama der Nederlandsche Letteren’, dat datearret fan 1948, fynt men fan in oare professorale hân, ntl. dy fan Prof. Dr. Tielrooy, de folgjende enoarmiteit, dêr't Prof. Prinsen jin hommels sympathyk om wurdt: ‘De Max Havelaar heeft vele en grote verdiensten. Maar het boek is niet ten volle waarachtig. In wezen, weliswaar, heeft de schrijver gelijk: de Javanen wèrden gekneveld; de regering zelf heeft
het ten slotte moeten erkennen. Dit boek heeft dan ook veel bijgedragen tot de zegepraal van die tegelijk fatsoenlijke en verstandige regeringspolitiek welke men later de ‘ethische’ heeft genoemd. Maar er wordt in te kennen gegeven - en Dekker is dit ook altijd blijven beweren - dat de schrijver en Max
| |
| |
Havelaar ongeveer (ik lit kursivearje, A.W.) identiek zijn. Dat is niet vol te houden. Max is een geïdealiseerde Havelaar.’ Dat it boek politike fortuten hawn hat, sa stiet it hjir sahwat, is moai mei, mar Dekker hat liigd en dêrom doocht it boek net. Ik freegje my dochs ôf, oft dêrmei IEN ding ek mar oer it BOEK sein is. Heechstens hwat oer de persoanlike ynterpretaesje, dy't Dekker miskien wol graech woe dat der oan jown waerd, en dy't men der yndie mei hwat reserves oan jaen kìn. Hwant al hie Dekker ‘altijd blijven beweren’ oant syn dea ta, dat Max Havelaar winliken ôftekene wie nei it byld fan lit ús sizze Kening Willem III, dan soe soks oan it boek sels gjin grissel ôfdwaen. Dat Dekker himsels en syn boek net út 'e tiis hâlde koe, jowt prof. Tielrooy dêrom noch net it rjocht om itselde to dwaen. Mar oan syn professorael hantsje witte wy it mar: dat kin ús hoedzje ‘dit boek met de allerbeste literatuur op één lijn te stellen’, - de forneamde allerbêste litteratuer, dy't de hearen professoaren sa goed fan pas en op 'e tiid út har hege hoed witte to gûcheljen. Soms hjit dy allerbêste litteratuer út 'e hoed fan 'e professorale bourgeoisie Vondel, dan wer Racine, soms Potgieter, oare kearen Duhamel, mar.... altyd binne it de skriuwerstypen fan it statysk, ûndynamysk slach, dy't har noch altyd biroppe op 'e stompsinnichheden fan Vondel syn forneamde ‘Aenleidinge’: ‘Die van zijnen Geest naer den Parnas gedreven, in den schoot der Zanggodinnen nedergezet, en Apollo toegeheilight wort, dient zijne genegenheid en yver door hulp van de Kunst, en leeringe te laten breidelen; anders zal zulck een vernuft, hoe geluckig'h het oock zy, gelijck een ongetoomt paert, in het wilt rennen; terwijl een ander Dichter, door kunst en onderwijs getoomt,
den hengst slacht, die, onder eenen goeden roskammer en berijder, met roede en sporen getemt en afgerecht zijnde, overal by kenners prijs behaelt.’ ‘De hemelsche Poëzy wil niet op den middeltrap, maer moet in top staen, en op den toetssteen van een besiepen oordeel proef houden, naer de wetten by de Geleerden daer toe voorgeschreven, waer toe wy gewezen worden.’
Ek Couperus hat syn leginde. Ik wit net oft der al heechlearden oer gear west hawwe, mar it soe in skoander fjild wurde. Hwant hoe sil men it ea in skriuwer forjaen, dat er syn skriuwen seach as in tiidfordriuw, in tiidpassearring? Is dat net yn striid mei alle ‘roede en sporen’, ‘kunst en
| |
| |
onderwijs’ en ‘wetten by de Geleerden daer toe voorgeschreven’? Wis, it is in leginde, dy fan Couperus de dandy, de fat, de dekadinteling, de loaikert, de man dy't him forfeelt en dêrom moaije dingen stalt suver om 'e moaije dingen. In leginde, dy't nammers miskien foar mear as de helte wier is. Mar by in warber keapmansfolk is soks gjin oanrekommedaesje: dat rekkenet nou ienris geastlike prestaesjes om yn warberheitskaloryën. En dochs bin ik bang dat de professoralen hjir mei Couperus yn 'e knoop reitsje soene. Hwant as litteratuer-professor kin men fansels Couperus as fat of loaikert maklik fan 'e kaert feije, mar men is tagelyk net foar neat aestheet en dus forplichte de ‘moaije dingen’, dy't immen makket (en neffens Poelhekke is kunst ‘het maken van mooie dingen’) oan it publyk troch to jaen. Hja sille dus kieze moatte: Couperus al of Couperus net. It sil my ris nijdwaen.
Undertusken is dy leginde fan de fin de siècle-Couperus noch sa dwaes net, as men mar fan 'e professorale konsekwinsjes ôfbliuwe kin. Faeks is hja, efkes oars neamd, it beste middel om him neijeroan to kommen. De ienheit ntl. dy't der yn it mânske en tige ûngelikense oeuvre fan dizze skriuwer to finen is leit yn syn aesthetysk-passive ynstelling op it libben. Dêryn binne de warbere dandy en de loaikjende ambachtsman yn him ien. Sels dêr't er de ‘naturalist’ spilet, d.w.s. in wierheitstrou byld jaen wol fan in bisteande, mar forgeande wurklikheit, is it sûnder mis de aestheet dy't oan it wurd is. It is dêrby forkeard Couperus to sjen as in soasjael kunstner, lit stean fan as in soasjael strider. It ûndergongsaspekt fan de Haechmer hegerein dearde him aesthetysk oan, al mei er tûzenreis ré west hawwe om de soasjale ûnûntkomberens fan dat proses yn to sjen. It wie net in soasjale, mar in kunstsinnige, miskien mei men sizze: in artistike kwestje. Net allinnich dat hwat fordwoun, mar ek it fordwinen sels moat him fascinearre hawwe fan dat aesthetysk stanpunt ôf. It wie it forrottingsproses dat de naturalisten sa jerne signalearje yn 'e maetskippij, mar minus de ‘stank’, earder formongen mei de parfums fan de oerbiskaving. Net de maetskiplike bilangstelling wie it dy't him mei de noas op dy dekadinsjeparfums treau, mar de lêsten wiene it dy't him der ta brochten yn wêzen, sûnder it sels to wollen faeks, in maetskiplik forskynsel to signalearjen. It biwiis leit yn ‘De stille kracht’.
Sûnder mis is Couperus gjin great skriuwer yn dy sin,
| |
| |
dat al syn wurken likefolle biwizen binne fan masterskip. Ik soe gerêst úthâlde doare, al hoe tige er ek it skriuwerskip as ambachtlike sierkunst bioefene, al hoe't er de dekorative taeleleminten fan it impressionisme útbrûkte, dat gjin Nederlânsk skriuwer sa rûch en nonchalant mei syn talinten omsprongen hat as hy, sa folle klearebare Kitsch op 'e merk smiten. Men stjit by him op in nijsgjirrige controverse: dat er de litteratuer (de ‘schone’, better sein: ‘fraaie’ letteren) bioefenet as in hantwurk, in fakman, en likegoed ûnmachtich wie om mei al dat fakmanskip to kommen ta it ideael fan ‘de’ fakman: in rige oerdeeglike, om it mei in Hollânsk wurd to sizzen: ‘doorwrochte’ wurkstikken to skeppen. Parfumearre taelvegetaesjes by 't soad - dat wie syn fakmanskip, syn foarm fan virtuoasiteit. Men kin der net om hinne: in great part fan syn wurk is wurdsykte, wurdkoarts, wurdwoekering, is dêrom zeitgebunden. Mar ien ding stiet dêrfoaroer: hy joech dizze wurdkunst net as normatyf, mar bioefene har mei in soarte fan languissante irony, dy't blyn bleau foar de earnst fan de krityk. Dy krityk rekke him ienfâldich net, skampte ôf op syn gefoel foar de bitreklikheit fan alle dingen. Allinnich immen dy't syn noarmen normatyf stelt, kin fan in krityk oandien wêze.
Miskien mei men sels sa fier gean en rekkenje al syn wurken ta de Kitsch, as men mar ré bliuwt om de superieure Kitsch as kunstsoarte to erkennen, de superieure Kitsch, dy't yn 'e litteratuer likemin seldsum is as yn 'e filmkunst - ik rekkenje dêr b.g. de roman fan Vestdijk en Marsman ta, ‘Heden ik, morgen gij’, en fan dy lêste binammen gâns romans, dy't my lykwols leaf binne.
Kitsch - in oare namme wit ik net to bitinken binammen foar dy twa romans dy't ek yn dit boekwurk opnommen binne: ‘Extase’ en ‘De stille kracht’. ‘Extase’ datearret út 1892, dus fan twa jier nei ‘Eline Vere’ en is yn alles ynferieur oan dat masterwurk. It biswier dat ik tsjin ‘Extase’ haw, is dat it op sa'n smelle ‘epyske’ of ‘dramatyske’ basis rêst, dat it in oerwoekering fan lyryk jowt, sûnder dat de skriuwer kâns sjocht om yn dy lyrysk-extatyske fetklobbe in rêchbonke fêst to setten. ‘Extase’ is in ‘Haechske roman’, sûnder lykwols it ûndergongsaspekt, formongen mei de lyryske, by tiden ta wurdorgyen en ûnútsteanbere aesthetyske kliergewaechsen útdijde aesthete-Couperus fan de koarte forhalen. Beide eleminten dy't ret ta in antithese gearsmeid binne.
| |
| |
Dêrfoaroer is ‘De stille Kracht’ in Kitsch-produkt fan heger oarder, in superieure thriller. Hjir is de lyryk organysk gearweefd mei it sintrael thema: de koloniale amtnerij middenmank de geheimsinnige tropesfear. Hjir hat de lyryk in doel, en net allinnich in yllústrative, mar wol forgoed in biskiedende funksje yn it forhael. Hwat hjir oan wurdkunst oanwêzich is, is sfearmiddel yn tsjinst fan in totaliteit. Ik wit net hwat Du Perron fan dit Ynje-boek sein hat, oft er der wol hwat fan sein hat. It wol my wol oan, dat er dit Ynje ynliifd hawwe soe by dat fan Augusta de Wit, Jan Prins, Henri Borel ensafh. Dit boek jowt grif net it Ynjesa't-it-wier-west-hat, it jowt der in mearkekant fan, dy't it miskien èk hawn hat, mar forboun oan hwat oars, in soasjale oarder (of dusoarder) of hwat dan ek. It mei allegear wier wêze, mar de suggesty dy't fan dit boek útgiet, bliuwt der like folslein om. Miskien komt it omt hjir oanwêzich is, hwat yn ‘Extase’ sa pynlik ûntbrekt: it ûndergongselemint út ‘Eline Vere’, ‘Van Oude menschen....’, ‘De Boeken der kleine Zielen’, mar hjirre net tapast op in Haechske hegerein, dy't yn in soasjael idele romte falt, mar op in koloniale mienskip, dy't syn ûndergong tomjitte giet en dêr't de Residint Van Oudijck it tragysk, mar net werom to roppen symboal fan is. De fout is miskien dat dizze ûndergong sjoen wurdt tsjin de eftergroun fan in ‘stille krêft’, dy't hiel hwat oars is as de forwesterlike, soasjael biskate en yn Westeuropeesk-politike formules biflapte ‘ûntweitsing’ fan Azië. Couperus sjocht de ûndergong fan de koloniale hearskippij as in individuëlen ien, in mystiken ien, in Eastersken ien - wylst dy ûndergong krekt út it Westen wei syn oanbigjin foun hat. It makket dat fan
Couperus syn profetysk ynsjoch mar justjes de helte oerbliuwt. De kym fan é opstân siket er yn in geheimsinnige natûrkrêft, yn de mystike siel fan it Easten, net hwer't dy lein hat: yn de westerske formaterialisearring, dêr't de koloniale hearskippij ek it Easten foar rypmakke hat, sûnder it sels to wollen of alteast sà to wollen. De frijmakking fan Yndonesië is folle mear in konsekwinsje fan it westlik tinken en de westlike oerhearsking as in réaksje dêrop. Sukarno hie it sa fier net krigen as er him, yn pleats fan op in nije intelligentsia fan ingenieurs en technici en op it Yndonesysk proletariaet, basearre hie op 'e Borobudur en syn mystyk en op 'e âlde, dekadinte Foarste-stagen, fortsjintwurdigers fan in ancien régime.
| |
| |
Mar sadwaende is men al op wei, om Couperus ûnrjocht to dwaen. It kin syn doel net west hawwe in steatkundichsoasjael proses, dat him yn dy jierren (1900) noch mar amper ôftekene, stal to jaen. Ek hjirre wie it it ûndergongsaspekt fan in koloniale society dy't him fascinearre - de aestheet yn him wiisde op 'e Easterske mystyk as dè ûndergongsfaktor. En likemin as yn syn Haechske romans de (seldsume) fortsjintwurdigers fan it soasjalisme minsken fan fleis en bloed wurde koene, omt hja ienfâldich net pasten yn it ramt fan syn ûndergongs-aesthetisme - Max Brauws, yn it magistrale ‘Boeken der kleine Zielen’ (1902) is der it biwiis ta! - likemin koe Couperus it Yndonesysk nasjonalisme avant la lettre ôfskilderje oars as yn de foarm dêr't it him doe, as ‘sfear’, as it Eastersk geheim yn ôftekene, Nei dy kant koed er net oars as yn it tsjuster taeste. Nammers, hwat it boek dêrtroch forliest oan profetyske en dus, efternei bisjoen, histoaryske wearde, wint it oan suggesty-macht.
De lêzer wit hoe't it gien is: fan in nije Couperus-edysje koe neat komme, omt it regear der net foar fielde syn stipe to jaen. As bitinkingsmonumint is dit boek oerbleaun: ‘een keur uit zijn werken’. Men kin net oars as tankber wêze, dat dan alteast dìt noch ûntstien is: in boek fan 912 bledsiden, bifetsjende 5 folsleine romans, 20 koartere stikken en in tige nijsgjirrige biografy fan de hân fan in fakkundige by útstek: G.H. 's-Gravesande.
In part fan dizze útjefte - ik moat it earlik sizze - is foar my ûnlêsber. Ik haw by Couperus faek it fielen, dat er der op bigien wie, mei in ennuyeus glimke fan superieure spot syn brave en earnstige, op pracht en preal en pompeuze fortoaningen à la Cecil B. de Mille longerjende lêzers ‘mar hwat yn é bek to triuwen’. Mar ik gun de aestheten har fornoegen. Hwant men wit ek nei 10 bledsiden ‘Iskander’, dat men to dwaen hat mei in ‘great skriuwer’. Dêr docht sels it Ridderskip yn 'e Oarder fan de Nederlânske Liuw neat fan ôf. En dy't him bidwelmje wol oan 'e aestheteroes fan in Nei-Tachtiger, kriget by Couperus krekt like goed syn taks as dy't al sa leaf hwat konkreter en taestberder kost hat. It wurd aestheet is langer faek genôch as skelwurd brûkt om it ek net ris syn gerak to jaen en fan in oare kant to bisjen.
1 Okt. 1950.
|
|