| |
| |
| |
Toanielkronyk:
It Frysk toaniel oan it plafond.
D.A. Tamminga, ‘DE HOGERHUIS-SAEK’. Toanielstik yn fjouwer bidriuwen. Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1950.
De potinsjele efterstân, ûnmacht en ûnwearde fan de Fryske toaniellitteratuer by de oare uteringen fan Frysk-litteraire geasteskultuer lyk as poëzrj en sels forheljend proaza, hie net pynliker yllustrearre wurde kind as troch de biskamsume opfiering fan ien fan Ype Poortinga syn ienakters op Gysbert Japiks-dei. Ik wit net hwa't op dat ûnsillich idé kommen is, ik wit ek net oft ik faeks dizze foar Dr. Poortinga pynlike saek net better forswije kind hie. Mar it moat my fan it hert: dat soks skreaun wurde kin en op in efterlik doarpstoaniel hjir en dêr spiiers en harkers en lakers fynt, hawar. Mar dat soks opfierd wurdt foar in publyk dêr't dochs altyd fan forwachte wurde mei, dat it foar de noeden fan de Fryske kultuer iepenstiet, dat boppedat soks bart ûnder it motto fan in ‘kulturele joun’, dat skreaut oan de kulturele protters dy't, liket my ta, mear stylgefoel hawwe foar har kunst en harren bikroande kunstners oer.
Men kin it faeks ek oara sjen: as in miskien net bidoelde, mar dêrom namsto trêftiger demonstraesje fan earlike earmoede. It wurd kultuer kriget hjir yn Fryslân nou ienris nuvere frachtsjes op syn brede rêch, dat witte wy sa stadichoan. En hwerom it dan net yn 'e eagen sjen mei in bytsje humor en selsirony? Dat soe kinne, as it stikje dêr't it hjir om gyng, yn dit formidden net pleatst wie as in kulturele died, as der gjin skriuwersnamme en -reputaesje mei op it spul set wie. Hwant dit is yn wêzen it pynlike: Hjir wie in skriuwer fan erudysje, in kunstner fan talint en mei gâns in poarsje kultureel forantwurdlikheitsgefoel, dy't nimmen yn Fryslân de fan him woune priis net mei syn hiele hert gunde - likegoed dyjingen fan de kulturele dregerein as de groep dy't him mar leafst oan de ûngewosken boeren-en-dong-forhalen hâldt. Elkenien fielde de bikroaning fan Dr. Poortinga oan as in bikroaning fan de forantwurde synthese tusken folkslêsfoer en kulturele utering. En foar it toaniel hat dizze skriuwer fan fortsjinste neat oars witten to bitinken as in klucht sûnder ien kluchtichheit, in parody sûnder parodyske wearde, in rûch, op úttarde motiven by elkoar boun en yn elkoar timmere gefaltsje dat appellearret oan de primityfste erotyske misforstânnen by in stompsinnich publyk, en dat de yntellektueel, dy't wier net fij is fan in grapke of in stikje bizichheit, net oars as biskamme meitsje kin.
Ik wol hjir net neigean hoe't Fryslân mei syn toaniel út dizze sompe weikomme kin. Allinne dit: dat de oplossing dy't de hear A.J. Wybenga foarslaen wol (as ik him goed bigryp): it foarbyld fan ‘Esmoreit’ en ‘Lanseloet’ - steld dat wy sok soarte yn 't Frysk hiene - ús gjin stap neijer bringe soe. Hja hawwe it Hollânsk toaniel ek net út 'e pogge helle. Heechstens in ôfwikseling jown op it deistich menu, dy't wolris forfrissend wurkje kin, al is it gefaer fan snobisme dêr tige great. Hawwe sokke stikken, dy't heechstens in birop dogge op ús sin foar it histoarysk primi- | |
| |
tive en foar in algemien-dizige skientme, ús hjoed de dei noch ien ding to sizzen? It kin wêze dat in Esmoreit-opfiering in kear of hwat sukses hat, mar dan allinnich yn in geastlik klimaet dat mei moderne kultuermanifestaesjes oerfuorre wurdt. Ik freegje my sels ôf, oft Shakespeare ús in bulte fierder bringt, ek al stelle wy fêst dat hy alteast in skriuwer is dy't de minske fan alle tiden hwat to sizzen hat. It geskermesear mei in Fryske Shakespeare op it Fryske toaniel liket my rounút nuodlik ta, omdat hy in apparaet en in spilersmateriael freget dat wy yn Fryslân net of heechstens by útsûndering by elkoar skraebje kinne. En binammen omt wy him as ‘publyk’ ienfâldich en domwei net oan kinne. Biwarje ús foar1 it Shakespeare-snobisme!
Mar goed, oplossing of gjint, - foar my leit it nije stik fan Tamminga, ‘De Hogerhuis-saek’. En yn it ljocht fan de penibele stân fan it Frysk toaniel, binne de klaroenstjitten dy't rounom opstige to forklearjen en to rjochtfeardigjen. Klammender wurdt de frage oft mei dit stik yndiel in goai dien is de goede kant op. Lit ús alderearst fêststelle, dat de Hogerhuis-saek in stik echt, bloedwaerm, libben toaniel is, - en binammen gjin stik litteratuer dat tafallich of mei opsetsin ta toaniel wurden is. It is toanielmjittich opset en fan de toanielpsychology út wei tocht, gjin roman dy't fan business-wegen ta toanielstik omfoarme is. It stik libbet fan ‘toanielmjittichheit’. It is boppedat in stik, dat, soe men sizze, alles mei hat: it falt yn in toanielkultureel vacuum; it fynt in ploechje enthousiaste spylders ré; it bihannelet in stoffe dy't, nei mear as 50 jier, jitte yn steat is en rop de affekten fan in great publyk wekker; it wurdt fan syn rom foarôfgien en sels de sensaesje is der net frjemd oan. It hat, koartsein, alle mooglikheden yn foar in suksesstik.
Dêr sit fansels in gefaerlike kant oan: it sukses kin fan to foaren de krityk deaprate. Sukses rjochtfeardiget de wearde net altyd. Boppedat: nimmen hat oant nou ta de Hogerhuis-saek opfieren sjoen, en dat is fan in stik altyd de helte - as 't net mear is. Politike komplikaesjes wol ik ôf wêze. Dat in part fan de Ljouwerter hegerein dizze spegel fan 50 jier forlyn net noasket, soit, it kin krekt likegoed wize op in biskate morele foarútgong as op in fikse doasis hypocrisy. Dat biskate lju dit stik sjen sille as de rjochtfeardiging fan in stik partijpolityk út it forline net allinnich, mar ek as propaganda foar in stik partijpolityk fan nou, mei hinnebrurje. De wêzenlike kwaliteiten fan dit toanielstik kinne net lizze yn har hikkeling fan soasjale misstânnen noch yn de positive strekking ta forbettering fan it minsklik lot, eleminten dy't men der èk yn fine kin, nóch yn de wearde fan histoaryske forantwurding. De wiere kwaliteiten fan dit stik lizze yn de kwaliteiten as toaniel, as minsklike situaesje-ûntwikkeling. De frage moat foaropstean: hwat die dit stik ús, as de hiele Hogerhuis-affaire in fiksje fan de skriuwer wie. Dan pas kinne wy ús ôffreegje: hwat hat it ús yn djipste wêzen to sizzen.
Alhoewol't ik der oars net fan hâld om to polemisearjen tsjin de hear D. Kalma, dy't út syn riedseleftich bastion ‘De Fryske Mienskip’ wei, yn it bisef fan gjin forantwurdlikheit to dragen syn banbliksemkes oer de Fryske biweging slingeret, en dy't foar
| |
| |
myn fielen in knap skriuwer en in striemin politikus is, moat ik op dit punt al efkes tsjin him yn 't gewear. Yn ien fan syn lêste Mienskipspamfletsjes wol de hear Kalma der op út, dat Tamminga, om it moreel en Prysk-nasjonael effekt fan syn stik to forheegjen, de Hollânske rjochters Hollânsk sprekke litte moatten hie. Yn it earste plak hie soks meibrocht, dat net allinnich it hiele 3e, mar ek in part fan it 2de en it 4de bidriuw Hollânsk wurden wie, of de hear Kalma moat by de Ljouwerter marechaussées en by de Bitgumer soasjalisten fan anno 1900 in Frysk-nasjonael bisef forûnderstelle dat mei alle histoaryske feitlikheit yn striid is. Mar ôfsjoen dêrfan soene Hollânsk sprekkende rjochters in ûnmiskenbere forgrouwing fan it effekt bitsjut hawwe, dy't it stik, dat al tige effekt-ryk is, net forneare kind hie. De hear Kalma sil nammers ek noch mar biwize moatte, dat it Hollânsk as tael perfoarst immoreler is as it Frysk. En boppe-al: it soe in bikentenis fan ûnmacht west hawwe, as ús eigen tael nèt foldwaende yn steat wêze soe om immorele effekten wer to jaen. De hearen Ten Booscates binne sa 't se binne swart genôch, dêr hoecht gjin falske taeltarre mear by.
En nou de frage: hoe sjogge wy ‘De Hogerhuis-saek’ los fan de histoaryske reäliteit, dus as suggestje fan in reäliteit dy't wy net kenne dêr't wy net fan witte oft er wol reäliteit is.
En dan bliuwe der by alle wurdearring dochs gâns biswieren. Psychologyske biswieren: in Ymkje Jansma dy't, wolle wy har tsjustere rol yn it drama forklearje, in hysterica, in erotysk monstrum wêze moast, en dy't net oars is as in eameleftige geit, in sleauwe tutte, in bête, dom, blei-eftich gefal, dêr't men jin net fan tinke kin, dat hja yntime relaesjes mei in Wybrera Hogerhuis hawwe kind hat, dat hja yn de saek aktyf en mei koel oerliz de fatale triedden spant, dat sels de immoreelste rjochters der ek mar ien momint yntippelje. Ik wurdearje Piter Jelles Troelstra syn visy op it gefal net bot: de pynlike kant derfan wurdt treflik yllustrearre troch it slot fan syn Hogerhuis-haedstik, dat útrint op 'e dea en bigraffenis fan Karl Liebknecht. Mar yn dy visy sieten dochs foar Ymkje as dramatis persona gâns greater kânsen as Tamminga har jown hat.
Toanieltechnyske biswieren dy't yn it stilistyske lizze: de sloppe would be-humor dy't faken by de bruorren Marten en Keimpe birêst. Ik haw yn in stik as dit gjin biswieren tsjin humor, likemin as tsjin it ûntbrekken fan humor: beide binne yn 'e situaesje like reëel. Mar dizze humor is wolris hwat forsearre en rûkt nei de âlde toanieltradysje fan ien of twa bysfeinten of ‘typen’ of lju dy't it bryk opsizze kinne.
Myn greatste biswier lykwols leit op oar terrein, en dat sil wol hwat nuver hearre nei hwat ik hjirboppe sein haw oer de ‘toanielmjittichheit’ fan it stik. It stik is nei binnen ta alhiel toanielmjittich tocht en nei bûten út is it ek toanielmjittich opset: it hat alle allueres fan it ‘klassike’ toaniel dat stribbet nei in logyske ûntwikkeling troch de bidriuwen hinne, nei in ôfroune hanneling, nei in komplete intrige. It is toaniel, bloedwaerm toaniel, mar nei de binnenkant sjoen: yn de détailútwurking. Nei bûten út, yn it globale is it it resultaet fan in kompromis. Hwant in ynwindige
| |
| |
needsaek foar de uterlike gong is der net, en dêrtroch wurdt it yn lêste ynstânsje mear in tafrielespul as in toanielstik. Dat de skriuwer yndied in klassike ôfrouning foar eagen stien hat, docht bliken út it lêste bidriuw, út de hinnewizing nei in takomst. De hear Tuinstra hat yn dit forbân, op in gearkomste fan it Kunstnersboun, sprutsen fan in oergong fan ‘reälistysk’ nei ‘symboalysk’ toaniel. Ik leau dat dit hiele greate wurden binne, dy't de saek net dekke. Heechstens forklearje hja de anti-klimax fan it fjirde bidriuw, dat as klimax tocht is en dat fan de greate kliber yndie as in klimax nommen wurde sil, omdat dy him maklik troch it uterlik effekt fan it ‘Morgenrood’-pathos geweken nimme lit. Yn wêzen yllustrearret it de net-oanwêzichheit fan in oplossing. Der is yn dit stik gjin oplossing, - likemin as der yn de histoaryske wurklikheit fan de Hogerhuis-saek in oplossing west hat. Dat is de tragyk fan it ‘libben’ tsjinoer de kunst. De kunst provocearret yn sa'n gefal in oplossing dy't ús faken, op it libben projektearre, net foldocht, mar as ‘kunst’ greep wol. Hja steurt har net oan de wurklikheit, omt dy in oanwizing, mar gjin harnas jowt. It libben hàt syn oplossingen wol, mar ornaris eigenje dy har net foar de kunst-ynterpretaesje, omt hja gjin yndruk mear meitsje. Yn dit gefal moast Tamminga dus, yn syn projekt fan in klassike ôfrouning, boun oan in tige strakke reäliteit, in oplossing provocearje dy't him mei net al to folle kearen en tearen mei de histoaryske feiten yn 't lyk bringe liet. Om mei Paulus van Dyk to praten: it bern moat mei de keizersneed helle wurde.
‘De Hogerhuis-saek’ mist in yntrige, ienfâldich omt de histoarje dy net oplevere. Dêrom wie it ‘stik’ dan ek út, doe't de Hogerhuzen foroardiele wiene. Sûnder dat lêste bidriuw hie it stik minder dat hybridysk karakter krigen, dat it nou hat: heal intrigestik, heal tafrielespul. Dan hie it mear de kant fan it tafrielestik útskaeid, wis, mar de forsearre oplossing hie ús ek net yn 'e wei sitten. Wis: Wybren Hogerhuis jowt ús yn de lêste scènes in wiksel op 'e takomst, dy't miskien noch herten weak meitsje kin. Mar wy witte blikstienderse goed dat de wrâldskiednis dizze wiksel net wiermakke hat. De arbeider hat it better krige, it rjocht is der alteast net minder rjocht op wurden, mar it gelok fan de minske, en dêr giet it yn wêzen om yn it (foar de rest ryklik abstrakt) soasjalisme dat dizze oplossing ús oanpresentearret, stiet net heger, ik soe hast sizze wolle, gâns leger notearre op 'e beurs fan de minsklike weardebipalingen.
Fansels wol dit neat oars sizze as dat, hwat men Tamminga fan to foaren sizze kind hie, en dat er nei wierskyn ek sels as in libben bisef by him hawn hat: dat er op 'e ien of oare wize it slachtoffer wurde soe fan de histoaryske wurklikheit dêr't er him oan boun. Ik wol dizze krityk dan ek graech nommen hawwe foar hwat hja wêze wol: in krityk op in niveau dêr't men by 99 pCt. fan de Fryske toanielstikken mei de bêste wil net op prate kin. Mar dêr stiet dochs ek foaroer: nearne yn 'e stjerren stiet by myn witten biskreaun dat Tamminga syn dramatyske talinten yn tsjinst stelle moast fan de Hogerhuis-saek. As er dat al docht, docht er it mei alle risiko's dy't de kritici foar him oerhawwe.
By einsluten - en dat is miskien wichtiger as alle krityk op
| |
| |
détails, op heger of leger niveau - is it stik en bliuwt it in typysk ‘folksstik’ út 'e skoalle fan Heijermans. Dêr is it stik net minder om, likemin as Paulus Folkertsma syn muzyk der minder om is, dat hja net troch Schönberg en Strawinsky hinnegien is. Mar men kin it bitreurje; kultuer forûnderstelt nou ienris continuïteit. En foar de Fryske kultuer en syn oansjen is 't der àl minder om. Hwant yn wêzen is Heijermans syn toaniel, hoe't men de toanieltechnyske kwaliteiten ek biwûnderje en der jit fan genietsje mei, oan in biskate tiid boun, in tiid dy't mei opkommend soasjalisme en naturalistyske kunstopfettingen tige skriel mar dochs wol dúdlik typearre is. Dy tiid leit - ek foar Fryslân - fjirtich jier efter ús. It probleem fan de moderne minske is net mear dat fan de soasjalistyske naturalist út 1910. En al wer stjit men op dy faeije grins: skriuwt men hjir yn Fryslân in toanielstik of hwat dan ek foar de Fryske kultuer of foar ‘de’ kultuer, d.w.s. dy fan de ‘moderne minske’? De wearde fan ‘De Hogerhuis-saek’ sadwaende kin men net oars as yn in twaliddige formule biflappe: foar ‘it’ toaniel in libben, oan détail- en effektwurking ryk stik mei in mannich tokoarten, dat lykwols net foarútwiist nei in takomst, mar basearre is op toanielprinsipes fan 40 jier âld; foar it Fryske toaniel it bêste stik dat sûnt jierren op 'e planken west hat, likemin in rjochtingoanwizer, mar in thermometer dy't oanjowt: sa heech geane ús formogens, as alles meiwierret, en dus yn legere sin dochs noch wer in rjochtingoanwizer foar de swakke bruorren-yn-it-fak, dy't sûnder tal binne. Der binne op alle libbensgebieten earste stien- en lêste hân-lizzers. De earsten meitsje de skiednis, de lêsten bikrêftigje har. Tamminga heart, as
toanielskriuwer yn Fryslân ta de lêsten.
En de Muze Melpomone mei ús biwarje foar de man dy't him strakaensens roppen fiele sil om de saek-Agema, it skandael-Van Haren of it gefal dy-en-dy foar de fuotljochten to bringen. It histoarysk tobeksjen is moai mei en kin jitte de hertstochten wekkerroppe. Mar it sprekt ta ús as in stim út it forline. It kin ús heechstens sizze: Sa hat it west, mar net: Sa moat it wurde, of: It moat oars. As toaniel-technysk experimint bringt de ‘Hogerhuis-saek’ ús net folle fierder as dat it de earmoed fan ús Frysk toaniel ek yn technysk opsicht reliëf jowt en miskien de fakbruorrren ta hwat ynterne hygiëne bringe kin. Mar troch syn histoaryske ynstelling jowt it ús ek net in konkreet probleem, dat ús hwat to sizzen hat: it needsaket ús út de histoarysk forklearbere omballingen ynmoedich en mei avontûr op in skriel resultaet, to sykjen om dat hwat ‘los sjoen fan it histoaryske en it sensasjonele, ek de minske fan ús tiid hwat to sizzen hat’. Ik leau, dat dat ‘hwat’ dêr't de skriuwer it hjir yn syn ynlieding oer hat, yn wêzen to dizenich is en to algemien en to abstrakt om ús by 't hert to krijen. De kwestje rjocht-ûnrjocht manifestearret him hjoed de dei op oare wize en freget ek oare striidwapens. Dat men dêrby miskien by Sartre tolânne komt, pleitet likegoed foar Sartre as dat it tsjin de hjoeddeiske minske pleitet. Dat net sizze wol, dat it foar ús dus mar de baes is en slut ús eagen for Sartre en dus ek foar de hjoeddeiske minske of oarsom.
ANNE WADMAN
15 Nov. 1950.
|
|