Yn 'e fierrekiker:
Poe's the Raven yn fortaling.
Yn alle tiden hat de driuw bistien, masterwurken út frjemde literatueren en ek wol wurk fan minder deugd troch fortaling tagonklik to meitsjen foar dyjingen dy't de talen dêr't hja oarspronklik yn skreaun binne net goedernôch kenne. En neat is natuerliker: as men sels oan in byldzjend kunstwurk, it hearren fan moaije muzyk, it lêzen fan in letterkundich wurk it hert ophellet, dan wol men dêr jerne oaren yn meipartsje litte. Proaza en poëzij forskele yn dizzen lykwols fan muzyk en fan skilder- en byldhoukunst. It skreaune en it sprutsen wurd meitsje ommers gebrûk fan in medium, de tael, dat fan folk ta folk oars is. Foar mannichten is dat in net oer to kommen biswier, allinnich op to lossen troch fortaling.
Nou is it folslein oersetten fan in literaire tekst út 'e iene tael yn in oaren in ding fan ûnmûglikheit. Gjin fortaler, en dat jildt yn it bysûnder fan wurken yn boune styl, is yn steat en jow stimming, wurdklank, rym en metrum fyn it oarspronklike feilleas werom. Mar wol kin it ta in poëtysk forantwurde werjefte komme, as in poëtyske geast by in deeglike kennis fan 'e beide talen komt. Fortaling fan in dichtstik dy't sa likernôch oan 'e easken foldocht, is dan ek mar it wurk fan inkelen. Ytliken, net mei sokke rike ideële jeften, hawwe har lykwols dochs oan it fortalen fan masterwurken weage, en sa kriget men jammer genôch withoefaek mishipte neibisiiksels optsjinne.
Dat is ek it gefal mei ien fan de nijsgjirrichste, klankrykste, rhytmysk-masterlikste en heechst dramatyske dichtwurken fan 'e Ingelske literatuer, ‘The Raven’ fan E.A. Poe, de Noard-Amerikaenske dichter hwaens stjerdei, hûndert jier forlyn, de hiele biskaefde wrâld it foarige jier bitocht hat.
Doe't dit dichtwurk yn 1845 útkaem, foel it tige op, krige forskate neiprintingen en makke Poe ta in forneamd man en ta in bigearde gast yn 'e literaire salons. Yn itselde jier jit waerd it mei oare gedichten fan Poe bondele, opdroegen oan Elisabeth Barrett Browning, en yn Ingelân op 'e nij printe.
It wie it Ingelsk lêzend publyk yn Europa wol net ûntkommen, mar algemiene bikendheit koe it allinne krije troch fortaling. Dat barde de earste reis yn 1853 en wol yn it Frânsk, doe't ‘Le Corbeau’ anonym forskynde yn in provinsjael bledtsje, ‘Le journal d'Alençon’. Twa moanne letter kaem de fortaling fan Baudelaire, dy't sûnt 1848 tige flyt dien hie op oersetting yn it Frânsk fan al Poe's wurk sa likernôch.
Sûnt 1853 is der omtrint in ieu forroun; yn dy hûndert jier krigen hieltyd wer oare fortalers der sin oan, ‘The Raven’ op 'e nij in Frânsk pak oan to tsjen. Sa bisteane der nou al mear as tritich Frânske lêzingen, hwerfan't de lêste, fan Leon Lemonnier, de Frânske Poe-kenner, noch mar inkele moannen forlyn útkommen is. Mar dy fan Baudelaire en fan Mallarmé hawwe noch altyd de measte wurdearring.
De rige fan Dútske fortalingen sette yn 1859 út ein mei in oersetting fan Friedrich Spielhagen. Yn 1862 folget ien fan Adolf