Bigjinselprogramma:
DE TSJERNE is Fryslân's iennichst litterair tydskrift fan nei de oarloch. Untstien yn 1946 as fuortsetting fan it illegael skriftke ‘De Rattelwacht’ giet it blêd dêrmei syn seisde jiergong yn. De taek fan De Tsjerne hat fan 'e miet ôf sawol tsjinjend as liedend west.
*
It wol it gearbinend orgaen wêze ta tsjinst fan Fryske proazaskriuwers en dichters, fan hokfoar rjochting en âldens ek, dy't omsjogge nei passende publikaesjemûglikheit foar it bêste dat hja jaen kinne.
*
It wol in iepen doar wêze foar alle jong en bigjinnend talint yn eigen taelformidden, en op sa'n wize it paed sljochtsje foar in Fryske litteratuer yn takommende tiden.
*
It wit him mansael biwenner fan it bidrige hûs dat West-Europeeske kultuer hjit en wol dêrom, de lêzer foarljochtsjend en oantsjuttend, in iepen finster wêze nei follerhanne, dat der by oare folken, litterair en kultureel, omhear giet.
*
It wol in wurkpleats wêze foar in forantwurdlike litteraire krityk, dy't de goede bûter op wearde keurt en alles, hwat de geastlike smaekpapillen yn Fryslân bidjerre wol, ôfwiist.
It wol in facet en exponint wêze fan it reveil dat Fryslân yn ús ieu bilibbet en in útfalspoarte yn'e striid tsjin âldstilich provinsialisme en oerflakkich popularisme.
*
It hat omtinken foar muzyk, toaniel, film en byldzjende kunsten en de kulturele situaesje by oare West-Europeeske minderheden.