Dy kin koart om 'e hoeke gean. Lit my gearfetsje: It liket my yn elts gefal in goed ding ta, dat der troch de skriuwerij tusken Kl. Dykstra en my jitris de klam lein is op de wierheit, dat oersetting fan fersewurk winliken neidichtsjen is. Sûnder mis, sa'n oersetter folget, mar dichtsjende.
Hwat de Yeats-fersen oanbilanget, myn bidoeling wie fansels net eigen wurk to fordigenjen (it oardiel is oan oaren), mar wol dúdlik to meitsjen dat it my hjir, mear as om in letterlike oersetting, to rêdden west hie om de meidieling fan in sfear, dêrby binammen rekkenjend mei hwat it meast eigene fan Yeats syn earste dichting is.
Oer myn Shakespeare-oersetten dit. Op 'e earste gearkomste dêr't ik de Midsimmernachtdream op foarlies, haw ik oer myn plan om de hiele Shakespeare oer to bringen, dit sein: ‘Ik doar net sizze dat ik it kinne sil, mar wol fiel ik in ûnforbidlike plicht om it to bisykjen.’ Ik stean der nou oars noch oars ûnder. De pretinsje dat ik dêrby folmakke wurk jow, soe yn myn eagen bispotlik wêze. Mar wol haw ik dizze pretinsje, dat as de hiele oersetting ré foar de Fryske lêzer leit, Fryslân in folsleine Shakespeare-oersetting hawwe sil, dêr't it ynternasjonael mei foar 't ljocht komme kin. Om to witten hwat mûglik is, komt men der lykwols net mei Shakespeare to lêzen, it is ek nedich stúdzje to meitsjen fan oare oersettingen yn foar jin tagonklike talen. Ik leau, dat Dykstra better dien hie mei de metoade fan dr. Kok to folgjen, dy't yn de ‘Stim fan Fryslân’ myn oersetting forgelike mei Burgersdijk sines, of fan H. de Vries, dy't yn ‘Vrij Nederland’ ien fan van Suchtelen hifke oan ien fan Koster. Ik konkurrearje net mei Shakespeare, wol mei oare oersetters.
Myn great biswier lykwols is tsjin de wurden ‘yn pleats fan’, dy't Dykstra brûkt yn syn lêste alinea op side 367. Der is gjin praet fan in tsjinstelling tusken in folsleine Shakespeare-oersetting as mines, en in oersetting fan inkelde stikken, troch oaren. Just oarsom: it soe al tige spitich wêze, as nei myn totale oersetting, nimmen der mear nocht oan hie om mei Shakespeare to set (mar as dat al sa wie, soe it wize op in tige hege wearde yn mines, en dán wie it dochs ek net slim dat men jin oan it oersetten fan oare masters joech). It stribjen nei it mear folmakke sil ek hjir sûnder mis trochgean. Fierders tinkt my, dat ek hjir Dykstra him mei de metoade forsint. Hy neamt I. de Jong en D.A. Tamminga, beide gjin Shakespeare-oersetters; wylst it dochs foar de hân leit, in forgeliking to meitsjen tusken it wurk fan de eardere Fryske Shakespeare-oersetters, binammen Holtrop, en mines.
Mar moai wis prate wy dêr wol ris wer oer.
D. KALMA.