omkear yn sicht is, in healslachtich man, to slop foar de âlde en to heal foar de nije styl, dy't mei gauwens flechtsje moat. En it wichtichste: hy fynt Elbrich, de faem fan syn dreamen, al hjit hja dan oars, en forspilet har troch eigen swakte en eigen leffens.
Is it wier, dat it forhael tofolle driuwt op de fraech, hwêrta in boask nei de âlde trant bynt? It is wolris sein; mar ik bin it der net mei iens. De tiid dreau nou ienkear op juristerij; midsieuske juristerij hast, dy't lykwols nou tsjinne om to ûntkommen oan midsieuske biningen en bigripen. Dit tinken yn bipaelde rjochtsbigripen heart by de tiid en is dan ek folle mear as dokumintaesje. Der is mear yn Alef Aylva syn forhael dat heart by de tiid: de anekdote, it stichtsjend forhael, it gelearde bitooch. Dat allegearre is net mispleatst yn ‘Elbrich’. It forhael giet sljochtwei fierder; efter it barren, de stream fan de feiten moatte wy de minske fiele, syn siel en syn herte.
Der binne op dizze manear yn de wrâldliterateur greate dingen birikt. Ja, einliken is eat pas literatuer, as der in wrâld leit efter it relaes fan de dingen dy't har sa stadichwei ôfspylje. En hjir kom ik wol ta in swak sté fan ‘Elbrich’. Alef Aylva is einliken in tragyske figuer, mar de suggesty dat er dat is, sjut tokoart. Wol wurde de lêzers fakentiden grypt troch in treflike sin, in stikje dichterlikwémoedige libbenswiisheit. Mar de ban bliuwt net. De ljochtbondel flitst al to gau wer oer in oar fjild. To min wjokt it needlot as in swarte fûgel boppe dit libbensforhael; en as de ein komt, dan is der by de lêzers gjin binearing, gjin meilijen, gjin bangens foar de lêste blêdsiden.
Der is noch wol mear swakkens. Is Alef Aylva sielkundich wol alhiel forantwurde? Komt er wol folslein út de ferve? Hwat foar wêzen is Anna Dekema einliken? Faeks is Willemke, alias Elbrich, wol de sterkste figuer; ek har byld lykwols hat swakke stéën.
Mar ik mei net to kritysk wêze. Psychologyske romans binne der net folle yn it Frysk. Poortinga hat it tominsten bisocht, en wy meije al bliid wêze, dat it him in stik hinne slagge is.
De proazaïst Poortinga hat in opmerklik stik bistien mei ‘Elbrich’. Lit ús hoopje dat syn hert iepen bliuwt en syn geast fetber foar oandwaning en taelskientme. Dan kinne wy fan him noch wol hwat forwachtsje.