frede, sa'n atmosfear fan ynlikheit. En dan dat frjemde lân, frjemde minsken dêr't hja gjinien fan koe, en dy wide sé dêr't hja oer moast. De ûnwennichheit dêrre. Faeks soe se neat fan dit allegear wersjen: it pleatske net, de susters net, it apelhôf net.... Neat. In frjemde man, dy't hja amper forstie, en dêr't hja net fan wiste hwat er die foar de kost, oft er wol in hûs hie.... Mar oan 'e oare kant - hy wie de heit fan har bern, hy koe en woe de skande weinimme dy't oan har siel fretten hie, al dizze jierren lang. Hie dizze man g'jin rjocht op har, hy mocht dan wêze dy't er wie? Ienris hie hja him by har op bêd litten, - hie hja graech wold, dat er har oanrekke en har bisiet.... Wie it net de konsekwinsje fan doe, dat hja by him bleau....?
‘En wy dan?’ sei Hinke. Har Edward soe nea komme om har skande út to wiskjen. En Durkje hie de hope ek al lang oerjown, binammen nou't hja dat oare wiste fan Tom, fan dy froulju yn Dútsklân.
‘En wy dan?’ sei Hinke jitteris. ‘Wy hearre dochs byelkoar? Ha wy net alles trijerisom trochstien?’
‘It is sa’, sei Gjerritsje. Triennen knypten tusken har eachslidden troch. ‘Mar as er it bern nou opeasket?’
‘Lit him earst mar ris biwize dat it sines is’, sei Hinke, dy't fielde dat hja winne soe. ‘En dan binne wy der ek noch! Ik woe wolris sjen hoe't er ús it bern ûntkrijt! Wy binne der op 't lêst sels by. Is 't net sa, Durkje?’
‘It is sa’, sei Durkje.
‘'t Is goed’, sei Gjerritsje, ‘ik bliuw’.
Pat siet der by en hearde it oan. Hy bigriep dat syn kânsen min stiene. Hy woe net langer seure, it ien ôf 't oare. Gyng hja mei, ‘to-morrow morning?’ Ja of né.
‘Né.’ Gjerritsje lûd klonk smoard yn fortriet, mar fêst.
Doe sprong Pat oerein: ‘Nay? Nay? What do you....’
Hy waerd pûrrazend en houde mei de fûst op 'e tafel. Soe hja wegerje? Hja sòe mei! ‘To-morrow we'll leave.’
Alle trije seagen hja Gjerritsje oan: stie hja der foar of soe hja bilies jaen? Bylden skeaten troch har hinne: in lange, lange séreis, in greate stêd, in hûs mei in balkon en in iiskast, in wenwein.... Piersma's pleatske.... it doarp, spytgnyskjende minsken.... Hja wist it net, hja wist it net.
Doe griep Hinke yn. Hja wie de jongste en hie de skerpste mûle. Hja postuerde har lyk foar Pat oer:
‘Ik sil dy dit sizze, heite. Gjert bliuwt hjir, hjir by ús, bigrepen? By ús, hearst it. Hjirre, yn dizze pleats. Wy