[Woord vooraf]
Achte freonen fan ús Fryske literatuer, it Fryske boek en ús memmetael!
It is needsaeklik dat wy warber binne en bliuwe foar ús litterair Frysk tydskrift de tsjerne. Dêrom hawwe wy in nij prospektus gearstald en printe, der't Jo út lêze kinne, hwat de tsjerne wol, hwer't de tsjerne oer skreaun hat, hwa't de meiwurkers binne, it bigjinselprogram ensafh.
Fierder kinne Jo hjir sjen, hwat de miening en it oardiel is fan it Fryske intellekt en de Fryske Parse. It liket ús ta, wy koene gjin bettere oanbifelling krije, as hwat dizze minsken allegearre skreaun hawwe; wy hoege der neat oan ta to foegjen.
Boppedat, it andert moat fan Jo komme. Freegje ris in karnûmer of noch better, nim ris in jierabonnemint. Yn it belang fan de Fryske litteratuer dogge wy mei klam in birop op Jo.
Stypje safolle mooglik de tsjerne.
Utjowerij fa. j. kamminga.
dokkum.