[Prospektus]
Mieningen út de Fryske Parse
IT HEITELAN: As de bisteanskânsen fan de Tsjerne al faei binne sa't hja binne, it bisteansrjocht is bûten kiif en dêrmei ek de plicht fan ús De Tsjerne to stypjen. Hij jowt folle mear as dat er freget!
Dat de Tsjerne jitte lang libje mei en mear omtinken fan de Friezen kriget as oan dizze tiid ta, is ús winsk. It leit oan de Friezen sels, net oan de Tsjerne, as dy winsk net neikomt.
SNEEKER NIEUWSBLAD: Men hoecht dit blêd net naar to lêzen om de Fryske kunst deugd to dwaen. It jild oan dit blêd spandearre, bringt syn rinte mear as op!
JOUSTERCOURANT: Ik wit mar ien rie foar dyinge dy't niget hat foar de Fryske literatuer: tekenje yn op it tydskrift De Tsjerne. As elke Tsjerne-freon syn bêst docht en in nije abonné oanbringt dan hoege wij ús net to skamjen. Hawwe de Friezen, dy 't op 'e hichte bliuwe wolle mei hwat der libbet yn 'e Fryske literatuer, der yn 'e wike twa dûbeltsjes foar oer?
DE STIENNEN MAN: Wer in bêst nûmer fan de Tsjerne, dat ek de sinnichste lêzer foldwaen sil. Hwa't - sinnich of net - noch gjin abonné is, moast him dochs ris bitinke!
KOLLUMER COURANT: Wy kinne dan ek net oars sizze, dat immen dy 't op 'e hichte bliuwe wol fan it Fryske kulturele libben, de Tsjerne perfoarst lêze moat. It sil him folle nocht jaen.
NIEUWE DOCKUMER COURANT: Allegearre dy 't fan letterkunde hâlde, allegearre dy 't dichtkunst weardearje, derfan genietsje of dat leare wolle, sille de Tsjerne grif lêze moatte. Har litteraire ûntjowing kin wier net ta mei Nederlânske kunst allinne. Freegje ris in nûmer oan!
NIEUWSBLAD VAN FRIESLAND: Dat der alle war dien wurde moat om it litteraire moanneblêd De Tsjerne foar Fryslân to bihâlden, dêrfan wurdt men wol oertsjûge as men de lêste nûmers sjocht.
FRIESCH DAGBLAD: Fryslân is sa gclokkich, dat it in eigen litterair tydskrift ryk is, mei in net sunick krigele redaksje.
DRACHTSTER COURANT: De Tsjerne is linkenlytsen in ynternasjonael klankboerd. In oantrún om in abonnemint to nimmen, moast eins net nedich wêze.