De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 357] [p. 357] Willem de Jong: Oantins. Haw ik dit gea net sjoen yn in foartiid, fol griene tsjoen? Fiere geroften wynd'rje my oan fan bern, boartsjend yn 't sân; skimen, hoe bitroud binn' se my! skouwe yn rigen foarby, skaedzjend tsjin readzjende kimen, efter weagjende fjilden fordwinend; der is in lean' op in moarn en in wite wente dêroan, der is in fier spjirregerûs om it hieme, fredige hûs, in greide mei gieljende reaken, in needrige toer as from beaken en in rizen en sinken fan dingen en wêzens op jiergongs wintelingen; hear 'k oer de klingen net kommen in klokkegegalm, in sjongen, in wyn, fan leafde bifongen? 't is in holle wei op in joun, in hiem, in iepene groun, 't is read en grien, hat jimmer bistien. Dyn byld riist út tidene skaden en giet lâns wachtsjende paden syn sierlike, leaflike gong; du bist ûnforgonkelik jong, driuwend op in kleurige floed fan juster en hjoed; dû nêstelst yn 't skym'rjen, de nacht draecht dyn mym'rjen en de moarn springt op fan dyn sjongen; hagen en gêrs kenne dyn gongen, en ek de beammen, de âlde, witte fan dy, en heuvels en wjitringen sprekke fan dy. Myn hert wit net hwer't it bigjint; ik haw dy al ieuwen bimind. [pagina 358] [p. 358] Oertocht. Tinke, né net tinke, mar teisters delslaen, eagen tadwaen en dyn mûle oerjaen; tinke, né net tinke, mar grins trochstjitte, nei fierten weagje, streame litte; tinke, né net tinke, mar winne it lân fan gouden brân en 't poarp'ren strân, toevje' yn geaën mei blauwe sealen en 't koar fan gealen, toevj' oan seamen en oan wetter, libben wetter, en forjitte it alearen en net witte fan in kearen (o, in kearen!) letter, letter. Dû hast dyn eagen sletten; wy driuwe oer de swetten yn it dûnker nei it wûnder. Vorige Volgende