De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 288] [p. 288] D.H. Kiestra: De hurde froedmaster De dei doek op út 'e winternacht; De boer siet foar 't bed; in djippe klacht Syn frou him diich: it komt net goed! Gjin bangens, mar bikenning út moed, Ut ûnbitwingber needlotsbisef. De boer seach út oer it lân en it hêf. In slide oer iis, mei in hynsder der foar, Foarút gong in houn en roek it spoar. In frjemde man stoep de keamer yn Rjocht nei it bêd en lichte de wryn'. De swiere binearing wiek foar him wei, De boer amme rommer, de frou dy swei. ‘Master, hwat tinkt Jo en libbet it bern?’ ‘Om libbenen moast ik hjir hinne tsjen, Om libbenen kaem ik oer lân en hêf, En net om bût foar in lyts, swart grêf!’ It antwurd klonk as in lûde rop. Fannijs kaem dy eange binearing op, Sa ûnforbidlik en stûf hy dat sei. De boer seach út oer it hêf en swei. De dei waerd joun - it bern lei klem, Yn swiere fleagen de jonge mem. ‘Master, hwat tinkt Jo, komt it wol goed?’ ‘Heit fan in soan wurdst, ha gjin noed!’ De boer wiek torêch nei skuorre en stâl, Har kriten harke sa skriklik mâl, [pagina 289] [p. 289] 't Forfolge him rounom, to bank, to hurd, ‘Hâld dou har de hannen, siz gjin wurd!’ Sa snuorre de master opiens him ta. Karbonkels fan eagen, sa fjurken hja. ‘God, dizze man is ûnhjirmlike wreed!’ ‘Wreed is hwa't noft hat yn oarmans leed. Dyn jonge komt libben en goed to wrâld!’ ‘Formoardzje dochst har dêr't ik fan hâldl Skei út mei dat bloedark, lit bitsjen, Weagje de mem net, weagje dat bern!’ ‘Dit bern wol libje, forheftich, trou, God keas de skerte fan dizze frou, God keas in jonge út dyn geslacht, En ik moast komme by ûntiid en nacht.’ It bern waerd helle; to swier en strjem De ieren dy't blettene by de mem. It bern waerd berne by flok en bea. De jonge, sterke boerinne wie dea. Har siele teach út as in wite swan, Yn stoarm en sniejacht de frjemde man. De boer dy stoarre foar 't stjerbêd wei Fol grime en rouwe de master nei. Doe gong er to buorren, dyselde moarn En woun in min by syn jonge soan. In frjemd joech boarst en widze yn slom, De master kaem nea fan it hêf werom. Vorige Volgende