Sybe Sybesma:
Wille zur nacht.
En 'k lei forlitten oan in wintersk strân
en sûze, sûze; stoarm raesde om my hinne,
machtige wjerklank: sa forjitte kinne
de streaking fan in ienris leave hân.
Forjitnis, o, forjitnis fan de dingen
en machteleas to lizzen foar de weagen:
dûm-dûnker byld, as nea myn eagen seagen,
- en wei to dounsjen yn dy dûzelingen.
En leech to wêzen, en net mear to wêzen
gjin weet to hawwen yn dit nigro-neat,
dêr't alles ophâldt sûnder to bigjinnen -
men is folslein it vacuum fan binnen;
de Bibel foár fers ien is sa to lêzen,
o, dat de minske dit sa rêd forgeat!
| |
Histoire d'amour.
Witstou noch wol, de Pinksterblommen bloeiden,
heech yn 'e loft de ljurk dy't song,
witstou noch wol, hoe't wy útlitten djoeiden,
de rook fan wetter mei dy fan bloeisels mong-
en, en de wolkens fearen as pronke dreamskippen
de himel to'n ein en de ierde wie smout,
hoe't wy fearen, omstringele inoar, tsjin klippen
to barsten - 't hat ús net biroud -
en yn it wâld dounsen de elfen dronken
dounsen de elfen ús in brulloftsdouns,
hoe't wy yn leafde' djipten forsonken,
Witstou noch wol, de swiere ierde trille,
waermtochtich trille ûnder ús -
in lette sinnestriel, in iere, prille -
hoe kamen wy dy nachts, dy moarntiid thús?
| |
Dyn lippen smakken as klaverhunich -
in wiffe muzyk rûze oan, rounom,
yn ranke klanken útdripkjend, sunich -
'k biswom yn dyn fiver in lyljeblom,
in poarp'ren, in reade, in rôse, in wite,
de nacht wie sulv'rich, de nacht wie swart,
wy dounsen, wy fearen - in rûzige rite -
de nacht yn, de nacht troch, de nacht waerd fortard,
en, fanke, dou witst' it noch wol? - Ommers, letter,
in swimmich nachtfeest yn in smelle bar;
ûnder hot-jazz, in walm om heas getetter,
waerden wy hommels ús jeld gewaer.
Ta âld, to deun, om noch nayf to stjerren
doarmen wy earmtlik ta de winter yn -
ik wol net mear oan dy, dou net oan my bihearre,
myn fanke; ús leafde fordreau op 'e wyn,
op 'e wyn dy't heaze troch hege krunen,
op 'e wyn dy't wy dronken, tintelich sûr,
op 'e wyn, dêr't ús tochtigens oan bilune,
toraend, toferzen oan ús fjûr;
en yn it wâld dounsen de elfen dronken,
dounsen de elfen ús in deadedouns,
en wy foar 't lêst yn leafde-kramp tokrompen,
dou, ik, foar 't lêst, foar 't earst, foar 't lêst, dy jouns.
En efternei, togearre by de widze,
dêr't Hedzer sûndeleas syn ûnskuld sliept,
moatte wy hjir inoar ús sûnden sizze
en wekker wêze - en hy sliept, hy sliept.
|
|