| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Nije Sweedske lyryk yn oersetting.
Erik Lindorm:
Amerij fan lok.
Is it wier, dat 'k in berm yn 'e earmen ha,
yn syn eagen myn wjerbyld fyn,
dat de ierde sa waerm is, de wetters sa
glânzgje yn goudene skyn?
Hwat tiid soe it wêze, yn hokker jier,
hwa bin ik, hwat namme is my jown?
Dou laitsjende lytse mei sinneljocht hier,
hoe hastou myn earmen foun?
Ik libje, ik libje! Hjoed mei ik bistean,
mar hwêr bin ik weikaem, en hoe?
Grif moasten miljoenen fan jierren forgean
dat dit my hjoed barre soe.
| |
Bertil Malmberg:
Draech my út keamers skaden
yn 't feilich lampeljacht,
hâld oer myn eangst en twivel
dat 'k wit: noch bin ik dines,
dou litst my dochs net gean
en langsten, bleek en hean.
It is my, as wie 'k útstaet
út d' âld-bitroude sfear;
mei frjemde eagen sjoch ik
wol 'k prate lyk as oaren
en sykjend, oft hja reinden
oer d' ierde, skier en drôf.
| |
| |
It is my as wie 'k net as oaren
in minske fan fleis en bloed,
mar in demon, ûnwis en ûnsillich
dy't gjin weet hat fan goed en tsjoed;
as wie it mar skime-bagage,
as wie hiel myn minskegelikens
camouflage en falske sier.
It is my as woe 'k net libje
mar glide op bleke wjukken,
troch snieïge moanneskyn,
spoekje yn hjerstige parken,
.... iensum, net to birikken,
| |
Pär Lagerkvist:
In mem dy't werbringt op 'e joun
ut wyn en kjeld en dampen
in ding, forgetten, net wer foun,
yn 't ljochtsjen fan 'e lampe.
In wurkje, sa foar 't each net slim
al beart de stoarm ek noch sa;
mar nimmen as allinne in mem
giet stil nei bûtendoar ta.
To sykjen fan 't oertsjustre lân,
eat dat, fordien fan minskehân,
heart yn 'e hûs to wêzen.
| |
| |
| |
Edith Södergran:
Hjerst.
Nou is it hjerst en de goudene fûgels
fleane allegear hûsta oer djipblauwe wetters;
oan 'e oere stoarje 'k nei 't bûnt geskitter
wylst it ôfskied rûst troch de tûken.
Great is it ôfskied, de skieding ophannen,
Sa wurdt it slomjen licht, mei de holle op 'e hannen
en ik fiel it amjen fan in mem oer myn eagen
en de mûle fan in mem tsjin myn herte:
sliep mar, slomje mar, berntsje, hwant de sinne is ûnder.
| |
Karin Boye:
Underweis.
De dei fan sêddens is de greatste net,
de bêste dei is ien fan toarst, forlet.
Wol is ús reis nei doel ent ein biskaet,
lykwols, syn eigen wûnders hat it paed.
It bêste doel: in nachtrêst dêr't de hurd
ûntstutsen, 't brea mei hasten brutsen wurdt.
Op stéën dêr't men sliept ien inkle kear,
dêr rêst it swiet en dreamt it bliid en klear.
Brek op, brek op, de nacht is wer fortein,
ús greate aventûren ha gjin ein.
| |
| |
| |
Hjalmar Gullberg:
Fierôf.
Hwa bin ik? Bin ik jong of âld?
Frjeind stiet myn antlit nei de wrâld,
myn each keart yn, myn mûle is
in boarne, djip fan heimenis.
Jim roppe en hearre neat werom.
forkear ik, net to gripen, stom.
Jim bliuwe boun oan romt' en tiid
hwant myn mystearj' is jim to wiid.
Jim miene dat ik ûnrjocht doch
omdat myn siele, ear't ik noch
forstoarn bin, weiwurdt, damp allyk,
By jim is soks in lef ûntwyk.
Ik oefenj' in forbeane sport,
hwant út jim hannen gliidzj' ik fuort
fan wizd' ont grêf my neat mear sei.
Ik bin fordwoun, forkoft, ik mis.
wennet hy, dy't myn machthawwer is.
Hy is net goed, hy is net tsjoed,
hy is gerûs, in fjûr, in floed.
Skielk sjong ik yn syn stoarmwyn mei
en sjit ik yn syn streamen wei
en baern ik yn syn moarntiidsrea
Mar jim sill' my útdrage - dea.
| |
| |
| |
Einar Malm:
Telegram oan in túnbaes.
Dyn libben is: 't libben warje,
en silst it mês net sparje,
dan is 't om ûnrants tier.
Yn dizze tiid fan fornieling,
fan moardzjen yn sinleaze haet,
is dyn wurk in wurk fan bisieling,
fan it libben bistòu soldaet!
| |
Johannes Edfelt:
Démaskearring.
it momint, fan eangstme ljocht,
alles ont de boaijem sjocht.
Nimmen slagget noch foarby,
't wrâldrom stoarret sûnder glâns
dy yn 't each; gjih amnestij,
gjin genede of rêddingskâns.
Oan yllúzje en skyn ûntstoarn
sjochstou stjerre' stielpupil
en dou hearst de neare toan
fan it fûgelt, hjerstich skril.
Hommels, ûnbifetlik wreed,
brekt 't toanielskerm út syn stal.
Klear, forskuorrend fan it leed
hearstou 't gûlen fan 't hielal.
| |
Forantwurding:
De hjirboppe ôfprinte oersettingen moatte sjoen wurde as in needsaeklike oanfolling op de yn dit tydskrift earder ôfprinte samling (4e jrg. nr. 1, s. 20 f.f.).
Inkelde wichtige dichters dy't earder net fortsjintwurdige wiene is hjir in fers fan opnommen, wylst fan in pear oare noch in fers oerset waerd; it gehiel jowt nou fan de nije Sweedske lyryk in ridlik goed oersjoch, foar safier't soks op in biheind tal siden en yn oersettingen to birikken is.
M.S.
|
|