Kronyk fan it proaza.
B. Tuinstra:
Romantyk fan 'e realiteit.
Hein Faber, ‘Ofgeand Tij’.
Wever, Frentsjer, 1950.
Hwa fan de Friezen, dy't de pretinsje hawwe proaza skriuwe to kinnen, of mei proaza piele, soe Hein Faber better kenne en forstean as ik?
Wij hawwe ommers togearre in jiermannich yn itselde klimaet libbe, yn it natuerlike likefolle as yn it geastlike. En, lyk as - alteast yn ingere rounten - bikend stean mei, Faber hat mij der forantwurdlik foar steld, dat er oan it skriuwen tein is.
Dat lêste soe men oer redendiele kinne. Foar mij stiet it lykwols fêst, dat figueren lyk as Hein Faber, ta skriuwen en op in minsten ta fortellen, komme moatte, om't hja hawwe it yn it bloed en hja hawwe boppedat yn 'e jonge jierren de fortellers by útstek - de mannen fan 'e séwâl - biharkje kinnen. Sokken witte, hwat as in forhael wurdich is.
Eartiids sil moai grif de forteller ek syn plak hawn hawwe oan 'e hurdsdobbe fan 'e âlde pleatsen, dy't yn ienlikheit oer ús lânsdouwe forsille leine, mar yn ús dagen fynt men him langer mear oan wetterswâl.
Fan natueren, soe men sizze, hat Faber syn paed foun en myn forantwurdlikens dat oangeande mei gjin neamen hawwe, al sil der moai wis wolris oars oer oardiele wurde. Licht sil dit de reden wêze, dat men mij op in oardiel ferge.
Hein Faber, jongere soan út in moai greate húshâlding, dy't mei syn âlden op forskate plakken syn domesylje hawn hat, ear't er as learjonge op it Makkumer notariskantoar bilânne; in romantysk jongfeint, dy't midden yn 'e romantyk bidarre: oerdeis de romantyk - jawis! - de romantyk fan it notariskantoar en yn de middeis- en jounsskoften yn dy fan it séfolk en de séwâl. Dy't letter syn paed socht yn 'e romantyske technyk, as marconist bij de greate feart, en dêr de wredens fan it libben wjerfear, doe't de krisis kaem en de boaten oan 'e dúkdalven to ruskjen leine. Dy't yn it lamsleine Rotterdam tahâldde ûnder de skobbers fan 'e rivier, oan 't er to Makkum wer