Op it harspit:
Libben yn 'e brouwerij.
Men hat noch al hwat drokte útjown oer de Nijdams langlêaten; map hwat is dit gefal simpel, as men it set njonken dat fan 'e Brouwers!
Dy Nijdams binne ien famylje, en hja hawwe fan alles by de ein: de iene is notaris, de oare communist, in tredden fabrikant, en ien is der by dy't út in âld oerjas fan Piter Jelles in nij wynjak makke hat. Mar fierders is der neat dat dizze minsken forbynt; dêrtroch kinne hja sa'n geve ienheit foarmje.
It needlot fan 'e Brouwers lykwols is, dat hja gjin famylje binne, mar allegearre itselde by de ein hawwe: skriuwe fansels!
It is in hiele optocht; om mei harren Gerben to praten:
‘De iene hat him oan it libben hast bidronken,
De oare is amper fan syn dauwe wiet.’
Jelle, Gerben, Abe, Hindrik, Marten en sels as frjemde ein yn it bit Ale, hja meitsje allegearre mei itselde rjocht oanspraek op 'e namme fan Brouwer, en der is troch dy mannen sa foar en nei hwat gearbroud. Nim it in ienfâldich minske kwea dat er der gjin kop of sturt mear oan fine kin!
Sa moat it him foardien hawwe, dat Abe Brouwer in smoarch brief krige fan in criticus oer syn fersebondel ‘De Gouden ûre’, wylst in oar prof. J.H. Brouwer ûnder triennen tanke foar syn roman ‘Tusken dea en libben’.
Marten Brouwer krige it forwyt to hearren dat er, sa jong noch, it findel al ûntrou waerd en Hollânske fersen skreau ûnder 'e titel ‘Grijs geweten’, wylst it bikend stean mocht dat er alle gewisse útskodde hie.
De jonge theolooch Hindrik hat him yn studinteformidden huldigje litten om syn samling ‘Danse Macabre’ en Gerben Brouwer wurdt oan't yn Eindhoven hjitfolge om syn ûnnatûrlike konneksjes mei Anne Wadman; hwerom hâldt er him net by syn taelkundige stúdzjes?
Sûnder mis, it bier is bêst, mar it etiket jaget de saek yn 'e bulten.
Wy moatte hjir út, en heale middels helpe net mear.
Yn namme fan 'e litteratuerhistoarje, yn namme fan de oersichtlikens dêr't Fryslân mei falt en stiet, doch ik in birop op 'e Brouwers om in offer to bringen. Alde beammen moat men net mear forplantsje; lit dêrom de Brouwers boppe de fjirtich har namme hâlde en dêrmei yn it pantheon gean.
Mar alles hwat ûnder de fjirtich is sil op koarte termyn in pseudonym kieze moatte, wolle hja alteast stille vennoat yn it vaganteboun bliuwe.
De jonge Brouwers, dy't namme meitsje wolle, sille har namme priis jaen moatte, ynsafier hja alteast noch gjin namme to forliezen hawwe.
Ik wit it nou ek net mear, mar om mei de foarsitter fan ús krite to sprekken: wy moatte hjir út, freonen!
MASTER GURBE. (Ek al in pseudonym.)