Op it harspit:
By wize fan duplyk.
Op ‘De kunst fan oersetten’.
(D. Kalma, July-nûmer.)
Miskien jowt it foech en gean fan jins kant jitris yn 't koart op 'e oerset-kwesje yn: al kin men fan it ‘algemien en persoanlik’ antwurd dat Kalma jown hat, gâns meistimme, bifredigje docht it jin hyn ofte nei net, lit stean fan oertsjûgje. Dat de opfettingen op it stik fan oersetten, sa't dy nei oanlieding fan Kalma's Yeatsoersettingen yn it April-nûmer biskreaun steane, binne net foroare dat makket. As Kalma dy opfettingen akademysk neamt, dan docht er dat neffens jins gefoel út in misbigryp: it is nammentlik net sa, dat men yn it gefal fan in Shakespeare-oersetting forwachtsje moat, dat dy oersetting deselde yndruk op 'e Fryske lêzers meitsje sil as it origineel op Shakespeare's tiidgenoaten, mar wol as it origineel op de oersetter! (Dêrom is der yn it gefal fan de Yeats-oersettingen ek mei opsetsin frege: ‘Meitsje se op 'e Fryske lêzers deselde yndruk, dy't it origineel op de oersetter makke hat?’ (s. 124.)
By alle oersetten is de oersetter de sintrale figuer: hy stiet tusken it origineel en de oersetting, tusken de frjemde dichter en it eigen folk, en it is nou mar krekt hwat hy der fan makket.
It kin jin oars net as goed dwaen, dat Kalma boppe syn stik ‘De kunst fan oersetten’ set hat: it bringt jin yn it sin, dat in goed oersetter in kunstner is, in wurdkunstner, dy't de nuances fan de eigen sprake oanfielt en dêrmei werjaen kin, hwat in oar hert him yn in frjemde tael tasjongt en fiele lit. Himsels dêrby útskeakelje is gjin sprake fan: it is dichtsjen ûnder bitingsten. Sa frij as de dichter is, sa ûnfrij is de oersetter: hy moat altyd hearrich wêze, him altyd tsjinstber meitsje, him altyd stjûre litte.
It is al sein (sj. April-nûmer), dat Kalma faek en folle it origineel nei syn eigen, by útstek individuele skriuwtrant ombûcht; oars sein: hy is net altyd hearrich genôch, hy is faek fiersten to persoanlik. (De brike sprongen by de Yeats-oersettingen binne dan ek net mei in citaet út Mr. Rodman's ‘Modern Poetry’ goed to praten.)
Dizze persoanlike ynstelling komt faeks noch klearder út, as men wyt, dat Kalma mei de Yeats-oersetting bistribbe hat ‘de lêzer eat fiele to litten fan in great dichterskip’ (s. 216), wylst er himsels, as it om Shakespeare-oersettingen giet, allinne mar in ‘dizige en twiivlige’ foarstelling jaen kin fan hwat de reäksje fan de Fryske lêzer wêze sil (s. 214). Op dit lêste fuortbouwend, wurdt de moeting tusken William Shakespeare en Douwe Kalma dan ek fan himsels alles-bihearskjend neamd: foar Kalma persoanlik faeks wol, mar de moeting (ja, de wrakseling) fan Douwe Kalma mei de ingrediënten fan de Fryske tael moast dôch op syn minst like bihearskjend foar Kalma wêze (en is it foar it Fryske folk!), sil Kalma as oersetter syn paed skjinfeije en dat folk fiele litte, hwat Shakespeare him fiele litten hat: