De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 340]
| |
Kobalt.Neamst it loft of skom
fierte of reek, sé of blom,
it spielt dy fan 't paed:
dou swalk'st op 'e floed
as Noach syn maet.
Dan sile de skaden fan raven en douwen
oer weagen en skom:
de fjirde dou komt net werom,
en al gau hast in wyngert set.
Mar lang om let
rint op 'e jountyd, violet,
kobalt mei rea,
tusken de pôllen it spoar fan 't hart
dat ljept nei de dea.
Sa krijst dyn part,
mear as normael is,
oan bittere skea
fan de kobalt-blom fan Novalis.
| |
Fossyl.Harsich hâldt myn tinken,
oergunstich dy omsletten,
om mei dy del to sinken
yn séen fan 't forjitten.
Nei ieuwen leistou, ûnforgien,
fossyl yn barnstien.
| |
[pagina 341]
| |
Emerald.In fêste kearn
yn 't nachtlik emerald,
rinstou skokjend út
en bliuwst dan stean:
in taestende fear fan kristal.
Mei swypkjende triedden
rik ik nei dy,
dy't krimpend forgiet
en ûntstiet op 'e nij,
bûten myn sfear:
in triljend-taestende fear.
| |
Asymptoat.Ik kom har hieltyt tichter oan,
al neijer rint hja op my yn
en beide witte wy dochs skoan,
dat ik my nea mei har forbyn.
In frjemde oermacht jaget ús,
nei 't minimum dat skieden bliuwt:
de falske hope, dat ik krús
de baen dy't hja biskriuwt.
| |
Kentaurysk.Ik briek út 'e tsjustere stâl en
wrinzge yn 't blau en it grien,
in ljochte, dertene fôlle
hat de rop fan myn langstme forstien,
en ûntkaem de mem, dy't har woun hie,
dy't de tsjoen fan har dreamen bispriek.
Ik haw har jage troch sinne en snie
oant de bancirkel briek.
Mank swalkjende hynsten en fôllen
haw' wy liken fan elfen foun,
swankjend yn dûnkere pôllen,
swart foar it read fan de joun;
hja hongen, forstive yn har krôljen
en hien ús de dea ôfwoun,
mar libje as machtige skaden,
op 'e stâl yn de bleke forhalen.
| |
[pagina 342]
| |
Salomé.Ticht en stadich snije
toanen yn har del.
Mar hommels floitet fel
in blauwe stoarm fan ljocht,
twirje de klanken wei
en hja wankelet staf en blyn
yn 't skuorren fan de blauwe wyn.
En bangens flymt har yn 'e kiel,
hja stegeret as in hart omheech,
nei 't ljocht forwulf,
de smelle feech,
dy't neijer komt en djipper giet
as stille echo fan it liet.
Dan siicht hja del, ien amerij,
en jowt dit snijend-kâlde blau
ynein, yn wurge wulpskens frij,
it taest har lea oan, fûl en rau,
en twingt har oer de flier.
Dêr siicht oer 't gloeijen fan har eagen
it koele skaed fan 't hier.
Dan skuort in hurde, giele toan
de blauwe muorren fan har sel,
en oer in kleed fan grien applaus
giet hja glimkjend foar de troan
en knibbelet del.
En twirkjend riist de offerreek
fan har bea
ljocht en tear
op foar 't breed, goedgunstich antlit
fan har Hear.
|
|