| |
| |
| |
Povl Kildemoes:
Kaj Munk.
(It lêste.)
Kaj Munk wie erkend. Syn toanielstikken waerden opfierd en jitris opfierd en de printe útjeften waerden yn greate oplagen forkoft. Hy krige nou de middels om to reizgjen; yn 1934 giet er mei de frou nei Palestina. De yndrukken fan de reis skilderet er yn in rige reisbrieven, dy't yn Desimber 1934 yn boekfoarm útkomt: ‘Vedersö - Jerusalem retur’. De brieven binne skreaun yn konversear jende, luftige toan, hja fortelle op libbene wize, hwat it echtpear Munk op syn reis bilibbet; en op de eftergroun tekenet him in klear byld ôf fan Kaj Munk sels. De reis troch Dútsklân en Itaelje jowt Kaj Munk oanlieding ta politike skôgings. Wy sjogge, dat er de beide Europeeske diktators in goed hert tadraecht. Oer Itaelje skriuwt er: ‘- in arbeidzjen en in fleurichheit, in rige iverige hannen, en boppe dat allegearre ien fêste hân’, oer Dútsklân: ‘Mar ienheit en oarder is der yn it ryk. En bitink dan jitris, hoe't it stie, doe't Hitler oan de macht kaem’.
Kaj Munk sjocht Mussolini en Hitler dus mei ûnfordielde sympathy. En dochs! By Hitler set er nou in pear fraechtekens: de ariërforearing', de joadeforfolgings! En wol Hitler nou likegoed frede mei de hiele wrâld, lyk as er seit? Kaj Munk wol it jerne fan him oannimme, mar kin er dat noch?
It gêstet en siedt yn Europa, en Kaj Munk hat in libbene bilangstelling foar de ûntwikkeling. Yn 1936 skriuwt er ‘Sejren’ (De Oerwinning), dat yn Itaelje spilet. It stik giet oer de oarloch yn Abessinië, en de haedpersoan is Mussolini.
‘Sejren’ hat guon punten fan oerienstimming mei ‘En Idealist’. Lyk as Herodes is de kânsler yn dit stik in machtsminske, en lyk as Herodes hat er in frou der't er fan hâldt, mar dy't er offerje moat om ta syn doel to kommen. Mar der is dochs ien prinsipieel forskeel tusken Herodes en de kânsler. Herodes waerd tekene as in folslein ûnbironge en hurd machtsminske, hy is idéalist yn de spesiale Munkske sin fan it wurd. De kânsler wurdt yn it bigjin fan it stik tekene as immen dy't de frede leafhat, as
| |
| |
in man mei idéalen; hy is idéalist yn de mear wenstige bitsjutting.
De reden, dat de machtsminske hjir, yn ‘Sejren’, sympathyker tekene is as yn ‘En Idea1ist’ is, dat de kânsler Mussolini is, de biwûndere Mussolini. ‘Sejren’ bringt lykwols ek ta utering, dat de Abessinyske fjildtocht Kaj Munk hinderet. Yn krante-artikels hie er Mussolini's hanneljen fordigene, mar hjir, nou't er dichtet, komt de wierheit foar 't ljocht.
Yn 1938 forskynt ‘Han sidder ved Smeltediglen’ (Hy sit oan de Raentsjelk).
Professor Mensch is in stil ûndersiker; hy is archaeolooch en winliken wol foldien oer Hitlers regime; de hâlding' fan de führer foar de Joaden oer lit er gjin protest tsjin hearre; Mensch mei de Joaden net lije, om't der ris in Joad west hat, dy't biswieren oppere tsjin ien fan syn stúdzjes en dêrop promovearre wie.
By in opgraving hat Mensch in authentyk byld fan Kristus foun, sa't er der útseach, doe't er op ierde wannele. It byld lit klear en dúdlik sjen, dat Kristus in Joad wie. Juffer Schmidt, de privé-sekretaresse fan de professor, hat in great oandiel yn de fynst.
Professor Dorn, de kollega fan Mensch, is in sober wittenskipsman, mar in aktyf nasjonael-soasjalist, ien fan de mannen fan de takomst. Hy hat in stúdzje skreaun, dy't ‘biwiist’ dat Kristus ariër wie.
Biskop Von Beugel is repraesentant fan de gefaerlikste fijannen fan it nasjonael-soasjalisme, foarstrider fan de kristlike idéen. De tredde akte jowt it konflikt tusken Dorn en Beugel: Dorn, great, wiis, hwat stupide; Beugel, lyts, libben, kromfuottich, in man fan it wurd. In kostlike scene, mei in djippe ynhâld.
Professor Mensch is foreale rekke op juffer Schmidt, hy makket har it hof. Mar nou moat juffer Schmidt bikenne, dat hja net dejinge is, der't hja har foar útjowt; hja is Joadinne, har wiere namme is Sara Levi. En alhoewol't Mensch grypt wie fan Beugels wurd yn de diskusje mei professor Dorn, lit er him hjir likegoed kenne as in orthodoks nazi: hy stjûrt har fuort.
Mar in nije skok wachtet professor Mensch. Dorn komt deryn en dielt him mei, dat Mensch de oare deis de Dútske Nobelpriis útrikt krije sil foar syn nije fynst, it Kristusbyld. Dorn kriget it byld to sjen en konstatearret fuort, dat it in
| |
| |
Joad is. En nou protestearret er út namme fan de partij en de führer: yn deselde snuorje dat der yn Dútsklân oan it biwiis arbeide wurdt, dat Jezus ariër wie, kin dit byld net yn de iepenbierheit brocht wurde. Professor Mensch komt foar it earst yn konflikt mei it systeem, hwant nou is it de wittenskiplike wierheit, datjinge hwat him it hillichst is, dat yn 'e knipe komt. Mar hy jowt al gau bilies foar professor Dorns drigeminten en redenaesjes en seit ta, dat er de oare deis de führer it byld oerrikke sil sûnder it oan oaren sjen to litten, en him útmeitsje to litten, hwat der fierder mei barre sil.
Mensch stjûrt boadskip oan juffer Schmidt en freget har, de folgjende deis mei him nei de plechtichheit to gean.
De folgjende deis, yn de aula fan de ryksuniversiteit. Alle swakkens is fan professor Mensch ôffallen; hy freget de führer drystwei, hwat him it leafst is, de wierheit of Dútsklân. It antwurd is: Dútsklân. En nou hannelet professor Mensch, hy soalt it byld tsjin 'e groun! Alles giet oerein, allinne juffer Schmidt kin net. Mar Mensch giet noch fierder: foar de hege gearkomste forklearret er, dat de helte fan syn resultaten to tankjen binne oan juffer Schmidt, mar dat hja Joadinne is. ‘Har namme is Sara Levi. Har nim ik nou ta myn wiif.’ It wurdt izige stil. De führer forlit de seale, wylst Dorn feninich sisteret: ‘Tolf ûren jow ik him noch.’ Mensch seit ta syn takomstige frou: ‘Dou silst my in soan bernje yn myn âlderdom, Sara, hy sil in goed Dútsker en in wier minske wêze.’
Mei ‘Smeltediglen’ joech Kaj Munk utering oan de forûntweardiging en smerte dy't er fielde oer de joadeforfolgings. Nijsgjirrich is in forliking mei earder wurk: de foarhinne hwat cynyske helteforearder is hjir foroare yn in waerm fordigener fan de warleazen. Kaj Munk stiet hjir as kristen-humanistysk foarstrider.
De tendins fan it stik it dúdlik. Lykwols noch it folgjende oer de lêste scenes: hwannear't Mensch it Kristusbyld fynslacht, kin dat sa opfette wurde, as soe er de wierheit offerje op it alter fan it faderlân. En sa fettet professor Dorn it ek op, mei't er, lústerjend, seit: ‘Goed, Mensch, dat wie yn oarder!’ Mar Dorn sjocht inkeld de réaliteit: dat it byld fynslein wurdt, wylst de died fan Mensch sûnder mis opfette wurde moat as in fortwivele demonstraesje: de wierheit kin net libje, der't it faderlân de iennichste wierheit is, der't alle oare wierheit foar wike moat.
| |
| |
‘En Idealist, ‘Ordet’ en ‘Han sidder ved Smeltediglen’ binne de haedwurken fan Kaj Munks dramatyske produksje.
Kaj Munk koe Mussolini en Hitler net maklik loslitte; mar hja twongen him dêrta, stap foar stap. De úteinlike brek kaem mei de Dútske yntocht yn Tsjechoslowakije yn Maert 1938, Doe seach er yn, dat it in yllúzje west hie, en kaem dêr iepentlik foar út.
Twa jier letter kaem de Dútske bisetting fan Denemarken. Dy deis skreau Kaj Munk twa rigels:
De tûzen jier, hja binn' forstoarn
Fan skrik, fiif ûre fan 'e moarn.
Kaj Munk fielde deselde fortwiveling, soarch en skamte as de measte oare Denen.
Fan de earste dei ôf bistried Kaj Munk de bisettende macht mei wurd en pinne. En binammen bisocht er sloppe en ûnforskillige Denen wekker to skodzjen en ta bisinning to bringen. Der is in prinsipieel ûnderskied tusken Kaj Munks wurk foar 9 April en dêrnei. Kaj Munk hie mei syn wurk altyd in bidoeling' hawn. Mar dat kaem folle en folle mear ta utering nei 9 April. Hy stelde nou syn pinne folslein yn tsjinst fan de agitaesje. It is mooglik, dat syn wurk dêr kwalitatyf ûnder lit hat, mar dêr is it gjin Deen minder leaf om.
Wy sille nou yn 't koart de fersen, preken en toanielstikken út Kaj Munks lêste jierren bihannelje.
Yn 1941 joech Kaj Munk in dichtsamling yn it ljocht: ‘Svaerg det, Drenge’ (Swar it, Feinten). Hja bifettet wurk fan 1920 ôf, mar it wichtichste diel wurdt foarme troch fersen út de earste oarlochswinter. Kaj Munk wie gjin lyricus, de measte fan syn fersen hawwe net safolle to bitsjutten. Mar it is opfallend, dat de bisetting en de oarloch, dy't er beide yntins mei bilibbe, him ta wiere skientme ynspirearren. Nou ynienen koe er, út syn greate leafde ta Denemarken en it Deenske folk wei, ús fersen jaen fan greate artistike wearde, fersen, dy't yn de kweade jierren fan de bisetting gâns lêzen en sitearre waerden en mannichien ta treast wiene.
Itjinge hjir sein is fan de samling ‘Svaerg det, Drenge’, jildt ek foar de dichtsamling ‘Den Skaebne ej til os -’ (Dat Lot net oer ús -). Nei de moard op Kaj Munk waerden dizze fersen yn forskate yllegale útjeften forspraet, foar in part ûnder de namme
| |
| |
‘8 nye Digte’, foar in oar part ‘Kaj Munks sidste Digte’, foar noch in oar part ‘Sidste Digte’ (Lêste Fersen). Lykwols komme dizze fersen artistyk sjoen net earlik oan de hichte fan de bêste yn de samling ‘Svaerg det, Drenge’ ta.
De Dútskers hâldden Kaj Munk yn 'e rekken; ‘Svaerg det, Drenge’ koe er yn 't ljocht bringe, mar al ridlik gau waerd er fan de sensuer oan bannen lein. Syn toanielstikken mochten net mear opfierd wurde, syn boeken net forhannele. Mar fan de kânsel ôf koe er sizze hwat him it hert biweegde. Syn tsjerke wie altyd fol, en in Köbenhavner deiblêd brocht in hiel jier lang alle wiken in preek fan Kaj Munk. En dy preken, hâlden fan Palmsnein 1941 oant Mariae Boadskip 1942, joech er út yn twa lytse dieltsjes: ‘Ved Babylons Floder’ (Oan Babylons Streamen) en ‘Med Ordets Svaerd’ (Mei it swurd fan 't Wurd). Dat wy troch dizze preken Kaj Munk kennen leare as dûmny seit himsels: in libbene, persoanlike styl, de tekst fan 'e dei wurdt aktualisearre, en hy hat de wûndere jefte, dat de harker leaut, dat der ta him persoanlik sprutsen wurdt. Kaj Munk preket in Kristendom, frij fan dog'matyk. It giet der foar de inkeling om, ta God yn in persoanlike forhâlding to kommen, sa klinkt it yn syn hiele forkundiging troch.
Mar dizze beide lytse dieltsjes binne mear as in prekesamling, hja binne in ûnderdiel fan de nasjonale striid ûnder de bisetting. ‘Hjirbinnen jildt allinne de sensuer fan de Hillige Geast, en dy sensuer is it, dy't twingt net ta swijen, mar ta sprekken’, seit Kaj Munk. En yndie, hy swijt net. Der klinkt Deenske, moedige tael út de tsjerke fan Vedersö: tsjin de Dútskers, tsjin de forrieders, en hy ropt direkt op ta forset tsjin de bisettende macht en ta help oan de Joaden en oare forfolgen.
Yn 1943 jowt er ‘Tre Praedikener’ (Trije Preken) út. De toan is sa mooglik jit ûnforsoenliker wurden. Yn Desimber 1943 preket er yn de Frouwetsjerke to Köbenhavn; dat wie de lêste kear, dat er bûten Vedersö yn it iepenbier spriek.
Wy hawwe sjoen, hoe't Kaj Munk yn syn fersen en yn syn preken bisiket it Deenske folk wekker to skodzjen. Hy giet dêrmei yn Grundtvigs fuotleasten, en dat docht er biwust. Grundtvig hat Kaj Munk altyd ynteressearre, en nou mear as ea. Sa wurdt dan ek it earste greate wurk nei 9 April 1940 in toanielstik oer Grundtvig.
| |
| |
‘Egelykke’ (Ikelok) waerd skreaun yn de simmer fan 1941. Yn Septimber fan itselde jier gong de première yn it Keninklik Theater, wylst it boek tagelyk dêrmei forskynde.
De earste trije akten hearre mank it bêste, dat Kaj Munk skreaun hat. Hja skilderje, hoe't Grundtvig op Egelykke, in state op Langeland, oankomt. By de oankomst is er in selsbiwust, mar frijhwat stupide nijbakkene theologysk kandidaet, mar troch de omgong mei de moaije, waermbloedige frouwe Konstance Leth wurde syn sin foar poëzij en syn heitelânsleafde wekker. Hy wurdt razend foreale op har, hja wifkjend op him.
De beide lêste akten binne ek goed fan opfetting, mar de foarmjowing is net earlik slagge. Hja tekenje Grundtvigs kristlik ûntweitsjen en syn ôfreis fan Eg'elykke.
Kaj Munk hat syn dichterlike frijheit brûkt om de episoaden fan Grundtvigs libben to komprimearjen ta in koarter tiidsforrin as histoarysk krekt is; en hat allyksa Konstance hwat waermer bloed taparte as hja eigentlik hie, hwat forûntweardige protesten fan har folk toweibrocht. Mar beide is it artistyk forantwurde, ‘Egelykke’ is in toanielstik, Kaj Munk weardich, foaral, lyk as al sein, de earste trije akten. ‘Egelykke’ hannelet oer de leafde, en bringt ús dêrmei ‘De Udvalgte’ yn 't sin, der't Davids sûndige leafde him troch Gods genede yn makke ta in goed minske. Hjirre, yn ‘Egelykke’, is der sprake fan in leafde dy't ynspirearret ta in djip heitelânsfielen. Yn de ynliedende strofen ta ‘Egelykke’ skriuwt Kaj Munk:
Hwa leave 't heitelân, hwa leave God,
Dy't foar dy tiid gjin frou ea leafhawn hat?
twa fersrigels, dy't folslein oerienstimme mei it bikende sitaet út Grundtvig:
En sa'n ien hat nea libbe,
Dy't dizze dingen leavet,
Of leafhawn hat er earst.
Yn 1941 stie Denemarken alhiel yn it teken fan Grundtvig; wy hoege hjir allinne mar de rig'e lêzingen to neamen, dy't professor Hal Koch oer Grundtvig hâlden hat foar de universiteit fan Köbenhavn. Allinnich it skriuwen al fan in toanielstik oer Grundtvig soe opfette wurde kinne as in bydrage ta de nasjonale striid; en ‘Egelykke’ waerd sa opfette. Mar in noch dúdliker tendins is der yn Kaj Munks folgjende toanielstikken.
| |
| |
‘Niels Ebbesen’, skreaun yn de hjerst fan 1941, forskynd op 9 April 1942, waerd fuort forbean, mar der waerden 15000 eksemplaren fan forspraet. It boek wie opdroegen oan ‘ús jonge keardels fan 9 April’.
Elts bern yn Denemarken kent it forhael fan Niels Ebbesen, de Jutlânske boer, dy't yn it jier 1340 greve Gert, de oanfierder fan de Holsteinske bisettingsmacht, daette, en dêrmei it sein joech ta de folgjende frijheitsstriid.
‘Niels Ebbesen’ hat fiif koarte akten. De beide earste akten skilderje Niels Ebbesen as in freedsum man, dy't neat leaver wol as thús op syn pleats rêstich libje en der neat foar fielt, tsjin de oerhearsker op to stean. De tredde akte bringt it kearpunt. Greve Gert twingt alle man dy't wapens drage kin fan Niels Ebbesens pleats ta Holsteinske kriichstsjinst. Mar nou giet er de bidaerde Jut dochs to fier. Niels Ebbesen tsjocht nei Randers mei in lytse keppel moedige keardels, hy forskynt foar greve Gert en slacht him nei in koart striidpetear del. Lêste akte: Niels Ebbesen tsjocht nei hûs ta, hy is alhiel net greatsk op syn died; mar letter, hwannear't it folk op him ta komt, big'rypt er, dat der striden wurde moatte sil, oant de frijdom einlings woun wêze sil, en stelt er him oan it haed fan de frijheitsstriid.
De tastân, dy't ‘Niels Ebbesen’ skilderet, komt yn hast alles oerien mei de tastân yn Denemarken yn 1942. Hwannear't men suver artistyk oardielje soene, soe ‘Niels Ebbesen’ miskien net sa tige heech oanslein wurde: de wurklikheit is tof olie oanskroefd, der bliuwt gjin genôch romte foar de fantasij fan de lêzer; mar as striidskrift heart it toanielstik ta it bêste út de bisettingstiid.
De foarsimmer fan 1943 bringt Kaj Munks lêste dramatyske wurk: ‘För Cannae’ (Foar [de slach by] Cannae), in lytse wrâldhistoaryske skets, dy't ús yn gâns opsichten de Kleopatra- en Octavianus-scenes fan ‘En Idealist’ yn it sin bringt. Mar oan de oare kant: hwat in forskeel!
‘För Cannae’ is in dialooch tusken de machtsminske Hannibal en syn tsjinstanner, de Romeinske fjildhear Fabius. En wierliken, de machtsminske hat hjir in weardige tsjinspylder, ja, it is Fabius, dy't it lêste wurd kriget. En de sympathy fan de lêzer, en, hwat wichtiger is, ek fan Kaj Munk, is folslein oan syn kant. Der is wol eat bard, sûnt Kaj Munk ‘Operationen’ en ‘En Idealist’ skreau!
| |
| |
Kaj Munk wie de Dútskers ien greate argewaesje wurden; hy forwachte elke dei oppakt to wurden. It barde op de 4e Jannewaris 1944, De jouns om acht ûre waerd er troch de Gestapo ophelle; de oare moarns om njoggen ûre waerd er yn in sleat by de dyk lâns ûnder it doarpke Hörbylunde foun mei trije skotten yn 'e holle, fan efteren....
Dit biheinde oersjoch fan Kaj Munks libben en wurk kin net bisletten wurde sûnder in pear wurden oer de bitsjutting fan syn dea. Fan de earste dei fan de bisetting ôf sette Kaj Munk alles hwat hy hie yn 'e kiif foar de striid tsjin de oerhearskers. Yn wurd en skrift wurke er harren tsjin en stipe en bimoedige syn lânslju. Mar yn de wylst pinig'e it him, dat er Denemarken en it Deenske folk net mei mear taestbere middels fortelle koe, hoe't er harren leave. Lykwols, doe't it gefaer tichter om him gearloek, foun er rêst yn de wissichheit, dat de martlersdea dy't er forwachte, ûnforduldich suver, dêrfan tsjûgje soe. Hy lange dernei, foar Denemarken to stjerren. Mei syn martlersdea waerd syn wurd ta died.
Yn ‘Smellediglen’ seagen wy, hoe't Mensch wekker waerd, doe't datjinge, hwat him it hillichst wie, de wittenskiplike wierheit, yn 'e knipe kaem.
Yn ‘Niels Ebbesen’, hoe't de Jutlânske boer hannelet, hwannear't greve Gert it spul to fier driuwt. Lyk as de oanslach op greve Gert yn 1340 it Deenske folk wekker makke, sa waerd de moard op Kaj Munk de skok, dy't in great part fan it Deenske folk út syn ûnforskilligens en yndolinsje skuorre soe.
Yn in krante-artikel is Kaj Munk der ris tsjin opkommen, dat it Deenske folkskarakter inkeld mar sloppens en sêftsedigens wêze soe: ‘Wil en hertstocht binne likegoed siden fan it Deenske folkskarakter’. As biwiis neamt Kaj Munk in rige fan Denemarkens greate mannen.
Wy kinne nou mei gerêst gewisse Kaj Munks namme oan dy rige tafoegje.
Yn him hie Denemarken in great skriuwer en in goed soan!
(Oersetting Marten Sikkema.)
30 Juny 1950.
|
|