De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 328]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 329]
| |
men woe de Carmagnole noch ris goed repetearje, dat men de jouns op 'e Dille dat ding goed yn 'e holle en yn 'e fuotten hie. Yn 'e koken learden twa blaurokken de skinksters hoe't hja de fuotten sette moasten; de soldaten leinen de fammen wol sa linich de hân om 'e kliene mul en sa dounsen se mar fuort, en as hja it fameholke mei de frije hân efkes tsjin 't boarst oan drukten, dêr joegen de Raerder Pytsjes en Grytsjes neat om - 't wie merke en dan moasten de fammen fan de feinten hwat ynskikke kinne. As toer en tsjerke mar midden yn 't doarp bleauwen, hwat soe 't dan oars ek al. Yn 't tsjuster kaem gâns jongfolk op it formeits tasetten, dat is to sizzen jongfeinten dy't patriot wienen, mar it gjin wurd hawwe woenen, en sokken dy't it nèt wienen en oars net as in forsetsje of in meidslach yn 't sin hienen. Dat lêste wie ek it doel fan Hotse, de feint fan Sikke Durks. Hy hie Tsjerk frege, oft er faeks ek mei woe. - Nou, hie Tsjerk sein, ik moat, lyk aste wol witste, fan dy keeshounenGa naar voetnoot2) neat hawwe, mar ik soe wol ris mei eigen eagen sjen wolle hwat dy feinten útheve. Ik gean mei. Neam my mar.... Ate - Ate Murks fan Mantgum. Tsjerk hie noch in oar doel yn 't each, mar dêr praette hy tsjin Hotse net oer. Hja gyngen yn 'e jachtweide, namen in pear slokjes op; doe joegen hja har ôf nei de trochreed. Dêr wie it aerdich roerich. Sa'n foege hûndert feinten en fammen en soldaten skoffelen dêr trochinoar hinne en dat song en mâlbearde. Hja stienen der suver liif oan liif, en der wienen fammen en feinten dy't dat noch net ticht genôch wie - it gyng der heil om seil troch. - De Carmagnole!, waerd der roppen, hjir wei, dêr wei, út alle hernen fan de trochreed. Der foarme him in greate rigele mânlju en froulju. Nynke Wyteach, in blaeijerich fanke, raeide oan 'e hân fan de sprekker fan 'e Dille. De briggadier fan de aksje op it slot krige in kreaze, foarse faem by de hân. Tsjerk waerd hommels attint. Hy staette syn maet oan en frege tomûk: - Hoe hjit dat fanke - dy mei dy grouwe briggadier? - Dy?, frege Hotse. Dat is Oentsje fan Wytse Bast, in koumelkersdochter fan Poppenwier. Tsjerk sei neat mear. Hy gyng by Hotse wei, roun om 'e | |
[pagina 330]
| |
dounsers hinne en gyng tsjin in stile oan hingjen. Hy stie dêr yn 't skaed en oertocht in plan. De briggadier, dy't mei Oentsje dounse, like in bulte op de man dy't de slotfammen en Sikke-boer him útskildere hienen. Faeks wie dit de man dy't it djûre skilderij stellen hie. Hwat hie Sikke-boer ek mar wer sein? ‘It wie my in fet skiep wurdich, as immen dy swiften it Smidske ûntsette en 't my thúsbrocht’. Moai grif wie dit deselde man, hwant syn unifoarm roun der fier út - hy wie hjir de heechste fan al de soldaten. Tsjerk murk dealske goed, dat dy briggadier Oentsje graech lije mocht, hwant doe't de douns dien wie hâldde er har hân noch yn sines, en as der wer in douns ôfroppen waerd, dan bigounen hja mar wer. Op 't lêst liet er har hân los; Oentsje glimke him oan en doe joech se har nei har kammeraetskes. Doe waerd dy bidaerde Tsjerk ynienen wer de stroper. Him wonk it avontûr.... Hy folge Oentsje op in distânsje en wrotte him troch de keppels dounsers hinne. Yn 't skimerich ljocht fan de tútlampen rekke er har kwyt, mar in skoftsje letter seach er har by de pomp stean, hja hie in feint by har. Hea, it wie Hotse! Hwat woe dy? O, der stienen noch mear fammen by. Klear! tocht Tsjerk. Doe't Hotse him seach neamde er syn namme en helle him yn 'e rounte, hy sei: - Dit is Ate Murks fan Mantgum, in frije feint! De fammen gnysken sa'n bytsje en namen Tsjerk mei niget op; Oentsje kipe him faker as ienris oan, dat murk Tsjerk wol. Doe't de Zevensprong ôfroppen waerd die Tsjerk in stap twa nei har ta, seach har glimkjend oan en frege: - Oentsje, sille wy it ris weagje? - Jawol, sei hja, Tsjerk naem har rjochter hân yn syn lofter en lei syn earm om har mul. Hja dounsen, hja dounsen swiet. Hwant dounsjende fielde Tsjerk hoe't dit fanke him tomjittekaem, hja kroep him suver oan, hy fielde har azem yn 'e hals, der siet sa'n knyp en waermte yn har hân. Hy tocht, ik moat fannacht mar mei nei Poppenwier, dit fanke is willich. Hja botsten tsjin in oar pearke oan, it wie dy grouwe keardel, de briggadier. Hy groete Oentsje ûnder 't foarbydounsjen. - Hwa is dat? frege Tsjerk om him to biwisjen. - Dat is de briggadier, andere hja sêft. | |
[pagina 331]
| |
- O, dan hat dy tink de ynfal op Jongema-state....? - Ja, sei hja. Hy woe my in rinkje om 'e finger stekke, in hiel djûren ien, dat hat er op it slot bût makke, mar ik woe 't net hawwe, hwant dan kom ik net fan dy man ôf. Hy woe my fannacht thúsbringe. - Ja, ik ek wol, sei Tsjerk en kipe har skean oan. Of haste hìm leaver? - Né, sei hja en glimke him oan. - Nou, kin 't dan mei ús net hwat wurde, ju? - Jawol - Ate, sei hja. - Dou bist' in pop, sei er. Hja wienen al sa meiïnoar thús, dat hja beide wol ris bûtendoar sjen woenen. Hja rekken de trochreed út en gyngen de buorren troch. It wie mei dy twa al dalik sa goed oan, dat Tsjerk koe Snein mar komme, hy wie wol gjin patriot, sei er, mar dat koe Oentsje net in soad skele, hja wist sels ek noch net iens oft se it wol blèau, mar har kammeraetskes hienen der by har op oanstien, hja soenen sa'n wille ha, en der wie winterdeis oars ek al in bytsje fordivendaesje, dat sadwaende.... Dat hja him Ate neamde en oars net tocht as dat hy in Mantgumer wie, dêr hie Tsjerk net sa folle wroech fan. Hy pakte mei de tsjinstridichheit om, dat er syn wille wol ha woe mei dy faem, mar der gjin forkearing fan meitsje woe. Hja wie middel mar gjin doel - dy briggadier wie syn doel - en 't Smidske! - mar dat ‘middel’, man, dat foel him sa yn 'e hân, dat wie in kreas frommes en ien dy't om 'e deale net mei seachmoal opfold wie, de man yn him woe dit frommes ha, mar de stroper yn him warskôge: lit har rinne, ju, sij is ommers dyn doel net hwerstou hjir mei kommen biste. By de trochreed stie in keppel jongfolk, doe't Tsjerk der mei Oentsje oanskoffeljen kaem. In pear fammen gnysken hwat en seinen: - Sjoch, dêr is Oentsje! Hja hat in frjemde feint by har.... Hwer haste sitten, ju! Op dat stuit waerd de trochreedsdoar iepenfierd en der kaem gâns folk nei bûtendoar ta. ‘Wy geane nei de Dille!’, waerd der roppen. In hiele smite fammen, feinten en soldaten swalke it plein oer, de muzikanten gyngen foarop; fideljend en sjongend, hossend en mâltjirgjend rekken hja it doarp út. Oentsje en Tsjerk hosten ek mei; Oentsje hie wol sa leaf | |
[pagina 332]
| |
nei hûs ta wollen, mei har ‘Ate’ fansels, mar hy woe mei nei de Dille ta, sei er. Hy tocht, ik flean mar mei de keppel op, krekt as de wylde guozzen. Hja kuijeren yn lange rigels, earmke yn earm, de Frânske soldaten sieten der ek tusken. Oan 'e ein fan 'e rigel seach Tsjerk de briggadier oan 'e earm fan in faem; yn syn frije hân tôge er in great pak mei. En doe wist Tsjerk genôch. Ik bin leau 'k moai ticht by it Smidske, tocht er.... Hy sei ûnderweis net folle, Tsjerk. Mar Oentsje helle him út syn tinken wei; de fammen songen en giisgobben mei de feinten, en de measte pearkes leinen ûnder 't gean gauris oan - it klapte oeral. Op 'e Dille wie de hikke al gau fan 'e daem. Hja raeiden han oan hân, en doe waerd de Carmagnole ôfroppen. De fammen, de Frijkorpsfeinten en al hwat der mear by oanhong, forsette op 'e mjitte fan 'e muzyk de fuotten, it gyng by de measten skeef en mâl, mar dat joech nimmen argewaesje, ek de soldaten net, dy't lûd en mei hertsnju it forneamde liet fan de Revolúsje songen:
Madame Veto avait promis
De faire égorger tout Paris....
Dat waerd ta de skande fan de Frânske keninginne Marije Antoinette songen, dy't hiele Parys formoardzje litte woe, mar ta lean sels ûnder de falbile op 't skavot har ein foun. En it refrein, hja songen it machtich, hja songen it lûd:
Dansons la Carmagnole,
Vive le son,
Vive le son du canon!
Ta bislút bigoun dy hiele kliber to kraeijen, it wie kukeleku en gjin ein, mei gâns Vivats en Hoezee's der troch hinne. Dat kabael wie, tochten hja, tsjinstich om de prinslju yn dizze oarde to forbouwerearjen. De jachtweide wie proppefol, der waerd swiet oanstutsen, en doe't de measten de kiel trochspield hienen, bigoun ynienen hwat oars - de measten rekken op in giseldraef nei de trochreed ta. Yn it pikketsjuster waerd de Carmagnole dounse! Op 't lêst kaem der al in sparlampe by, dat men koe inoar sa'n bytsje sjen as men byinoar stie, mar al 't oare folk siet yn 'e skimer. Der wienen ek rju pearkes mei in stadiger sin, dy't wisten hwat hja hienen en hwat hja krigen, en net sa gleon wienen om yn 't tsjuster middenmank in wylde keppel om | |
[pagina 333]
| |
inoar hinne to springen. Hja sieten yn 'e jachtweide smûk byinoar. Tsjerk en Oentsje joegen har dêr ek del, hy hie in bel jenever foar him en hja in bramboaske. Tsjerk hie yn koarte tiid al trije boarrels hawn, it sin waerd him al hwat krol, hy bigoun syn faem oan te heljen, mar dat gyng har to mâl. Doe't hja seach dat oaren Tsjerk om syn oanhellerich aerd útgniisden, warde hja him moai rimpen ôf. - Net sa healwiis, Ate!, sei hja fits. Tsjerk seach har oan, en dat wie de earste kear dat hy har ris goed opnimme koe, en doe seach er dat Oentsje antlit aerdich ûnder 'e skeinspruten siet. Hy sei neat; hy bistelde syn fjirde romerfol en doe't er dêr de kop ôfbiten hie, sei er sahwat sleau wei: - Sneintojoun kom ik to Poppenwier. Hwer moat ik wêze. Jimme heit hjit fan Wytse Bast, net? Op 't slach biloek Oentsje om 'e troanje. Dat wurd wie in hou yn in âld sear, mar dat wist Tsjerk net. Oentsje seach prot, hja sei neat, hja stune. It moaije wie der by har ôf - it rûge en rouwe wie by dy feint boppen komd, dat die him de drank. Hy neamde sa mar har heite skelnamme. Hotse soe 't him wol trochdien hawwe, dat har heit hjithollich wie en it wurd ‘bast’ altyd foar yn 'e mûle hie, noait fan lichem of liif praette, mar 't wie by him altyd mar fan ‘Ik sil dy op dyn bast jaen’ of ‘Ik gjin iten mear, ik ha myn bast fol’. Sels syn dochters krigen dy bynamme. ‘Oentsje Bast’. Wie 't net om út jins fel to springen, dat jins feint jin ek al sa neamde? Hieltyd kamen der feinten út 'e trochreed, dy't in raem dienen op 'e frije fammen dy't yn 'e jachtweide sieten to biidzjen en tiidzjen. Gjinien fan dy froulju wie der fij fan har yn it tsjuster fan de trochreed to bijaen; dêr waerden de nueten al gau wyld, de wille gyng der heech en de eare siet op tuitich stuolte. Trije Frânske soldaten kamen troch de doar setten, de briggadier mei de snorren wie der ek by, hy sette it pak dat er jit altiten by him hie efter it toanbankje yn 'e taep en doe gyng er mei de oaren nei de fammen ta. Doe't er Oentsje sitten seach, sei er ‘Ah’ en kaem mei de finger omheech har kant út. - Dêr ha jo dy gleone keardel wer, sei hja tsjin ‘Ate’. De briggadier bûgde as in knipmes en lake wol sa swiet. Mademoiselle, mei 'k noch ienkear de Carmagnole mei Jo dounsje? | |
[pagina 334]
| |
De wurden bigriepen hja net, mar de sin der fan forstienen hja wol. - Né, ik wol net, sei hja rislút. - Ik soe 't mar dwaen, ornearre Tsjerk. Ien kear - dan biste fan him ôf.... En de hannen fierder thús, feint, hè, sei Tsjerk en knypeage de briggadier oan. Nou't ‘Ate’ der sa ûnder stie, aksele Oentsje net langer tsjin. Toe dan mar wer. Noch ienkear, hear, mynhear!, glimke hja en wiisde op har feint. Ja, dat wie him bêst, hy soe har yn de alderbêste steat wer opleverje. En dêr swalke hja hinne. By de doar seach Oentsje om en knikte ‘Ate’ ta; dat fan niis wie har al forgetten, hja woe 't wol wer goed meitsje. Tsjerk tocht: Fuort mar!.... Dy faem wie him net tafąllen; hja wie lumich en siet ûnder 'e skeinspruten. En 't wie ek in foske, hie er sjoen. Tsjerk floite. It stropersaerd yn him stiek de kop op - hy seach in kâns, in skoandere kâns. Hy naem de romer yn 'e hân en gyng nei de taep. Hy bearde dat er dronken wie en stuite sa'n bytsje. Tsjin de kastlein sei er: - Hospes - in dikkop jenever! Hjir, jild by de fisk! Hy djippe út syn pong in pear fijfjes op en soalde dy yn 'e hospes syn blikje. Hy dronk - sabeare; nimmen seach dat Tsjerk de romer efter de toanbank leech geat.... It stroperseach seach skerp. Dêr yn 'e hoeke stie it pak, it skilderij! Tsjerk seach de jachtweide ris oer; hy stie to popeljen: De kastlein fandele it jild op en joech gjin acht mear op dy feint, hwant hy moast mei in blikje fol de seal yn. De dochter fan 'e hospes kaem út 'e koken wei en rôp: ‘Mem, it kofjewetter siedt ta'n alles út - kin jo komme?’ - en dêr toffele it kastleinske mei sawn hasten nei 't efterhûs ta. Dounsers rounen út en yn, yn 'e trochreed waerd songen, it wie der in wille fan komsa - it hûs hong yn touwen. Doe wist Tsjerk dat it tiid wie om de bûter der út to brieden. Hy hie de mûtse oer 't iene ear, en doe bigoun er to sjongen fan ‘De koekoek op den toren’, wylst er mei de romer de mjitte sloech. Nimmen hie in skalk each op him. En hy weage it.... Hy krige it pompieren pak dêr't it skilderij yn siet en gyng der sjongend, healwiizjend en heechstappend mei troch de efterhûsdoar, dat elkenien tocht: hwat in losse bruijer is dat! Yn 't ynsprinkje tusken jachtweide en trochreed, tsjin | |
[pagina 335]
| |
de kokensdoar oer, seach er in trep - as in kat roun Tsjerk der by op. Sjesa, tocht er, dat is sa fier. Nou fierder!.... Mei de frije hân socht er nei in yngong, al gau foun er in warle en doe stie er yn in keammerke mei trije bêdden, dêr sliepten guont, moai grif de bern fan de hospes. As in mûs sa stil sloep Tsjerk by de bêdden lâns nei it iene finster, Nei hwat siikjen foun er boppe yn 't kezyn in prop; dy naem hy der út en, wrychtich, doe koe er it raem opskouwe. Hy dûkte him en skeat troch de iepening; o sa foarsichtich helle hy it skilderij der ûnder troch. Fjouwer pannen leger fielde er de goatte - doe hie er hâld ûnder 'e fuotten. Hy koe de groun net sjen, sa tsjuster wie 't. Mar heech soe 't wol net wêze, tocht er. 't Wie in weachstik fansels, mar in oare wei wie der net. En der wie ek gjin tiid to forliezen. De briggadier koe op dat stuit wol mei Oentsje de jachtweide ynkomme; as se him dan net seagen en de briggadier miste syn pak - dan koe de erchtink op him falle en hwat der dan barre koe, dêr tocht Tsjerk mar net oan. Aveseare! springe! - it gyng dan mar sa't it gyng, mar hy moast hjir wei. Tsjerk liet him by de goatte delglide, 't skilderij yn 'e iene hân - mei de oare hân hong er sa efkes oan 'e goatte en doe liet er los, Hy foel - mar sa, dat er troch de knibbels swypke en der gjin skramke op 't skilderij kaem, Ha!, tocht er bliid, hjir stean ik en bin frij. Hy hearde it patriottefolk oangean en sjongen fan Madame Veto. Yninoardûkt roun Tsjerk oer 't hiem, draeide om 't pleatske hinne en kaem op 'e dyk. Doe sette er it op in rinnen - as in hazze roun er de kant fan de Snitserdyk út, om út 'e reek to kommen.
In ure foar melkerstiid kaem Evert, de âldste soan fan Sikke Durks, op bleate fuotten yn 'e keamer en gyng nei 't bêd dêr't syn heit en mem sliepten. - Is heit wekker?, frege er sêft. - Hwat is der, jonge?, hearde er syn heit sizzen. - Tsjerk is der - mei 't Smidske! - Né dochs!, rôp Sikke en fierde de doar iepen. - Hy hat it op 'e Dille de briggadier ûntset. Hjir is er! Sikke Durks sprong fan 't bêd, hy roerde suver gjin bedsplanke. Dêr stie Tsjerk yn 'e doar mei 't skilderij! It pompier wie der ôf. Tsjerk lake - hy lake om dizze hiele fortoaning, de boer mei de sliepmûtse op en noch in oare | |
[pagina 336]
| |
sliepmûtse dy't bûten 'e bêdsdoar kaem, hwant de boerinne wie ek wekker wurden. It wie ek wol in nuver gesicht: Sikke-boer, dy't dêr yn syn forbouwerearringe stie foar dat moaije Italjaenske frommes. Foar it earst yn syn libben wist Sikke-boer net in wurdtsje op syn pas to sprekken. Op 't lêst sei er: - Ik bin der o sa bliid mei, Tsjerk, jonge, dou haste oan my in fet skiep fortsjinne, dou kinste it moarn mar útsiikje. Dat wie fansels bêst sein, mar Tsjerk soe op Ludemasate de moarn net helje. Hy woe dalik wer fuort. Hja hienen him by Hotse sjoen, hy wie hjir net feilich. Dy nachts krige it skilderij in goed plak earne efter 't hea en Tsjerk helle feilich en wol Beslinga-state, hy hie dêr in goed plak en moai nijs foar de jonker. |