It leit foar de hân dat in lyts folk fan boeren, skippers, hantwurkslju, lytse nearingdwaenden, arbeiders, skoalmasters en in stikmannich dominys en notarissen, de skriuwers minder kar jowt as hja yn greatere mienskippen mei mear forskaet ta har foldwaen hawwe. Mar dêrom is it net wei to praten, dat ús toaniel op in paed is dat stomprint. Om it Fryske toaniel op 'e hichte to bringen dy't it toaniel yn oare mienskippen hat en it de bitsjutting to jaen dy't it krije moat, sille ús toanielskriuwers oare paden op moatte.
It Selskip ‘Tetman de Vries’, dat trochstrings goed Frysk joech en nei nije foarmen en uteringen stribbe, al arbeide it mear de kant oer fan it cabaret as dy fan it toaniel, hat foar ús folkstoaniel en binammen foar de taelstriid, greate bitsjutting. Wurk fan Wiersma en Poortinga, lyk as ‘Roaitske’ en ‘De Jonkerboer’, mei net gaedlik wêze foar opfiering op lytse plakken, dêrfoar hat it to folle toanielromte fan neden en binne de opfieringskosten to heech, hat dochs oan 'e bûtewacht sjen litten, dat it Frysk brûkt wurde kin foar dingen dy't heger lizze as it gewoane deistige barren.
Der binne altiten jit party Friezen, binammen yn 'e stêdden, dy't miene dat it Frysk allinnich brûkt wurde kin en ta syn rjocht komt yn faken platte gritsen en grappen.
By de opfieringen fan ‘Simson’ is dúdlik oan 't ljocht kaem dat it publyk, alteast in part der fan, ek wolris oar en better wurk sjen wol as dat it trochstrings to sjen en to hearren kriget.
Ek yn Fryslân hawwe de wizers fan 'e tiid net alhielendal stilstien. As men b.g. ‘Macbeth’ yn 'e oersetting fan Kalma en ‘Hamlet’ en ‘Julius Caesar’ yn dy fan Holtrop lêst, docht it jin nij dat der nea ris bisocht is sok wurk op 'e planken to bringen. Wis, it binne oersettingen, mar hoefolle en folle minder oersettingen binne yn 'e rin fan 'e tiid yn Fryslân net folle faker as ienris oer de fuotljochten brocht? Dat komt op in stikmannich net oan. Leit sok wurk op in to heech plan? Ik set it yn 'e kiif.
As ús toanielskriuwers oan 'e literaire kant fan har wurk ris hwat mear soarch bistegen, soe der al hiel hwat woun wêze. Der binne dochs yn Fryslân wol goed ûnderleine skriuwers, dy't wol witte hwat in goed toanielstik freget en hwer't it oan foldwaen moat en dy't ek wol yn steat binne om hwat goeds to meitsjen.
As stikken lyk as ‘Esmoreit’ en ‘Lanseloet van Denemarken’, troch leken mei biheinde middels opfierd, by it Hollânske en it Flaemske publyk bûtenwenstich sukses hawwe, mei men dochs mei rjocht oannimme, dat ús Fryske harkers ek wolris hwat oars sjen wolle as ivich en aloan tastannen en persoanen, dêr't hja troch 'en dei fan moarns ier oant jouns let ta oer stroffelje.
Op it stik fan it toaniel wachtsje wy op in nije moarn mei nije lûden. Hwa fan ús jonge skriuwers nimt de foarstap?
A.J. WYBENGA.