De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 275]
| |
Povl Kildemoes:
| |
[pagina 276]
| |
of dûmny, en om't dûmny mear is as ûnderwizer moast er dûmny wurde. De jonkheit fan Kaj Munk wie moai. Hy wie in libbene, iepene natûr, dy't mei graechte alle yndrukken opnaem, om se ús letter wer to jaen yn guon fan syn bêste toanielstikken. Gâns ynfloed krige syn pleechmem op him; hja wie hwat in swiersettich minske mei in libbensskôging dy't de ‘Indremission’Ga naar voetnoot1) it neist wie en suver oerhong nei it piëtisme. Fan har krige Kaj Munk syn greate wierheitsleafde. Fan likefolle bitsjutting waerd foar him syn earste ûnderwizer, in gâns oare natûr as Marie Munk. Hy wie GrundtvigiaenGa naar voetnoot2) en as ûnderwizer immen dy't de bêste tradysjes fan de Deenske folksskoalle eare oandie. Master Wedsted hjitte er. Syn libbene wize fan lesjaen brocht Kaj Munk leafde ta it nasjonale en bilangstelling foar ús greate histoaryske figueren by. Doe't Oscar Geismar kapelaen by de doarps-dûmny waerd, krige Kaj Munk der in freon by. Ek Geismar wie Grundtvigiaen; mar foar Kaj Munk wie it suver fan noch mear bilang, dat er yn Geismar foar it earst ien fan de yntellektuële, radikale persoanen út de haedstêd moete. Kaj Munk moast dus dûmny wurde. De wei wie lang. De earste etappe wie de bisûndere boargerskoalle fan Maribo, de folgjende de kathedraelskoalle to Nyköbing op Falster; dêrwei waerd Kaj Munk yn 1917 studint. Wy hawwe al heard, dat Kaj Munk fan syn iere jongesjierren ôf fersen skreau; nou bleau it net by fersen allinnich, hy skreau ek toanielstikken, trageedzjes yn de styl fan OehlenschlägerGa naar voetnoot3); ja, bytiden suver ôfskriften fan Oehlenschläger, hwant ‘hy wie sa geweldich’. Mar hjir, yn de gymnasiumtiid, ûntstiet it earste greatere wurk. Yn de maitiid fan 1917, midden ûnder de eksamenstúdzje, skriuwt er ‘Pilatus’. It is jeugdwurk en as sadanich net frij fan flaters yn foarm en ynhâld, mar likegoed ymponearret it jin. It is nijsgjirrich, dat wy hjir de earste uteringen fine fan Kaj Munks forachting foar de massa, it dúdlikst wol yn dizze rigels: | |
[pagina 277]
| |
Blyn wie ik, blyn en dwaes, hoe koe ik leauwe
dat mannichten Hear Jezus leavje soene,
dat dizze massa, sa nijsgjirrich gapjend.
de gloede fan 's Forlossers herte fielde!
Kaj Munk waerd studint; nei de simmerfakânsje reizge er nei Köbenhavn, om dêr oan de universiteit theology to studearjen. Hy docht syn fakstúdzje, mar mear út plichtsfielen as út bilangstelling. Alderleafst lêst er it wurk fan de greaten fan 'e litteratuer: EwaldGa naar voetnoot4), Oehlenschläger en Sören KierkegaardGa naar voetnoot5); en joun op joun sit er yn de Köbenhavner skouboarch. En syn eigen skriuwen? Ja, fansels skriuwt er, mar folle is der net fan biwarre. Yn de blomlêzing ‘Med Sol och megen Glaede’ (Mei sinne en greate fleur) fine wy lykwols in toanielstik út dizze jierren: ‘Operationen’ (De Operaesje), datearre 1920. Hjir tekenet Kaj Munk syn earste machtsminske. ‘Operationen’ is Kaj Munks earste diktatorstik, en dêrom fan bilang. Hwerwei komt nou Kaj Munks foarleafde foar de greate man, de machtsminske, de diktator? It is net sa ienfâldich, dizze kwestje mei in pear wurden op to lossen. Mar dit kin der dochs wol fan sein wurde: yn ‘Pilatus’ hawwe wy forachting foun foar de massa, foar it deade gewicht fan it tal. Miskien is dy forachting ienfâldichwei ûntstien út de bitsjutting, dy't it domme gewicht fan it tal yn de lijensskiednis krigen hat. En yn de earste jierren nei de wrâldkriich seach Kaj Munk mei forbjustering, hoe't de chaos oerhearske yn de Europeeske demokratyën; binammen it lot fan Dútsklân trof him djip. Fierders moatte wy yn it each hâlde, dat Kaj Munk dramaticus wie yn ieren en sinen, en dat er de wierheit, de wierheitsleafde, boppe alles heechhie. It ûnderhanneljen, it tiidwinnen, it akkordearjen fan de demokratyën, al har kompromissen, it wiene foar him de wjukken der't de leagen op dreau; mar de diktator sei de dramaticus yn him hwat: de diktator hannelet, in drama is hanneling. Der soe jit wol mear oanfierd wurde kinne, mar dat soe ús to fier liede. Ien ding lykwols moat fêststeld wurde: Kaj Munks geastdrift foar de machtsminske komt al dúdlik ta | |
[pagina 278]
| |
utering yn ‘Operationen’ fan 1920, hy stiet al op syn stânpunt foardat Mussolini en Hitler foar it fuotljocht komme. Hwannear't Mussolini en letter Hitler oan 'e macht reitsje, fielt Kaj Munk him folslein mei harren forboun. Hja passe ommers yn it idéael, dat er him foarme hat. Hwannear't it letter bliken docht, dat de ‘echte’ diktators fan it idéael ôfwike, bigjint Kaj Munk stap foar stap ôfstân fan harren to nimmen, om einlings folslein mei harren to brekken. Mar dêr strak oer. Yn ‘Erindringerne’ (De Oantinkens), seit Kaj Munk sels as ynlieding ta syn bisprek fan ‘Operationen’: ‘Yn de boaijemleaze bitizing fan de tiid like it my klear en dúdlik, dat allinnich de greate man yn steat wêze soe oarder op 'e saken to stellen. Dat idé krige foarm yn fiif jachtige akten oer it keninkryk Donlân’. De ynhâld kin yn in pear wurden gearfette wurde: yn it keninkryk Donlân hearsket bitizing en ûntbining, stakings en útslutings binne oan 'e oarder fan 'e dei, it buorlân driget mei oarloch, de soldaten desertearje ensfh. Dan nimt Willi Kuhn, de sekretaris fan it kabinet, de macht yn hannen, set it regear ôf, reaget de kening oan kant - doek! Lêste akte: it is allegearre wer frede en woltier, lang libje Willi Kuhn, lang libje Donlâns sterke man! Ja, mear wie it net, der bliuwt jin hwat in leffe smaek fan yn 'e mûle, en men soene der sa graech in antwurd op hawn hawwe, hoe't it Kuhn winliken slagge is de driigjende oarloch ôf to kearen en it folk ienriedich to meitsjen. ‘Operationen’ is in postulaet oangeande de macht fan de greate man, de machtsminske hat gjin inkelde tsjinspiler fan bitsjutting; it stik makket de yndruk fan in skets, mar is nijsgjirrich om itjinge dat der op folgje soe. De earste jierren yn Köbenhavn wenne Kaj Munk lyk as de measte studinten fan bûten op keamers. Mar yn de simmer fan 1921 slagge er nei de Regens, en in nije wrâld gie foar him iepen. Oant nou ta hie er mar frijhwat ienlik libbe en wie hurd ûnderweis om hwat in sûnderling to wurden; mar hjirre op 'e Regens kaem er mei sa'n hûndert oare studinten to wenjen, hy krige freonen en kammeraten en waerd al ridlik gau in Regensiaen dy't tige yn tel wie. Kaj Munk wie lokkich, mar dat kaem mar amperoan yn litterair wurk ta utering; yn dizze Regens-jierren bleau it almeast by hwat lytser spul, studintelietsjes, revue's ensfh. Yn Maert 1923 ûntflechte Kaj Munk de Regens om rêst to | |
[pagina 279]
| |
hawwen foar syn eksamenstúdzje. Wylst er him tarette foar syn studinte-eksamen skreau er ‘Pilatus’, nou, wylst er him klearmakket ta it foarste diel fan syn slúteksamen, skriuwt er ‘En Idealist’ (In Idéalist). It drama hannelet oer kening Herodes. Kaj Munk hie al lang bilangstelling hawn foar dy bisûndere, geniale persoan. Nou't er de biskriuwing lêst dy't Frants Buhl jowt yn syn histoarje fan it Israëlityske folk lôget syn bilangstelling fannijs op. Buhl einget syn haedstik oer Herodes mei de wurden: ‘- dizze persoan, dy't de dichter fan Richard III sokken prachtige stof ta in drama jown hawwe soe’. Krekt, tinkt Kaj Munk, de stof is jit frij, hwat Shakespeare neilitten hat kin ik ynhelje. En mei baernende ynspiraesje skriuwt er yn fiif dagen de earste acht akten fan ‘En Idealist’. De njoggende en tsiende akte waerden earst skreaun yn Septimber 1924, doe't Kaj Munk syn tsjerklik eksamen dien hie en as dûmny yn Vedersö stie. De foarste akte skilderet Herodes yn syn striid mei de Hasmodéers, it keningshûs dat er, sels Edomyt, fan de troan staet hat, mar der't er dochs troch syn frou Mariamme oan bisibbe rekke is. Herodes sil in hegepreester oanwize moatte; it folk en de partij fan de Hasmodéers, stipe fan keninginne Kleopatra, easkje dat in broer fan Mariamme keazen wurdt, wylst Herodes foarkar hat foar in minder gefaerlik man. Herodes doar him lykwols net rjochtút forsette tsjin de winsk fan de Egyptyske keninginne, dat hy kiest syn sweager, mar skeakelet him fuort dêrnei troch in slûpmoard út. Herodes spilet heech spul, hy bislút dan ek nei Egypte to reizgjen om Kleopatra, dy't de saek grif net stean sil, gerêst to stellen. De twadde akte spilet yn it slot fan Kleopatra. Hja is pûr op de kening fan de Joaden, dy't har sin net dwaen wollen hat; hja wol him oan kant hawwe en set Antonius tsjin him op. Herodes komt en sjocht geniael mei ien eachopslach, hoe't er de saken oanfetsje moat. Kleopatra is in al net mear jong, minsiik frouminske, en Herodes lit it foarkomme, as wie er smoarlik op har foreale. Kleopatra wurdt ûnwis, hja stjûrt Antonius fuort en Herodes spilet syn spul krekt salang fierder, dat hja har winne lit. Hja forjowt Herodes, mar wol nou, dat dy by har bliuwt. Mar dat strykt alhiel net mei Herodes' plannen; hy wol oars net as mei strange hân hearskje oer it Joadske folk. Dêrom lit er nou foar Kleopatra it masker falle en driget har dat hja tajaen sil. | |
[pagina 280]
| |
‘In ûre lang kin ik mei myn mannen it slot wol hâlde’, seit Herodes, ‘en dan sil ik dy waskje, âlde, dy waskje en dy sa oan Caesar fortoane, sûnder dyn moai bosk hier, sûnder dyn wynbrauwen, sûnder read op 'e wangen, sûnder tosken yn 'e mûle. Doarstou dat wol oan?’ Kleopatra jowt it oer. Herodes reizget nei hûs ta as oerwinder, as freon fan Antonius, mar Kleopatra bliuwt efter, in âld, wurch frouminske. De tredde akte spilet yn it keninklik slot to Jerusalim. Josef, troud oan Herodes' suster Salome, is steedhâlder; hy hat it slim to krijen mei it bifel, dat Herodes him foar de ôfreis jown hat: dat er Mariamme deadzje litte moat, hwannear't Herodes net weromkomt. Salome, in wanskepen frouminske mei in forgiftich aerd, is oergunstich op de kreaze en fleurige Mariamme. Hja hat der in formoeden fan, hwat bifel Herodes jown hat en lit der Mariamme safolle fan trochskimerje, dat dy yn in folgjend petear mei Josef de hiele wierheit to hearren kriget. Herodes komt dan thús, oerwinningsbiwust en diedfeardich, hy fynt Mariamme folslein foroare en lient it ear oan it falsk praet fan Salome, dat Mariamme him mei Josef ûntrou west hawwe soe. Josef wurdt op slach ta de dea wiisd, en Mariamme oan bloedens ta mei de swipe slein. De fjirde akte lit sjen, dat it libben wer syn gewoane gong nimt. Mariamme kin oars neat as har man leafhawwe. Mar fan bûten ôf driigje oare dingen. Hja wachtsje op de útkomst fan de slach by Actium: sil Antonius of Octavianus de oerwinning bihelje? Herodes hat freonskip mei Antonius; wint Octavianus, dan sil dy Herodes grif net kening oer it lân fan de Joaden bliuwe litte. Der komt in boade fan Rome, in koel, swijsum man, dy't meidieling docht fan de oerwinning fan Octavianus. Herodes moat hannelje, de Romeinske boade wurdt delslein en Herodes bislút sels nei Octavianus' legerkamp to gean om to bisykjen ta in skikking to kommen. De fyfte akte spilet yn in hûs by Octavianus' legerkamp. Lyk as yn de Kleopatra-scene sjocht Herodes ek hjir fuortdaliks op geniale wize, hoe't de saek op syn bêst oprêdden wurde kin. Hy is fan bitinken, dat de soldaet Octavianus syn nocht hawwe moat fan démoedige flaeikerij en ûnderdienens, en draecht him dêrfandinne as syn gelikense; hy bûcht him mar amper foar Octavianus, hwannear't er foar him forskynt. Hy ymponearret de machtichste man fan it | |
[pagina 281]
| |
Romeinske ryk en wit it safier to krijen dat dy him frede en freonskip ûnthjit. Jitris hat Herodes syn tsjinstanner forrifele. De sekste akte spilet yn de legertinte fan Octavianus. Ja, dat miende er! Mar hwannear't Herodes ôfreizge ishearre wy, dat Octavianus de kening fan de Joaden trochsjoen hat; hy hat allinnich dy syn brutalens en toanielspul leanje wollen. ‘De steat moat de kunst stypje, hwannear't dy goed is. Dan sil de kunst de steat stypje’, seit Octavianus. De sawnde akte spilet wer yn it keninklik slot to Jerusalim. Kostobarus, de twadde man fan Salome, is steedhâlder. Hy is in trou oanhinger fan Herodes, mar hopeleas foreale op Mariamme. Herodes komt nou thús, forklaeid as hearremyt. Hy fortelt, dat Herodes dea is, en dat syn lêste bifel west hat, dat Kostobarus Mariamme deadzje sil. Kostobarus wifket. Mariamme komt mei it útstel, dat hja togearre flechtsje sille, mar dan lit Herodes syn momklaed falle en ropt de wacht; wy fetsje wol, dat der nou rjochtdei hâlden wurde sil. Yn de achtste akte wachtet Herodes op de foroardieling fan Mariamme; de rjochtbank wiist har ta de dea. Fan alle kanten komme der ôffurdigen om genede to freegjen foar de keninginne, mar Herodes wiist se allegearre ôf. Einlings komt Mariamme' mem, keninginne Alexandra, Herodes' slimste fijân, en freget him, dat har dochter stjerre mei: hja hat genôch lit. Alexandra hat Herodes trochsjoen, hja bigrypt, dat der efter syn razende wangunst oars net as kâlde birekkening leit: ‘Jo folgje altyd de skomslach fan jins driften, mar nea - o wûnder! - nea foardat jo birekkene hawwe, dat it him leannet.’ Hja fettet, dat Mariamme de iennichste macht is, dy't Herodes sêftmoedich en minsklik meitsje kin, en dat Herodes nou har dea wol, om him folslein jaen to kinnen oan de striid om de kroane fêst op 'e holle to hâlden, oan syn dea ta. De boal laet Mariamme derút. Rjocht oerein stiet de kening. Mar syn eachappels wurde greater en greater, syn oansicht witer en witer. De boal (komt op): ‘It is folbrocht.’ Herodes (falt foaroer sûnder de hannen foar him út to stekken). De njoggende akte spilet jierren letter. Herodes is nou op it toppunt fan syn macht; hy wurdt freze fan syn hiele folk. Mar hy is in rêstleas, ûnwis man, syn rêst, dy't earder sa ymponearre, is fordwoun. Aloan en wer seit er ta him- | |
[pagina 282]
| |
sels, dat er lokkich wurden is nei Mariamme' dea; mar hy seit it sa faek, dat elkenien fielt dat er himsels oertsjûgje moat. Yn de tsiende akte leit Herodes op syn deabêd. Hy hat der frede mei hwant hy wit dat er stjerre sil mei de keningskroane op 'e holle. It folk is bliid, en sels syn neiste fortroulingen binne fleurich dat hja him strak kwyt wêze sille. Herodes leit allinne, hy giet oerein fan syn bêd, sleept him nei it finster en sjocht yn it tún in frouminske mei in berntsje op 'e earm. Hja liket op Mariamme. Herodes ropt de mem en it bern by him en freget har, oft hja de nacht oer by him bliuwe wol. De frou fettet him net, hja is sa fol fan bitrouwen, de eagen fan it berntsje binne sa myld en goed; en foar it earst sûnt Mariamme' dea wâllet de goedheit yn Herodes op. Hy seit harren to gean, mar de frou wol witte, hwat hy fan harren woe. Sjoch, Herodes tochte, it bern wie sa moai, dat er it eat jaen woe; hjirre, nim it keninklik klaed, dat is foar it berntsje. De frou is tige tankber. Herodes kriget frij, it berntsje de hân to patsjen, en it bern boartet mei de scepter. En de frou tanket jitris, en fortelt, dat it bern de Messias is, de Soane Davids, de kening fan 'e Joaden! Herodes âllet it út; hy sjocht nou yn, dat er nar west hat oan it hof fan 'e Almacht, it bern hat him forrifele, it hat mei de scepter boarte en de keningsmantel krigen. Foar it earst bidt Herodes ta God: ‘- easkje my alles ôf, lit my boetsje mei alles hwat ik jit oerhaw. Mar lit it bern stjerre, lit in slang it bite, lit it formoarzele wurde tsjin it rots, lit it reaun wurde oan in spear of ophongen oan in beam, mar lit my as kening stjerre, jow my myn kroane werom -.’ ‘En Idealist’ is sûnder mis Kaj Munks greatste en djipste wurk. Men kin it lêze en jitris lêze, en alle kearen sjocht men der nije dingen yn, nije skientme. Boppesteande gearfetting jowt inkeld de neakene gong fan de hanneling, mar dy makket al dúdlik, dat it hjir giet om in drama yn de wêzentlike sin fan it wurd. By dizze gearfetting ûntdekt men miskien al, hwat it boek fansels jit helte dúdliker sjen lit: dat der in dúdlik forskeel is tusken de acht earste akten en de beide lêste. De acht earste akten jowe foar in part de striid wer ta it bihâld fan de keninklike macht, binammen de scenes by Kleopatra en Octavianus; foar in oar part skilderje hja de razende jaloerskens fan Herodes: twaris jowt er oarder, dat Mariamme deade wurde sil, hwannear't | |
[pagina 283]
| |
er sels stjert. Yn de achtste akte slachtet Herodes Mariamme en stiet neitiid ûnfordield sterk yn de striid ta it biwarjen fan de keningstroane. Yn de njoggende en tsiende akte is der sprake fan God, wylst wy yn de eardere akten út en troch allinnich mar in formoeden hawwe koene fan Syn bistean. Herodes praet yn dizze lêste akten faek oer God, gauris yn forbining mei de neitins fan Mariamme: ‘- it is raer dien troch de Heare God, nou hawwe wy striden fan myn jonkheit ôf, ik haw sels myn frou slachte om frij to stean yn 'e striid.’ En yn de lêste scene fan de tsiende akte forliest Herodes de slach mei God. Oant dan ta hat er him steande hâlde kind, mar hjirre, foar de Soane Davids oersteld, oermasteret de goedheit him, ien eagenblik, mar ien eagenblik, en dan bart it. Yn 1924 waerd Kaj Munk dûmny yn Vedersö, in lytse plattelânsgemeente op de westkust fan Jutlân. Yn Septimber 1924 kaem ‘En Idealist’ ré, en Kaj Munk stjûrde it stik fuortdaliks oan it Keninklik Theater. Nou folge der in kwellende tiid fan wachtsjen; earst yn 1926 waerd it stik oannommen. Moanne yn, moanne út moast Kaj Munk wachtsje; op it lêst reizge er nei Köbenhavn en socht de censor fan it theater, professor Hans Brix, op: hy woe útslútsel hawwe. Geduld, geduld! ‘Mar doch eat, wylst Jo wachtsje. Skriuw in stik foar ús, dat de boeren fan de earnstige kant nimt.’ En Kaj Munk reizge nei hûs ta en skreau ‘Ordet’ (It Wurd). ‘Ordet’ (1925) bringt ús yn in typysk Deensk boereformidden. Deenske boeren binne de haedpersoanen. ‘Ordet’ is Kaj Munks meast réalistyske stik. Mar it giet oer in wûnder: in deade frou wurdt opwekke út de deaden. Alde Mikkel Borgen is boer op Borgens-state, dy't al slachten lang it eigendom fan de famylje west hat. De earste akte bringt ús mei Borgens-state, syn biwenners en har problemen yn 'e kunde. Alde Mikkel Borgen is in haedlingenatûr, hy is Grundtvigiaen en hat Borgens-state makke ta in stins fan it Grundtvigianisme yn de gemeente. Mar nou piniget it him, dat syn soannen blykber syn fuotspoar net folgje kinne of wolle, Mikkel, de âldste soan, hat it leauwe forlern. Johannes, de folgjende, is geastessiik: hy mient dat er Jezus is. Op him hie âlde Mikkel Borgen oars al syn hope set: Johannes wie in ûnthjittend theolooch en forlove mei in leave faem. Mar troch it lêzen fan Sören | |
[pagina 284]
| |
Kierkegaard en BjörnsonGa naar voetnoot6) wie er hwat oerspand rekke. Op in jountiid wie er mei syn faem yn 'e skouboarch, der't ‘Over Evne’Ga naar voetnoot7) jown waerd. Doe't hja nei de foarstelling nei hûs ta soene, rekke Johannes omtrint ûnder in auto. Syn faem rêdt him, mar rekket sels dea. Sûnt dy tiid hat Johannes geastessiik west. De tredde soan, Anders, is in kreas jongkeardel, in bytsje weak, mar hy hat it leauwe tominsten en hy sil de pleats hawwe. Mar nou komt it sa, dat Anders foreale rekket, en op de forkearde. Hy hâldt fan Anne, de dochter fan Peter Skraedder, en Peter Skraedder is de foaroanman fan de ‘Indremission’ yn de gemeente. Alde Mikkel Borgen is der dêrom fjûr en flam op tsjin. Anders is op 'e fyts nei Peter Skraedder-en-dy set om har hân, hy komt werom, en nou docht net mear of minder bliken, as dat Peter Skraedder né sein hat! De greatskens fan de great-boer wallet yn âlde Borgen op: Ik sil, ik sil by myn siele...., hwat by dit en by dat forbyldet er him wol! En âlde Mikkel Borgen hjit Anders de slide yn to spannen, hy sil ris in hertich wurdtsje mei Peter Skraedder prate. Hwannear't Borgen by Peter Skraedder to stoel en to bank rekke is, komt it ta in forheftige striid tusken de beide libbensskôgings; mar beide binne hja like stiif; in ûnfoege skelpartij is de ein. Hwannear't Borgen en Anders op 'e sprong steane om nei hûs ta, wurdt der skille fan Borgensstate, dat Inger, jonge Mikkels frou, slim siik wurden is. Hawar, dat sil it bern wol wêze, ornearret Borgen, mar né, it is slimmer. Wy binne wer op Borgens-state, Inger lit oan gefaerlike bliedings, it bern moat komme; mar it moat stikken snien wurde om Ingers libben to rêdden. Inger makket it sa foar 't each better, hja fait yn in rêstige sliep. Mar de jouns stjert hja. Mikkel nimt Johannes der mei yn, dat er de deade sjen sil. Hwannear't Johannes oan it bêd stiet, komt him syn fame deabêd yn 't sin, hy jowt in gjalp en fljocht derút, it tsjuster, de snie yn. Inkelde dagen letter, Inger sil bigroeven wurde. It bigraffenisfolk sil aenst komme, Ingers kiste stiet yn 'e keamer. Johannes is jit net weromkommen. Peter Skraedder komt mei Anne deryn, it plak fan Inger sil net leechbliuwe, | |
[pagina 285]
| |
seit er. Nou komt Johannes werom, en hy is wer by syn forstân. Hy forwyt syn heit en broer, dat hja net de wisse oertsjûging fan it opstandingsleauwe hawwe, dat hja gjin kristenbloed genôch yn har hawwe ta de forwachting fan de Peasketriomf. Op syn minst hiene hja dochs de moed ta bidden hawwe moatten en God freegje, oft hja har net weromkrije kinne soene. Foartiid hie Johannes Ingers famke al tasein, dat er har mem opwekje soe, hwannear't hja sterre soe. Nou wurdt it bern ûnforduldich: Avensear nou ris hwat, omke! En it bitrouwen fan it bern jowt Johannes moed: ‘Harkje nei my, deade! Yn de namme fan Jezus Christus, de forbrekker fan de grêven, sa wier God it wol, kom werom ta it libben! Ik siz dy, frou, stean op!’ En Inger riist oerein út har kiste. It is in nuodlik ûndernimmen, de hanneling fan ‘Ordet’ koart gear to fetsjen. Sa'n gearfetting kin ommers licht de yndruk jaen, dat ‘Ordet’ in frijhwat banael stik is, dat giet oer twa minsken, dy't fan inoar hâlde, mar inoar net krije kinne, lykwols elkoar op it lêst dochs noch krije, plus in dead frouminske, dat fan de deaden opwekke wurdt. En men skodhollet. Mar op sa'n wize docht men ‘Ordet’ ûnrjocht, De banale en ûnwierskynlike hanneling is allesbihalven banael en ûnwierskynlik. ‘Ordet’ is in folslein kunstwurk. Kaj Munk koe de Deenske boeren en koe har tekenje. En hy hie sawol oan de Grundtvigiaenske as oan de Indremissionske libbensskôging kunde. De skildering fan Borgens-state en it lytse spul van Peter Skraedder heart ta de treffendste útbyldings fan boerelibben yn de Deenske litteratuer. En it wûnder? Ja, Kaj Munks kunst is sa great, dat elkenien it oannimme kin. Dr. Frederik Schyberg skreau nei de première yn Septimber 1932 ‘- dat it publiek as ien man dat slot mei syn ûnwurklike foarstelling naem, biwiist wol op hokker hichte Kaj Munk as dramatysk dichter stiet. It stik is de sterkste preek dy't ik ea heard haw -.’ ‘Ordet’ is Kaj Munks bikendste en meast bisprutsene wurk; it is it toanielstik fan it wûnder, of better sein, fan de baernende trou, dy't biwurkje kin, dat it wûnder bart. Yn ‘Fugl Fönix’ (Fûgel Fenix) (1926) stiet de konferinsje fan Versailles de dichter foar eagen. De trijeakter hat winliken mar trije persoanen: Allan, Sperazio en Marchanel, dy't dúdlikerwize Wilson, Lloyd George en | |
[pagina 286]
| |
Clemenceau foarstelle. Forlikenje wy it stik mei ‘Operationen’, dan binne der dûdlike punten fan oerienkomst, ek hwat de flaters oanbilanget. Mar de machtsminske, Marchanel, hat hjir in sterke tsjinspiler krigen, Allan; likegoed kriget ek hjir de machtsminske it lêste wurd. De maitiids fan 1927 folget ‘I Braendingen’ (Yn de Brânning). De direkte oanlieding wie it birjocht fan Georg BrandesGa naar voetnoot8) dea. Yn professor Krater hat Kaj Munk in byld fan Brandes tekenje wollen. ‘I Braendingen’ is net sa'n tige wichtich stik; professor Krater jowt mar in iensidich en frijhwat nayf byld fan Georg Brandes. Yn de folgjende jierren komt Kaj Munk net oan greater wurk ta. Syn wurk as dûmny nimt him alhiel yn bislach, hy trout mei in boeredochter út syn gemeente, der komme bern. Kaj Munk wurdt in lokkich famyljehaed. Yn 1931 skriuwt er ‘Cant’. Oant dan ta hat Kaj Munk as dramaticus gjin sukses hawn, ‘En Idealist’ waerd yn 1928 yn it Keninklik Theater opfierd, mar it waerd in dinderjend fiasko; foar in part wie dat to witen oan in folslein healwize bisnoeijing, foar in oar part oan in stumperige enscenearring. ‘Ordet’ waerd fan it Keninklik Theater oannommen, mar hja doarsten it net op 'e planken to bringen. ‘I Braendingen’ waerd net ienris oannommen. Mar dan skriuwt Kaj Munk ‘Cant’. Hy set de tosken opinoar en seit: nou sil ik it har sjen litte! En hy skriuwt suver foar ‘It Keninklik’. In bytsje yn it tradysjonele, hwat ûnderhâldende originaliteit, en foaral net to min flotte rollen. ‘Cant’ is in biwust stik wurk, skreaun mei fêsthâldendheit en in bytsje bitterens, mar Kaj Munk kaem der't er wêze woe: it stik waerd opfierd, moannenlang kaem it foar de fuotljochten. Kaj Munk krige namme. ‘Cant’ hannelet oer Hindrik de Achtste fan Ingelân en syn houlik mei Anne Boleyn; Kaj Munk basearre him dêrby op de biografy fan Hindrik de Achtste fan Francis Hackett. Flotte bylden, dramatyske effekten, dúdlik en simpel | |
[pagina 287]
| |
tekene figueren, yn rymleaze fersen, sterk toaniel. Miskien hwat hol, mar sukses! Dan folget yn 1932 ‘De Udvalgte’ (De Utforkarde). Kaj Munk hat sels fan dit wurk sein, dat it syn kristlikste stik is, en miskien mei rjocht. De haedpersoan is David; hy sûndiget troch syn ûnskeamele leafdesforhâlding mei Batseba. Mar Gods genede is mei David. Troch de mûle fan de profeet Nathan seit God ta him: Omdatstou yn dyn delfal en dyn heechheit
altiten weroan gryptest nei myn mantel,
dêrom sil wer myn genede ljochtsje oer dy yn dyn nacht, -
‘Ordet’ is in kristlik stik; it forhearliket de trou, de baernende trou, dy't wûnders ta stân bringt. Hjirre, yn ‘De Udvalste’ giet it oer Gods genede, oer de sûnde dy't ta seine wurdt. It stik is in opmerklik mingsel fan kwea en goed. Guon fan de erotyske scenes stjitte faeks hwat ôf, mar oare dielen hearre ta it moaiste dat Kaj Munk skreaun hat. Yn de dielen op rym treft jin in rhythmyske virtuositeit, sa't dy mar selden yn Kaj Munks lyryk foun wurdt.
(It lêste folget.) |
|