houd deroan fêst salang er koe. De âlderein hie oars de namme fan skiklik tsjinoer it libben en syn uteringen....
De boat soe yn Rotterdam oan.
Hy seach de havens lizzen en in g'rimmitige laits loek him oer it antlit; hy tocht oan Harns. O ja, Hôllan hie syn havens, elk lân hie syn havens, mar it Fryske folk net. Hy wist wol dat it Nederlân wie, dy havens en Fryslân ek. En dochs kaem der hwat yn him fan forset: hwerom hie syn folk soks net kinnen? Hwerom syn folk, mei in skiednis fan ieuwen en ieuwen, âlder as dizze haven, âlder as folle folken dy't nou in haven ha, hwerom syn folk sakke fan Redbad oer Jancko Douwama nei de lêste ieu? Hy tocht oan it wrakseljen fan hjoed-de-dei, hoe't de iene Fries tsjin 'e oare opstie en hja elkoar foar forrieder en idioat ûtmakken, hoe't dochs as it der op oan kaem de measten foar de konsekwinsje tobek skrillen; persoanlike frijheit wie wol yn tel, folksfrijheit sliepte noch of lei mûlk al dea.
‘Hé, âlde, hwat stiestou to slûgjen!’
‘Ik forgelike de Rotterdamse haven mei dy fan Harns.’
‘En?’
‘Ik bin bliid dat 'k nei Ynje gean.’
‘Sokken binne der net sa tsjok siedde, tinkt my.’
‘Miskien bin ik ek net earlik, hwant it âlde lân is my earlik-sein wol dierber.’
‘Ja jong, hoe wûnderlik it is, wit ik net, mar it hâldt jin fêst.’
‘En as men dat hwat men net wit hwat is, ris to witten komme wolle....’
‘Ja, soe it nedich wêze, tinkt dy?’
‘Nedich, mar ik leau dat der wol ris in definysje út fuortkomme koe dy't nochal snedich is.’
‘Hwer wolst op oan einliks?’
‘Sjoch, wy binne nou ûnder tsjinst, tsjinst foar it faderlân hjit it, dat freget soks fan ús; hwat freget dan ús heitelân? Hwant dy trek is foar my oars net as in fraech. As elke Fries dy fraech ris bianderje woe....’
Skippen út Amearika, Ingelân, Noarwein; gegûl en geskreau, yn- en útfarren, geraes op 'e kaei, op 'e strjitte; slepersweinen dêr't jonges efteroan hingje; rook fan kofje, tarre en tou: Rotterdam.
Theo krijt de boade dat er twa dagen wachtsje moat op 'e Willem VII.
(Fragmint)