| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
De hogerhuis-saek.
Toanielstik yn Fjouwer Bidriuwen.
Tredde bidriuw.
(Kabinet fan Rjochter-Kommissaris to Ljouwert; monumintale dûbele doar op eftergroun; dêrefter wyt moarmeren gong; oan wjerskanten dêr njonken oan lewant in portret fan jonge keninginne Wilhelmina en in gipsen byld fan Frouwe Justitia; rjochts en lofts in mânske tafel mei grien lekken, hwerop wetboeken, mappen, skriuwark en jiskebakje; efter elke tafel in noflike, byldhoude stoel; lytse, legere tafel yn midden op foargroun; tsjin eftergroun seis gewoane stuollen; oan plafond in ljochtkroan; op rjochtse tafel boppedat in sulveren sigaredoaze, lúsjefershâlder en snúfdoaze; efter rjochtse tafel tsjin lewant in âlderwetske lûkbel; it is bigjin 1896.)
| |
1e toaniel.
(RJOCHTER-KOMMISSARIS; GRIFFIER.)
(komt mei griffier efter him deftich yn swart op; rint op rjochtse tafel ta, munsteret hwat dêr op leit):
Hm. It dossier leit wol ré, sjoch ik. Mar de karaft mei wetter hawwe se wer ris forgetten.
(hat skriuwmap ûnder earm, kwakt dy op loftse tafel del; giet nonchalant op tafelshoeke sitten; rekt him gapjend út; heal laitsjend):
Al wèr toarst, Braspenninck?
(lûkt oan skille; giet stinnend sitten efter rjochtse tafel; rûkt ris oan snúfdoaze; dipt foarholle ôf mei bûsdoek; makket lorgnet skjin; gysgobjend):
Hm. Toarst. Allinne hwat in droech palatum. Mar as ik jó sa ris observearje, Ten Booscate, dan siz ik, né, de jonker is net alhiel frij fan Katzenjammer.
(gapjend):
Bytsje pine yn 't hier wòl ja. Mar mei permisje, Braspenninck, jo spilen ek net swak bij, justerjoun yn 'e kegelklub.
Ja, it wie wòl hwat men neamt in.... in âlderwetse joun, hé? Bacchus kin net kleije dat er net oanbidden is fannacht. Ik hie him alteast hwat méár of fere as.... as it klubreglemint foarskriuwt.
Om earlik to wêzen, fan alve ûre ôf haw ik gjin kegel mear sjoen!
Och, Ten Booscate, jimme jongeren witte net mear hwat drinken is, hé? Yn myn Leidske studinte-
| |
| |
tiid dan draeiden wij op 'e kroech soms trije kear fjouwer-en-tweintich ûren troch. En net op spuitwetter.
Ah, dan hie jou koetsier dòchs gelyk.
Myn koetsier? Hat dy.... eh.... ? O, ien fan syn stereotipe grapkes, forûnderstel ik?
Né, né, moatte jo ris hearre. De nijste Witz... Fannacht doe't ik jo mei syn help yn it koetske flijd hie, witte jo, hwat de âlde doe tsjin mij sei? Us mynhear, Baron Braspenninck, sei er, dy kin net ûnbikwaem. Mynhear de Baron is wol safolle fan dat tinne guod treast, dat dêr kin wol in trijemester yn lavearje! Ha, ha! Hoe fine jo 'm, Braspenninck? Ha, ha, ha!
(sûr-swiet laitsjend):
Wel, dy âlde hynstebeul. Nou, de mop is goed! Tja, Ten Booscate man, sa wurdt men legindarysk bij jins tsjinstberen. Sa krije se respekt, hé?
(Lûkt jitris oan skille.)
Hwer bliuwt dy slûge fjildwachter nou wer? Soa, in trijemester....
(slacht himsels fan wille op 'e knibbel):
De Witz is puik, net? Puik is er! Echte folkshumor. Vox populi, vox Dei.
(Komt htm hwat yn 't sin.)
Siz, Braspenninck.... dy mop hiene jo fannacht moai fortelle kinnen.... Op Weaze nûmer trettjin.... Se hie 'm fêst wurdearre.... de schöne Marjan....
(Der wurdt op 'e doar kloppe.)
(wart mei hân ôf):
Tut, tut, tut, tut! Foarsichtich in bytsje....!
(Lûder.)
Ja!
| |
2e toaniel.
(DE OAREN; FJILDWACHTER.)
(bliuwt by de doar stean):
Goemoarn, Mynhear de Rjochter-Kommissaris. Goemoarn, Mynhear de Griffier. Hie Mynhear de Rjochter skille?
Al twa kear. Dat wol dus sizze, ienkear to folle. Fjildwachter, bring daliks in wetterkaraft mei twa glêzen. Dy hawwe se wer ris forgetten hjir.
Jawòl, Mynhear de Rjochter-Kommssaris,
(Sil ôf, bitinkt him; keart him skruten om.)
Is Mynhear de Rjochter der mei bikend, dat de trije fortochten út it Hûs fan Biwarring oankommen binne?
(sjocht yn dossier; stadich him to binnen bringend):
De.... trije.... fortochten.... Ja, ja, o ja, der wiene trije, hé? Ja.... En.... eh.... de oaren? De getugen?
Yn 'e wachtkeamer, Mynhear de Rjochter.
| |
| |
Hm. Bring de corpora delicti fan dizze ynstruksjesaek binnen.
Jawòl, Mynhear de Rjochter.
(Sil ôf.)
Helje earst dy glêzen hjirre, hé? En letter pas dy corpora. Goed bigrepen?
Jawòl, Mynhear de Rjochter.
(Giet ôf.)
(rint mei sigarekistke nei griffier):
Doch mij in plezier, Ten Booscate, en wês binnen dizze muorren in tikje foarsichtiger mei it neamen fan bipaelde nammen en adressen. Sigaer?
(nimt in sigaer):
Peccavi, Braspenninck, peccavi. It ûntfoel mij efkes. Mar leau mij, né wier, ik bin oer dat fan fannacht.... sans rancune.... absolút.... Ik gunde se jo fan herten.... Né wier, it is bij mij gjin gefal fan minneniid.... Ha, ha! Quod licet Iovi, non licet bovi....!
(nimt ek sigaer):
Justement, amice.... Quod licet Iovi.... En dat bitsjut yn dizzen, frij fortaeld: In âlde bok mei noch wol ris in grien bledtsje.... Ha, ha!
Grien.... de schöne.... grien....?!
(Hja gysgobje en stekke oan; fjildwachter komt op, set karaft mei wetter en twa glêzen op rjochtse tafel; giet swijend wer ôf.)
(set glêzen ût, hellet bosk kaeijen út bûse, makket laed yn tafel iepen; hellet dêr jeneverkrûk út):
Itselde resept as fan âlds, amice?
(Skinkt mei triljende hân glêzen fol út krûk.)
Och kom. Haw altyd in moaije hân fan skinken hawn.... Witte jo hwat dy âlde dichter seit?
‘Die Philosophie ist eine Gottesgabe.
Es gab Philosophen die nie ein Tröpchen getrunken haben,
Glaubt Ihr, dass sie im Grabe weniger gestunken haben?’
(klapt yn hannen):
Bravo, bravo!
(as der kloppe wurdt):
Né....!!
(Berget krûk wer op en slút laed; mei glês omheech, heal lûd, mei in each op doar.)
Prosit, amice!
(glês omheech):
Prosit, Jupiter!
(Der wurdt wer kloppe; hja geane smokend mei glês foar har elk by in tafel sitten.)
| |
| |
Ja!
(Tsjin fjildwachter, dy't opkomt en op middelste tafel ien en oor delleit): Hm. De corpora delicti. Hoefolle binne der?
Fjouwer stiks, Mynhear de Rjochter, De beide dievelantearntsjes, it tafellekken en de revolverkûgel.
(sjocht yn dossier foar him):
Komt út. Hjit de oare fjildwachter út myn namme dat er binnenliedt de oanbringer yn dizze saek Gatse Haitsma en de froulike getuge à charge Ymkje Jânsma. En as ik skilje, bringe jò de oare getugen hjir.
Jawòl, Mynhear de Rjochter-Kommissaris.
(Giet ôf.)
(bioarderet papieren; leit skriuwark ré):
In tsjuster saekje, Braspenninck, dy ynbraek dêr bij Bitgum.
Tsjuster? Trochsichtiger sûnder twivel, Ten Booscate, as jo tinke. In heechst brutale oanslach fan trije anarchisten tsjin húsfrede en privaet-bisit, sa sjoch ik it.
Mar sa't mij foarstiet bifettet it foarlopich proses-verbael inkelde dubia, dy't frij swier wage.
Dubia binne der, wis. Dêrfoar is de saek ek noch yn it stadium fan foarûndersiik. Mar dizze ynstruksje móát liede ta fierdere rjochtsyngong. Der moat in glêshelder en rigoureus foarbyld steld wurde. Forjit net, griffier, wij hawwe hjir trije fortochten foar, hwa't de nim-en-yt-théory mei de memmetate ynjown is! Arbeiders, dy't ôfrekkene hawwe mei elke foarm fan gesach. Anarchisten yn ien wurd.
(gapjend):
Jo sille gelyk hawwe. Ik dooch nou ienkear net foar ketterjager.
Tink oan Frankryk! Tink oan de bomoanslaggen dêrre fan soartgelikense yndividuën! Tink oan de Dreyfus-affaire! As wij bij sókken de wet nettapasse yn syn meast fiergeande skerpte, ik freegje, griffier, hwer bidarret dan ús maetskippij? Hwer bliuwt dan, hwat de greate Thorbecke neamde, de majesteit fan it rjocht?
(Griffier nipt oan glês; bringt him stille dronk ta; hy folget dat foarbyld; der wurdt kloppe.) Ja!
| |
3e toaniel.
(DE OAREN; GATSE; YMKJE; 2e FJILDWACHTER.)
(heal lêzend):
Jo binne Gatse Haitsma, ûn-
| |
| |
getroud, âld 63 jier, rêstend lânbouwer, domicily hawwende op de saneamde Pôlle ûnder Bitgum, Menaldumadiel?
(hat pleister op wang):
Ja, Mynhear de Rjochter, dy bin ik.
Jo binne Ymkje Jânsma, ûngetroud, âld 28 jier, fan birop húshâldster, domicily hawwende bij de hear Gatse Haitsma niisneamd?
Ja, Mynhear. Ymkje, hear!
Ik moat, as Rjochter fan Ynstruksje, bilêstg'e mei it foarûndersiik yn dizze strafsaek, jimme beide inkelde fragen stelle. Mynhear de Griffier, jo binne safier?
Jawòl, Mynhear de Rjochter-Kommissaris.
Yn de nacht fan 5 op 6 Desimber fan it foarige jier 1895 is der bij jo, Gatse Haitsma, tusken 11 en 12 ûre ynbrutsen troch trije persoanen. Twa fan harren forcearren har in tagong ta jou wenfortrek, anneks sliepfortrek, troch in finster to forbrizeljen. Der is doe yn it tsjuster in fjochtpartij ûntstien, hwerbij fan de kant fan de ynbrekkers twa revolverskotten lost binne?
(wiist nei pleister):
Ja, Mynhear de Rjochter, ien kûgel skampte mij lyk bij de k.... bij de holle lâns.
(wiist nei taffeltsje):
De restanten fan dizze kûgel, hjir as corpus delicti oanwêzich, wiene ôfkomstich út in revolver fan 9 millimeter kaliber. Dizze kûgel is letter troch de verbalisearjende polysjeamtner yn heal forsplintere tastân oantroffen efter it bihang fan jou wenkeamer?
Ja, Mynhear, dat komt goed.
De ynbrekkers, wierskynlik bang foar herkenning, hawwe doe troch it forbrizele finster de flecht nommen mei efterlitting fan in saneamd dievelantearntsje?
(wiist nei taffeltsje):
Ja, Mynhear, dat iene dêrre, sjoch 'k wol, dat is 't.
Fierders binne der bloedspoaren foun op it finsterbank bij it fornielde finsterglês. Wiene dy bloedspoaren ôfkomstich fan ien fan de ynbrekkers, tinkt jo?
Ja, Mynhear de Rjochter, dat kin net oars, sjoch!
(wiist nei eigen wang):
Mar jó wiene dochs forwoune.
| |
| |
Ja, mar dat bloed siet op it bûtenfinsterbank, sjoch! En dêr ha ik by myn witten noait west. It moat fan ien fan 'e ynbrekkers wêze, dy't him oan it glês biseard hat, doe't er nei bûten sprong'.
(fûl):
Ja just, Wybren! Hij hie him de kop fyn snije moatten.
Tut, tut, tut! Jo meije net foarút rinne op hwat ik freegje. Wij geane fierder. Ien fan 'e ynbrekkers wie maskere mei in wite doek oer de holle hinne, hweryn twa roune gatten om de eagen frij to litten?
Ja Mynhear, roune gatten, twa, hear!
(jowt fjildwachter de wink; dy giet nei foaren, hâldt lekken, hweryn twa gatten, omheech):
Kin it dit wite tafellekken wêze?
Nou, dat 's al hwat min to sizzen, Mynhear, hè? It wie tsjuster, wier?
It liket der wol hwat op, Gatse. Dit is ek wyt, En der sitte ek twa roune gatten yn.
It foarlopich proses-verbael makket fierders gewach fan in trêdde persoan, dy't bûten op wacht stie. Hoe wie it jimme bikend, dat dy trêdde persoan oanwêzich wie?
Nou, Mynhear de Rjochter, dat siet sjesa. Myn jonge húshâldster wie fansels gâns oerstjûr. Sij soe hurd ta de útdoar út nei bûten fleane en sij waerd dêr doe keard troch.... eh. ... troch dy trêdde persoan, sil 'k mar sizze.
Ja, Keimpe hâldde de doar fêst fan bûten. Sjoch, Mynhear, it wie winliken sa om en ta gongen. Wij wienen dy sinteklaesjoun al ridlik yntiids út 'e wei gongen, ik en Gatse. En ik sliep dan hwat licht, sjoch, hwant ik ha gauris lêst fan myn sééénuwen, moat Mynhear tinke. Jááá, dan bin 'k soms sà raer.... o sa raer.... En doe sei ik tsjin Gatse, ik sei
(sunich): stil, ik hear hwat.... der koenen wol guodden om it hûs strune.... En ik hie 't noch net sein.... dêr ynienen.... o, Mynhear, ik moat der net oan tinke.... mei barstend geweld....
(gnyskjend):
Mynhear de Rjochter-Kommissaris, mei ik sa frij wêze en stel hjir in lytse tuskenfraech?
(Tsjin Ymkje.)
Wienen jo, Ymkje Jânsma, op dy lette ûre sà ticht bij de hear Haitsma, dat jo sa mar mei him flúster je koene?
| |
| |
Nou, flústerjen wie it net, Mynhear, hear! Né, flústerjen net....! Ik.... eh.... rôp mear, sjoch! Ja, ik rôp, sjoch, fan 't oare bedsteed ôf, bigrypt Mynhear wol?
(droech):
O just.
(Tsjin Rj.-Komm.)
Quod licet Iovi, non licet bovi. Tankjewol, Mynhear de Rjochter-Kommissaris!
(Nipt oan glês; skriuwt wer.)
(tsjin Gatse, dy't ûnder lŝte warden ûnrêstich hinne en wer skeukt):
Oare fraech. Jo, Gatse Haitsma, sawol as Jou húshâldster Ymkje Jânsma hawwe op 30 Desimber 1895 tsjinoer de Opperwachtmaster fan de Keninklike Marechaussée de forklearring ôflein, dat jimme yn de trije ynbrekkers dúdlik herkend hawwe de trije bruorren Wybren, Marten en Keimpe Hogerhús, ôfkomstich fan Bitgum? Hokfoar reden hiene jimme om oan to nimmen dat it dizze trije wiene?
Nou, Mynhear de Rjochter, troch it stikkene finster ha wij se fuortdraven sjoen. De moanne wie opkommen, dat sadwaende wie it hwat ljocht bûtendoar, sjoch? Der wienen trije, dat wie klear to sjen. En bij de Swarte Hikke draeiden se op nei Bitgum.
Mar it kinne dochs ek trije oare persoanen west hawwe, dy't dy kant op wennen?
Né, Mynhear, dat sil 'k Mynhear sizze. Dy twa ynbrekkers, wier....? dy't yn 'e keamer wienen.... nou, dy iene boldere tsjin Gatse, tsjin Haitsma dan, hè.... hy raesde: It is ús foar den bliksem om dyn jild to dwaen!! Ja.... sokke rare wurden.... En.... eh... hij fordraeide syn lûd hwat, Mynhear, hear.... mar.... ik hearde dúdlik dat it Wybren syn stim wie.... dúdlik, hear....! O, sa dúdlik....!
Kóénen jo Wybren Hogerhús dan persoanlik sa goed?
Nou, wol hwàt, Mynhear, hear, wol hwàt!
Hwat mij eins yndachtich makke, Mynhear de Rjochter, dat wie mear sa't dy iene ynbrekker oer it finsterbank hinne nei binnen sprong, sjoch.... Sa linich.... sa bitûft.... Dêr murk ik oan dat it Wybren wie. Sa sprong er ek altyd oer de hikke as er bij ús it hiem op kaem.
Ah, dus Wybren kaem wol bij jo oan hûs?
Ut en troch, Mynhear. It wie om sa mar út to drukken.... Nou j a, siz dou it mar, Pym fanke.
| |
| |
Och, Mynhear moat rekkenje, wij hienen hwat... eh.... forkearing, sjoch, de lêste tiden, ik en dy Wybren. Dêrom kaem er wol bij mij en Gatse oer de flier. En sadwaende wist er ek krekt hwer't Haitsma syn jild biwarre, bigrypt Mynhear wol?
Ah. Mynhear de Griffier, wol dizze meidieling foaral wurdlik yn it proses-verbael opnimme.
(Tsjin Ymkje)
: Dy.... eh.... forloving is nou grif wol oan 'e kant?
Ik ha 't daliks útmakke, dat bigrypt Mynhear wol, forgoed út. O heden né hear, ik moat neat mear fan dy fint ha, neat....!
Dat lit him forstean. De ynbraek hat pleats hawn op 5 Desimber. Jimme niisneamde identiteitsforklearringen oan de marechaussée binne pas ôflein op 30 Desimber. Dat is 25 dagen letter. Hwerom daliks net mei de wierheit foar it ljocht to kommen?
Earlik sein, Mynhear de Rjochter, dat wie bangens. Prinsepeal wie it bangens bij ús allebeide. Dat kin 'k mei in wurd fan wierheit sizze. Sjoch, wij wisten it nou, wier? dy trije banditen stienen foar neat. Dat wij doarsten ús earst mar min to oppenearjen, Mynhear, hè?
Noch ien fraech. Is it ien fan jimme bikend, dat ien fan de Hogerhuzen yn it bisit wie fan in fjûrwapen? In revolver fan njoggen millimeter kaliber?
Dêr is mij neat fan bikend, Mynhear de Rjochter.
Nou't mynhear it seit, ja, Wybren hat wol ris tsjin mij útlitten, hij woe sa'n ding noch ris ha, as er it jild der foar hie.
Ah! Mei hokfoar doel woe er dat, tinkt jo?
(wiist op Gatse syn pleister):
Om to sjitten, Mynhear hè, om to sjitten....!!
(lûkt oan skille):
Hm. Binne de beide getugen ré en yn steat om itjinge se hjir bij dizze ynstruksje sein hawwe, foar de Rjochtbank to herheljen en ûnder ede to bifestigjen?
It is goed. Jimme binne yn earste ynstânsje heard. Wês sa goed, en gean dêr sitten.
(Wiist stuollen oan.)
| |
| |
| |
4e toaniel.
(DE OAREN; FROU HOGERHUS; KLASKE; 1e FJILW.)
Jo binne Japke Hogerhús, widdou, âld 67 jier, sûnder birop, domicily hawwende yn Bitgum, Menaldumadiel?
Jo binne Klaske Hogerhús, widdou, âld 27 jier, sûnder birop, ynwenjende dochter fan Japke Hogerhús niisneamd? Sjoch mij oan, getuge!
(sjocht yn papieren):
Ik fyn hjir noch in getuge à décharge neamd, oproppen nei ynkommen request fan de trije fortochten. Paulus van Dyk, âld 32 jier, fan birop frachtrider to Bitgum. Fjildwachter, bring de getuge Paulus van Dyk ek binnen.
Mynhear de Rjochter, getuge Van Dyk hat oan de oprop gjin gefolch jown. Hij is net yn 'e wachtkeamer.
(Frou H. en Klaske sjogge inoar ris oan.)
Hm. Net oanwêzich. Net folle bilang dus bij syn confraters. Hawar, dat is foar letter.... Japke Hogerhús, ik hjit jo yn jou eigen bilang nei folle wierheit to antwurdzjen op neikommende fragen.
Hoe let binne jou soannen yn 'e nacht fan 5 op 6 Desimber werom kommen fan 'e murdejacht?
It sil tsien ûre de jouns west ha, mynhear.
Ja, om tsien ûre presiis. Bitgum sloech krekt, doe hearde ik de beide j onges op bêd gean.
De beide jonges. Dus de trêdde soan wie der net bij? Dy wie dus noch op 'e jacht?
Keimpe? Dy lei al in skoft, Mynhear. Dy wie út stel.
(fûl):
Keimpe soe ek mei to murdjeijen, Mynhear, hear!
(Wiist nei Klaske.)
Dat hat sij mij sels forteld!
Hwannear hat Klaske Hogerhús jo dat forteld?
Dyselde Sinteklaesjoun, Mynhear, foar dy móárdnacht! Ik en Gatse ha dy jouns beide noch bij harren oer de flier west. N't Gatse? Dat wie sà, Mynhear, sjoch, Haitsma hie dy jouns yn Bitgum hwat saken to dwaen.... ôfrekkenje mei in pear arbeiders, leau 'k.... n't Gatse? Nou, it wie oer slatten of sahwat en doe sei ik noch, ik sei, dan gean ik mei jo, sei 'k, ik sei,
| |
| |
as it jo goed is, Haitsma, dan gean ik salang even....
(hân omheech):
Tut, tut, tut, tut! Bij de saek bliuwe. Gjin omwegen.
(Tsjin Klaske)
: Jo hawwe dus tsjin getuge Ymkje Jânsma sein, jou bruorren soene alle trije dy nachts op 'e jacht?
Dat ha 'k sein, ja. Mar letter op 'e joun is dat foroare. Us Keimpe waerd net goed. Dy krige.... nou ja.... dy bloedspuijing.
(tsjin Gatse):
Hawwe jó Keimpe op dy joun fan 5 Desimber ek sjoen of sprutsen yn it hûs fan de Widdou Hogerhús?
Né, Mynhear de Rjochter. Dat kin 'k mei in wurd fan wierheit sizze. Né. Wybren wòl. Mar Keimpe wie mei syn oare broer oan 't wurk yn 't braekhok.
(mei glimke tsjin griffier):
Hm. Oan 't wurk èn bloedopjaen. Dat is frjemd.... dat is tige frjemd.
(Strang tsjin Frou H. en Klaske): Wy moatte hjir de wierheit, getugen! Neat as de wierheit....!!
Dy oerhael fan Keimpe, dat wie letter op 'e joun, Mynhear. Doe wienen dy twa al wer fuort.
(grimmitich):
Gelokkich al.
(gappet forhoalen, faget foarholle ôf; nipt oan glês):
Hm. Gjin ûnnedige kommentaren. Hoefolle lantearntsjes wiene der yn jou hûs oanwêzich op 5 Desimber, getuge Japke Hogerhús?
Ien, Mynhear, dat fan ús Wybren. Marten en Keimpe hienen gjin.
(wiist nei taffeltsje):
Wiis mij fan dy twa lantearntsjes dêrre dat fan Wybren oan.
(Frou H. giet nei foaren; wiist it oan.)
Hm. Dus dat oare lantearntsje is jo ûnbikend?
Nei jou plak.
(Jowt 2e fjildwachter de wink; dy giet nei foaren en hâldt lekken omheech.)
Jo sjogge, dat is it biwuste tafellekken dat op 31 Desimber yn jou hûs yn bislach nommen is.
(smeulsk):
Ja, mar doe wie 't heel en stoppe, mar nou net.
Swij! Dy stoppen binne op lêst fan de Justysje forwidere.
(Tsjin Frou H.): Hwannear hawwe jo dy stoppen yn dat lekken oanbrocht?
Dat wie op Sinteklaesjoun.
Net... eh... de deis dêrnei bijgelyks?
| |
| |
Né, Mynhear.
(Wiist nei Ymkje.)
Mar dat kin sij dêr getuge! Sij hat derbij sitten dy jouns, doe 'k der mei oan 't stopjen wie! Wij ha 't der noch togearre oer hawn, oer dat lekken.
Se lige 't, Mynhear, hear! Se lige 't allegear! Ik wit fan gjin lekken en fan gjin stopjen....! Ik wit allinnich dat Wybren it oer syn gemene kop hie, dy nachts. De gatten sitte der ommers noch yn!
(bynt har yn):
Bitink goed, hwatst dêr seiste, Ymkje!
(forheftich):
Skande....! Skande....!!
Stilte.
(Tsjin Gatse): Hawwe jó dat tafellekken sjoen dy jouns yn it hûs fan de Widdou Hog'erhús?
Ikke? Né, Mynhear de Rjochter. Dat kin 'k mei in wurd fan wierheit sizze. Né. Ik bimuoi mij net mei frouljussaken.
(sjocht glimkjend op):
Hum, hum!
(Nipt oan glês.)
Quod licet Iovi....
Oant safier dan. De oanbringer Gatse Haitsma en de getuge Ymkje Jânsma kinne dit kabinet forlitte.
(Tsjin 2e fjildwachter): Fjildwachter, bring nou de trije fortochten foar.
Jawòl, Mynhear de Rjochter-Kommissaris.
(ûntdien tsjin Ymkje dy't mei oaren ôf sil):
Bitink dij goed, Ymkje! Der is Ien dy't alles heart....!
(grypt Ymkje by de earm):
Skande....! Skande....!! Wolst ús jonges yn 't grêf ha....?
(skuort har los):
Lit my los, keale juffer!!
(Giet mei oaren ôf.)
Ta de oarder dêrre!
(Tsjin Frou H. en Klaske): It spyt mij, getugen, dat hjir op in ûnforantwurdlike wize mei de wierheit omsprongen wurdt. Tomear is dat spitich, omdat dit nei alle wierskyn de lêste kear is, dat jimme beide rjochterlik heard wurde.
Wol dat sizze.... Mar.... de rjochtbank skielk.... mem en ik dy moatte doch ek.... getuge...?
Soks stiet noch tige yn 'e kiif. Fanwegen bloedbisibbens yn earste en twadde g'raed tusken jimme en de fortochten, sil de Ofsier fan Justysje it ûngaedlik achtsje jimme beide ûnder ede foar de Rjochtbank to hearren.
(mei triljend lûd):
Mar.... se hà 't net dien,
| |
| |
myn jonges....! Altyd ha wij ús eigen brea iten....! Ik ha se der net foar opbrocht, mynhear, foar it tichthús....!! Unskuldich bin se.... alle trije....! Ik ha se der net foar opbrocht....
(wart ôf mei hân):
Gjin scenes, frou.
(Tsjin 1e fjildwachter): Dizze getugen kinne gean.
(Rint nei griffier ta, bûcht him oer dy syn tafel; flústeret mei griffier mei rêch nei doar ta.)
| |
5e toaniel.
(DE OAREN; WYBREN; MARTEN; KEIMPE; 2e FJILDWACHTER.)
(Wybren syn holle is kealskeard; de beide oaren harres net; hja drage selde klean as yn twadde bidriuw; Wybren hâldt him moedichst; Marten en Keimpe litte holle hingje.)
(kriget ûntdien Wybren by earms):
Och jonges, bin jim dêr? Wybren.... hwat sjochst der út.... hwat bist meager, jonge....
Trochrinne....! Opsjitte....!!
(wart Frou H. sêft ôf):
It mei net, mem. Stil mar, wij binne gau wer bij mem thús.... Ienkear wurdt der rjocht sprutsen.... Dat kin net oars.... Klas, doch de lytse jonge de groetenis fan 'e omkes.... En it kroadtsje.... lit dat bij de timmerman meitsje.... foar myn rekken....
(triennen yn har lûd):
Ja, Wybren....
Gjin gepraet mear....! Aveseare jimme...!!
(kriget Keimpe en Marten beet):
Keimpe, tink om dijsels, ast kinste.... En Marten, de holle omheech, jonge.... It komt wol goed....
(draeit him om nei doar ta):
Eh.... gjin scenes, siz ik! Fjildwachter!
(wurdt troch 1e fjildwachter meiskuord en mei Klaske de gong ynsleept):
De wierheit, jonges....! Neat as de wierheit....!
(Ropt út gong wei): En mar moed hâlde, hear....! Mar moed hâlde....!!
(Giet mei Klaske en 1e fjildwachter ôf; 2e fjildwachter docht rimpen de doar ticht; 1e fjildw. komt letter wer op.)
(giet nei syn plak werom; giet noflik en stinnend sitten; rûkt oan snúfdoaze):
Ik winskje hjir rêst en oarder.
(Nipt oan glês.)
Fjildwachter, hâld bij jou
| |
| |
surveillance rekken mei de kriminele status fan dizze delinquenten!
(lûkt revolver):
Jawòl, Mynhear de Rjochter-Kommissaris.
Jo binne Wybren Hogerhús, ûngetroud, âld 32 jier, fan birop ferver; domicily hawwende yn Bitgum, Menaldumadiel?
(helder-op):
Ja, Mynhear de Rjochter-Kommissaris.
Jo binne Marten Hogerhús, ûngetroud, âld 26 jier, los arbeider, domicily hawwende yn Bitgum, Menaldumadiel?
(gappet efter hân):
Jo binne Keimpe Hog'erhús, ûngetroud, âld 36 jier, los arbeider, domicily hawwende yn Bitgum, Menaldumadiel?
Eh.... hjir wurdt mei twa wurden sprutsen!
(binnenmûlsk):
Ja, Mynhear.
't Is gjin ûnfatsoen, Mynhear de Rjochter. Wij binne net opbrocht, om oare wurden to sizzen as wij sizze wolle. Mar myn broer is net al to sterk.
(Wiist nei stuollen.)
Hij woe graech permis je ha om to sitten.
(spytgnyskjend):
Sitte kinne de hearen wierskynlik noch lang genôch.
(tsjin bruorren):
Antwurdzje koart en nei wierheit op myn fragen. En swij oer dingen dy't net ta de saek dogge.....Yn de nacht fan 5 op 6 Desimber fan it foarige jier 1895 is der bij de Hear Gatse Haitsma ûnder Bitgum tuskert 11 en 12 ûre ynbrutsen troch trije persoanen. De biwenners fan it hûs, Gatse Haitsma en syn húshâldster Ymkje Jânsma hawwe tsjinoer de Marechaussée en tsjinoer mij iepentlik forklearre, dat hja dy nachts yn de trije ynbrekkers herkend hawwe de bruorren Wybren, Marten en Keimpe Hogerhús.
(Tsjin Wybren): Bikenne jo dizze ynbraek-mei-writen-ta-deaslach mei pleegd to hawwen?
Né, Mynhear de Rjochter, dat ûntken ik.
Né, Mynhear, wij ha 't net dien.
| |
| |
(gappet wer):
Hm. Es ist eine alte Geschichte.... Fan jimme kant, fortochten, is dêr, sij it ûntidich en foarbarich, in request yntsjinne om yn dizze strafsaek as getuge to biheljen Paulus van Dyk, frachtrider to Bitgum. Hwat wie de reden fan dat forsiik?
Paulus van Dyk is de iennichste dy't alteast myn broer Keimpe in alibi jaen kin, Mynhear de Rjochter. Mei him haw ik Sinteklaesjoun op syn karre in sek earte forfierd. En ik haw doe tsjin him sein, dat Keimpe net mei soe to murdjeijen.
Hm. Swakjes, sa'n alibi-biwiis. Is dizze Van Dyk famylje fan jimme?
(yn bistân):
Wol.... sahwàt....
Dizze getuge is oproppen foar dit ynstruksjeforhoar. Hij is lykwols net forskynd. Hwat kin de reden wêze, dat getuge Van Dyk net oanwêzich is?
(gnyskjend):
Wit er to folle fan jimme? Fortrout er jimme net?
Dat wit ik net. Dat soenen jo himsels freegje moatte.
Tut, tut, tut, tut! Gjin brutaliteiten! Fortochte Keimpe Hogerhús, hoe let kamen jimme werom fan dy murdejacht?
Wit ik net. 'k Wie der net bij, Mynhear.
't Wie krekt tsien ûre doe't Wybren en ik thús wienen.
Tut, tut, tut, tut....! Swij....!
(Tsjin Keimpe): Hoe let hat dy saneamde bloedspuijing pleats hawn?
Dêr ha 'k wol oan. 'k Wist fan 'e wrâld n't ôf. Mar se sizze, 't wie sahwat sawn ûre.
Soa, just, se sizze. Hm.
(Tsjin Marten): Fortochte Marten Hogerhús, jo krigen dy biwuste joun yn it saneamde braekhok - hjit it sa net? - jo krigen in forwouning oan jou lofterwiisfinger. Neffens it medysk rapport fortoant de groede in frij djippe sneed, foroarsake troch skerp materiael. Hoe let wie dat, dy forwouning?
Dat sil healwei sawnen hinne west ha, Mynhear.
Wiene jimme doe noch sa let oan it wurk... oan it.... eh.... ‘bra-ken’?
| |
| |
Ja Mynhear, wij makken lange dagen, oars koenen wij gjin deihier hâlde.
(gnyskjend tsjin griffier):
As wij ‘bra-ke’, dan is it noch wol ris folle letter. En.... hwerom hawwe jo gjin dokter rieplachte?
Och, sa slim wie 't net. Wij-lju fleane net sa gau nei dokter.
Né, dat merk ik.
(Tsjin Wybren): Fortochte Wybren Hogerhús, jo hawwe yn.... eh.... yntime forhâlding stien ta de húshâldster Ymkje Jânsma?
Om hokfoar reden is dy forhâlding ôfbrutsen?
Omdat der yn dizze maetskippij foar ús-lju gjin foarútsicht is, Mynhear. De arbeider, dy't winterdei syn eigen brea ite wol, dy kin net oan trouwen tinke. En dan is der noch in reden, mar dêr swij ik leaver oer.
(skerp):
Hjir.... wurdt.... neat.... forswijd....!!
It frommis doogde net, Mynhear. Dy âlde Gatse wie net frij fan har.
Ah, dus Wybren hie in, konkurrint, bigryp ik.
(Tsjin griffier): Un fâcheux troisième.
(Tsjin Wybren): Hwannéár is dy forhâlding ôfbrutsen?
Op Sinteklaesjoun. Bij mij thús.
Al wer dyselde fatale fyfte Desimber.
(strak):
Mei ik freegje, Mynhear de Rjochter-Kommissaris, hwat dizze lêste fragen út to stean ha mei ús arrestaesje?
(batsk):
Né, dat mei nèt! Binne der dy jouns fan jou kant bipaelde wurden fallen oan it adres fan Ymkje Jânsma?
Drigeminten fan myn kant net.
Jo kamen dus foarhinne faek bij Gatse Haitsma oan hûs. Wisten jo, hwer't de Hear Haitsma syn jild biwarre?
Ja Mynhear, yn it bedsteed. Dat hie Gatse mij sels wolris forteld. Dy hie 't altyd oer jild.
Hawwe jo tsjinoer Ymkje Jânsma forklearre, dat jo in fjûrwapen hawwe woene?
| |
| |
Dat is wol mooglik. Dat hat altyd myn sin west. Mar de finânsjes lieten it net ta.
Ah. Mynhear de Griffier, wol dit bynammen wurdlik yn it prosesverbael opnimme.
(Tsjin Wybren): Hwerfoar moasten jo dy revolver brûke?
Revolver? Myn doel wie net in revolver, mar in gewear.
Hm. En hwerfoar moast dat gewear tsjinje? Foar politike doelen? Bitink dy goed!
Né, Mynhear de Rjochter-Kommissaris. De politike en de soasiale striid is foar mij in striid fan de géást! Dat gewear moast ik brûke foar de einejacht hjerstmis.
Hm. Foar de einejacht. Der sit dus wol skuttersbloed yn dy. Lêste fraech. Jo wiene yn Bitgum lid fan it doarpstoanielselskip?
Ja Mynhear, dat bin 'k nòch.
Hm. Dat lidmaetskip soe ik dan mar opsizze.
(Tsjin Marten): Siz jo ris, fortochte Marten Hogerhús, is jou broer in goede toanielspylder? Ik bidoel, kin hij syn stim noch al maklik fordraeije?
Us Wybren? Dy hat altyd in matsjedoar yn 't foardragen west, Mynhear.
(mei klam en stadichoan mei mear fjûr):
Ik bigryp net, Mynhear de Rjochter-Kommissaris, hwat der efter party fan dizze fragen stiket. Ik wit net, hwat foar ûndergrounske en duvelske machten dwaende binne myn broers en mij strikken to spannen. Mar ik wol bigryp freegje, foar hwat it sizze wol, ûnrjochtlik biskuldige en fêsthâlden to wurden. Wij binne jonges fan it frije fjild, Mynhear, en fan de wide loften. De fjouwer muorren fan de sel weage ús as lead.... Wij hawwe thús in âlde mem, Mynhear, dy't lijt om ús en dy't yn earmoede forkeart.... Wij wolle ús frijheit werom.... Wij wolle ús rjocht.... It rjocht fan ûnskuldigen.... Mar ienkear, Mynhear de Rjochter, dan sille wij it fine.... dat rjocht! Ienkear stoart dizze âlde, formôge maetskippij yn.... En dan komt mei gauwens in nijen.... In nije tiid.... Dan sil it rjocht net mear mei fuotten trape wurde as it giet om de arbeider.... Frijheit, wierheit...., gerjochtichheit.... dy trije sille hearskje....
(hat ûnder dizze wurden efkes forbûke efteroer
| |
| |
yn stoel hongen; slacht mei fûst op tafel):
Stil....!!! siz ik dij....!! Dat is.... dat is.... anarchistetael....!
(him mei geweld ynbinend):
Mei ik de wierheit sizze?
(razend):
Né....!!! Ik slút hjirbij dizze ynstruksje. Fjildwachters, bring dizze trije arrestanten werom nei it Hûs fan Biwarring. En liz daliks op 'e gong de hânboeijens oan!
(Wybren, Marten, Keimpe en beide fjildwachters geane ôf; tsjin griffier): Hwat haw ik jo sein, Ten Booscate? In anarchistekomplot! In binde, dy't de grounslaggen fan ús maetskippij ûnderwrot! Brute tsjusterlingen....! Canaille....!!
(kalm glimkjend):
Wyn jo net op, amice, wyn jo net op. Kom, drink ris del.
(Hâldt glês omheech.)
Prosit! Op it wolslagjen fan dizze procedure.
(Beide drinke.)
(hinget wurch yn stoel):
De lêste wurden fan dizze politike opruijer, hawwe jo dy goed wurdlik yn it proses-verbael opnommen, Ten Booscate?
Bij myn witten haw ik gjin wurd mist, Braspenninck, Prestaesje, hè? Mar jo wolle it hearre, goed.
(Lêst op droege toan):
‘Mar ik wol bigryp freegje foar hwat it sizze wol, ûnrjochtlik biskuldige en fêsthâlden to wurden, Wij binne jonges fan it frije fjild, Mynhear, en fan de wide loften. Punt. De fjouwer muorren fan de sel weage ús as lead. Wij hawwe thús in âlde mem, Mynhear, dy't lijt om ús en yn earmoede forkeart. Wij wolle ús frijheit werom. Wij wolle ús rjocht. It rjocht fan ûnskuldigen. Punt. Mar ienkear, Mynhear de Rjochter, dan sille wij it fine dat rjocht. Ienkear stoart dizze âlde, formôge maetskippij yn. En dan komt mei gauwens in nijen. In nije tiid, Dan sil it rjocht net mear mei fuotten trape wurde as it giet om de arbeider. Frijheit, wierheit, komma gerjochtichheit, dy trije sille....’
(Hâldt hommels op; sjocht nei Rjochter-Kommissaris dy't mei de hân oan glês noflik efteroer yn stoel hinget; giet nei him ta; sjocht op him del.)
Wel, wel.... De âlde sliept....
(Gnyskjend.)
Dreamt fan de schöne....
DOEK.
|
|