‘Hoe miene jo dat?’ frege Koetsjareff skerp.
‘Sa't ik siz.’
‘Nou, dit wie wol oan foarbygean ta, tinkt jo ek net?’
‘Jo witte myn miening.’
Hy koe Koetsjareffs idéën. Yn Koetsjareffs eagen wie hy neat mear as in stik ark yn 'e hannen fan greate útlânske yndustrybaronnen, in slaef dus, mar in gefaerlikenien. Koetsjareff hie yn tsjinst west fan deselde maetskippij, Larsen hie him sels mei útsocht út de stikkers, destiids. Mar Koetsjareff hie de maetskippij dy't him útkard hie net trou west: hy, de ingenieur, wie ien fan de greatste agitators wurden; hy hie de arbeiders ‘foarme’, sa't er it destiids sels neamd hie, by it proses.
De twangarbeid hie him net knoeid blykber. Allinnich it smoken hiene hja him ôfleard. Hy soe weromkomme, hied er sein. En hy wie weromkommen: it folk hie him forline wike mei jûchhei bigroete. En moarn soe er de macht oernimme.
De man hie moed, it wie net to ûntstriden; hy hie alle risiko's nommen, frijwillich. Larsen hie optheden ek risiko's, mar dy hied er sels net makke; dy wiene gefolch fan it dwaen fan Koetsjareff en sokken. Larsen suchte.
‘Ik haw hjir foar fochten, Larsen!’
‘My is gjin mooglikheit ta fjochtsjen litten, Koetsjareff!’ Hy praette as yn in dream. It lûd fan de oare kaem fan o sa fierwei op him ta.
‘Wês bliid, dat jo net hoege to fjochtsjen foar in forlerne saek. It rjocht wint altyd.’
‘Leauwe jo dat? Hwat tinke jo yn wêzen primityf.’
‘Ik haw in idéael, Larsen. En ien dat de striid wurdich is.’
Larsen hie it idé, dat hja alhiel net mear op it fabryk wiene, mar dat hja it ôfbrutsen petear fuortsetten, dat hja, nou jierren forlyn, op in joune yn Koetsjareffs kosthûs hawn hiene. Hja hiene freonen west, oan dy tiid ta.
‘Ik wit, hwat dit foar jo bitsjut, Larsen; as minske, mien ik. Wy bilibje hurde tiden, en moatte sels hurd wêze. Mar as minske, as freon soe ik sizze.... As minske en freon haw ik jo altyd achte, Larsen. It muoit my dat dit jo oerkomme moat....’
‘Miskien binne sels jo noch net earlik hurd genôch, Koetsjareff.’
Op dat stuit setten de sirenen yn. Koetsjareff forblikte.