De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 310] [p. 310] Geart Jonkman: De freon. (foar H.). Hy is my nei en nimmen sil him keare Hy komt by my net foar de tichte doar It kin yn 't libben nuver soms biteare Mar hoe dan ek, hy hat in streekje foar. Hy mei dan wêze dy't er is, in sûnder, Hwat sûnden oangiet bin ik him wol treast, Hy is in bern en leaut jit oan it wûnder Neat minskliks is him frjemd en hy hat geast. Hy is hwat excentryk en hwat ienkennich, Sa binn' de minsken faek oer him to set; Mar as er joun net komt bin ik ûnwennich Hwant hy hat mear as geast, hy hat in hert. Vorige Volgende