| |
| |
| |
J.P. Wiersma:
In underduker op 'e burdpleats.
(III)
En Raerd krige syn greate dei.
Einlings wie it dan sa fier - de frijheitsbeam soe plante wurde! Nou koenen de Raerder fammen har dan yn 't wyt klaeije; in reade sjerp om 'e mul, in foech krânske fan klimopblêdden op 't hier, sa soenen hja de spjirrebeam út 'e bosk fan Jongema-state nei 't doarp drage. It Raerder Frijkorps, sûnt '87 forbean, wie as in Phoenix út 'e jiske forriisd en soe mei foarenoan; de wide broeken fan útwrydsk streekjesguod en de eptige wite oerstrûpers waerden út 'e kamfer helle - eigen oanrette of liende -, de sjako's útboarstele, en dy kamen dan in bytke skeef op, sa't it hearde. 't Waerd feest, it waerd merke to Raerd! En dat midden yn 'e winter, in kwakkelwinter sûnder iisnocht - koe 't moaijer?
Moarns yntiids al kamen fan withwersanne diskelju it doarp yn. Foar de herberge sette it Janklasjespul syn tinte del; dêr kaem ek in houblok to stean; hwant it soe op in koekeslingerjen gean, de bakkers hienen plankenfol koeke klear stean, dat spul soe dy deis allegearre troch de loft en.... troch de kielsgatten fan de Raerder patriotten. Op it plein foar de tsjerke waerden ytlike diskes yninoar timmere, in koekediske, in oaljekoekskreamke en sok spul. Der stie ek in foege skûle mei in tafel der foar; de dobbelstiennen leinen al klear. En Raerd krige noch mear kostgongers omfierrens wei: Wytse fan Boarn mei syn rommelpotterije, Kees Klontsje, in Ljouwerter foardrager mei plakkaten om 't liif, in pear marsekreamers dy't sjerpen, frijheitsmûtsen en Barcelona siden doeken to keap hienen, in wiif mei negoasje yn sûkerslakken, in rinder mei fiter, bân, pipedoppen en soksoarte snypsnaren. Der soe bûtendoar hiel hwat barre; it feest fan de frijheitsbeam wie in bûtendoarfeest, en oeral yn Fryslân slagge it, sok bûtenwenstich knap waer wie 't, en dan naem men de skrouskens en 't knobkâlde mar foar leaf.
Wylst al dat folk dêr gearhokke en dwaende wie, kaem in fordekte wein it doarp yn. 't Wie it reau fan de Ryp- | |
| |
ster domeny Kesler, in oertsjûge patriot, birêdder fan hast alle frijheitsbeamfeesten yn 'e greidhoeke. Gâns Fryske domenys wienen patriot en de fûlsten ûnder harren hienen nei de aksje fan '87 it lân forlitte moatten; hja hâldden yn Frankryk ta, mar nou kamen de measten njonkenlytsen yn Fryslân werom; hwant dêr soe harren hoanne nou ommers kening kraeije? De Raerder domeny wie hommels siik wurden en doe hie, sei men, de Grouster dokter him nei Gelderlân ta prakkesearre.... Domeny Kesler loerde doe't er by de pastorije lâns ried nijsgjirrich nei de glêzen en tocht sines fan kollega's, dy't yn greate tiden brek oan moed hienen.
Sa seach Raerd de domeny fuortgean, de grytman weiwurden en de trêdde foaroanman, siktaris Folkert van Loon, bleau dy moarns ek thús. Hy wenne to Jirnsum; dêr soe hy gjin argewaesje hawwe fan it Raerder patriottefeest. En bûtendat, hy wie ommers ôfset - hwat hie er nou noch to Raerd to forstriken? Earjuster hienen de Frânsken by him op 't gritenijhûs west, hja woenen witte hwer't de grytman bidarre wie, hja woenen him yn 'e fingers ha fansels. Folkert van Loon wist der neat fan; mar al hie er it witten, hy soe 't harren net sein ha. Dêr moast men van Loon foar kenne; dat wie in ynbânnige keardel, ien fan 't âlde laech en 't echte ekenhout, dat steil stie yn 'e wyn en net mei him touterje liet; sok hout joech mei, as der in fûle wynpûst kaem, mar 't bûgde net. En doe't Monsieur l'Hirondelle, de Frânske kommandant, wol bigriep dat der mei dizze Fries neat wie to bigjinnen, doe hie er him ynboun en de siktaris mei koarte wurden oansein, dat er syn baentsje kwyt rekke, op dizze eigenste ûre wie hy ôfset, vous vous en allez, Monsieur van Loon, comprenez vous?
Siktaris van Loon hie op 'e tosken knarst en him omkeard, it wie him de muoite net wurdich, ien wurd om dy blaurok smoarch to meitsjen. De kommandant tocht, hy soe dy amtner as in wjirm foar him krôljen sjen, hy wist by ûnderfining hoe slaefsk ek wol Friezen wienen, as it fjûr harren oan de skinen lein waerd. Mar van Loon wie fan oar guod bakt. Deabidaerd pakte hy syn spullen byinoar, liet Monsieur syn brede rêch sjen doe't er him ôf-joech en sei Raerd goêndei.
Dêr kaem it soldatefolk fan Snits it doarp yn! Dat draeide nei in swiden entrée makke to hawwen alderearst
| |
| |
de jachtweide yn om ris braef oan to stekken. Nei in goede slok waerd der in miel iten opdist, dêr't de folle byt oansiet; en dat waerd der mei swolgen bêste wite wyn trochspield; wie der fan soks to min, de kastlein hie wol mear. En doe't dat efter de glêdde knopen siet en de wyn de koppen hjit en de tongen los makke hie, stoatskaefde dat folk nei bûtendoar, hwant it waerd hege tiid, it feest soe bigjinne.
Raerd tilde fan nocht, doe't de soldaten fan l'Hirondelle yn har moaije unifoarmen op 't plein omdangelen en de kreaze fammen ûnder 't folk al ris parmantich taweauwen.
Op Jongema-state gyng wilens in oare wize op it liet. Doe't de kompagny soldaten by 't slot komd wienen, hie in kliberke him fan de stoet ôfheakke en wie ûnder bifel fan in briggadier troch de poarte rekke. Dat liigde der net om! Hja raesden by de doar alle tsjinstbren fan Jongema-state byinoar, en dy't oansetten kamen krigen dalik de boeijens om. Trije fan harren wienen lykwols wizer en sochten in skûlplak yn kasten en kelders.
Alles yn 't slot moast ûnderst-boppen, fan 'e hoannebalken oant 'e kelders ta, de grytman moast foun wurde. Monsieur l'Hirondelle lei it mar sa by, dat de grytman him op syn slot forstoppe hie; dêrom woe er de murd út syn hoale rikje.
Dat joech op it slot in konsternaesje fan bilang. De gleone koppen fan 'e soldaten, de rouwe tael dy't se der út blaften, de gewearen yn 'e oanslach - dat bearde allegearre mâl.
In foech kertier letter kaem ien fan 'e slotfammen út 'e fjouweren it hiem fan Ludema-sate op stouwen, alhiel út 'e liken, al mar roppend fan ‘Boer! Boer! Hwer is de boer!’ De boerinne kaem mei forheardens út 'e foarein weisetten en doe't hja de earste wurden fan de forbouwerearre slotfaem oanheard hie, toffele hja mei hasten nei de molkenkelder, mar fansels Sikke wie der net, hy siet yn 'e stookhutte, dêr foun de faem him doe't er mei deade prikken út it apelhôf it fjûr oanmakke. De feint en Tsjerk wienen op 'e souder; Hotse helle de spekkiste foar 't ljocht. De boer soe aensens komme en dan kaem de kiste iepen, hwant de boerinne hie forlet fan in stik droechspek. Dêr hearden hja de froulju om 'e boer roppen; dat kloklette mar oan, krekt of stie de pleats yn 'e brân. Tsjerk wie yn in feech de treppen del en doe krige er it rare nijs
| |
| |
to hearren. Dêr wie de boer! Och heden, wie 't sok spul: alles op 't slot wie yn trewyn - de Frânsken! Helpe - ja fansels woe Sikke helpe, fansels ju, mar hwat koe hy allinne tsjin dy wylden fan soldaten bigjinne? De slotfaem fjurre dy bidaerde Raerder boer sa oan, dat hy de pols krige dy't yn in hoeke fan de skuorre stie, en it lân yn fleach, hwant dwers-oer wie gauwer. Tsjerk hie wol graech meiwold; mar Sikke ornearre yn 'e rin wei: Né, jonge, dat is better fan net. My litte se wol gewurde, mar se soenen dy meinimme.
Doe't Sikke-boer op 't slot kaem seach er hokker wurk de soldaten makke hienen. Hy hearde se oeral razen, yn 'e keamers, yn 'e moarmeren gongen; der waerd mei doarren en mei kisten smiten, de deade dingen moasten it ûntjilde. De keardels húshâldden dêr as heale wylden; hja raemden de kasten iepen, hellen yn 'e kelders alles fan 'e planken - 't die Sikke suver sear, sa waerd der diggele. Founen hja dingen fan wearde, dat naderen se en sleepten it byinoar; seagen hja snústerijen fan goud of sulver, dat gnobben se sûnder dat de briggadier it seach. Yn 'e wynkelder sieten trije fan dy feinten, elk mei in flesse oan 'e hals, en dat tinne guod smakke harren sa tige, dat se har om 'e mûle slikken en mei al dat sûpen en sillich ynnimmen heal en heal yn 'e sûs rekken.
Yn 'e bibleteek hienen oaren de slotfeint Johan yn 'e bisnijing. Dy goede, bêste jobbe mei syn trouwe eagen hie in min skoft, hwant se pakten him wreed oan en joegen him wilens trewinkels omdat er harren net gauwernôch sei hwer't de grytman wie - dat soe hy dochs wol witte? Mar hwat wist hy, Johan, dêr nou fan? Neat ommers! Harren pertinente biskuldigings koe dy siel mei syn néhjittings net wjerlizze, en dochs bisocht er it, hwant hy siet yn 'e binaudheit. Syn ûngelok wie dat er in livrei-pakje oan hie, hwant dêr seagen de Frânsken de klean fan fornedering en slaefskens yn en doe joegen dy keardels him dêr in pak op 'e bealch, it wie mear as mâl, de stumper blette út noas en hannen.
Foar syn eagen hellen dy keardels de bajonetten troch it goudlearen bihang, skuorden de skilderijen fan 'e muorren en smieten de brol yn 'e gong. Johan bisaude doe't ien fan 'e wyldemannen nei it skilderij gyng dat boppe de skriuwtafel fan de grytman hong. It wie in kopij fan it forneamde skilderij ‘La belle Ferronière’ fan Leonardo
| |
| |
da Vinci, in wûnder moai stik wurk, dat de grytman jierren lyn yn it Louvre to Parys nei it model meitsje litten hie, en dat hie him withwat koste. Doe't Johan seach dat dy fint him oan it moaiste en djûrste skilderij fortaeste soe, weage er 't yn syn binaudens op it uterste en rôp alhiel oerstjûr:
- Fan 't Smidske afblive, smerige vreetzak! Afblive zeg ik dij! Ast der ankomste slach ik dij met de pook de harsens in!
Johan, goêman, stie dêr mei de earmen útspraet as soe er tsjoe tsjin 'e hinnen sizze; yn 'e iene hân hie er de poker, dy't er gau pakt hie, klear om to slaen. It skûm stie him op 'e mûle, sa fier hienen dy blaurokken him mei harren hjitfolgjen krigen, hy wie alhiel opsternaet, hy like yn neat mear op dy goede siel, dy't yn 't Ljouwerter weeshûs mei fordrach en sêftens opbrocht wie. Doe't er Sikke Durks yn 'e gong gewaer waerd, rôp er, oan 'e hals ta fol noed en grimmitigens:
- Sikke-boer, help! Se wille it Smidske daer Mynheare soa wiis met is, forniele. Nooit van mien leven! Die 't waagt en raak....
Hy bleau yn syn rede stûkjen. Yn 'e doar stie de briggadier, in grouwe keardel mei reafallige wangen en eagen as gleone koallen; hy blaesde as is nidige kat troch syn snorren doe't hy dat livreifeintsje sa oangean hearde, hy wóé dat net hearre, dêrom skeat er syn pistol ôf, it pafte ôfgryslik, it dreunde troch de gongen. Johan waerd sa freeslike kjel, dat de poker him út 'e hân foel. De briggadier raesde in bifel en doe waerd dy goede siel fan fjouwer soldaten bisprongen en oermastere. Hja sloegen him yn 'e boeijens, soalden him yn in sydkeammerke en dienen de doar op 't slot.
Sikke Durks seach noch krekt, dat hja it Smidske fan 'e muorre namen en it byld fan it moaije frommes, sa't de kunstner it op it doek brocht hie, bigappen. Ien fan 'e soldaten hie wol ris fan dy forneamde Italjaenske skilder heard, hy joech heech op fan dy syn kunst en ornearre, dizze moaije Ferronnière soe faeks wol fiif tûzen florins wurdich wêze. Dat hearde de briggadier, dy't fan skilderijen safolle forstân hie as de bolle fan de slotpleats fan de stjerrekunde. Hy bande syn soldaten de bibleteek út, naem it skilderij ûnder 'e earm en bigoun om pompier to siikjen. Syn kommando's klonken, it davere troch it slot,
| |
| |
mar wilens omwuolle er it skilderstik mei stikken pompier en bitocht spytgnyskjend dat dizze aksje him in lyts kaptaeltsje oplevere hie.
Boer Sikke wie gjin fjochter; hy moast it mei smoute praetsjes winne. Hy tocht it mei skiklik praet in hiel ein to stjûren, mar doe't der sketten waerd, letter noch al ris, en de slotfammen him fan binaudens hast om 'e hals fleagen, doe wie Sikke syn rie skjin to'n ein. Dit gefaer moast trochstien wurde, like goed as men 't swierwaer ek yn dimmenens oer jin komme liet. Hy wie al bliid dat er de fammen hwat delbêdzje en yn 'e stokken hâlde koe, en doe't ien fan 'e soldaten it moaiste fanke tútsje woe en de earm om har hinne slaen woe, sloech Sikke syn earm út en sei: ‘Hou, feint! Hannen thús!’ - en wrychtich, hy liet it! Hja hienen doe ek sahwat de hichte hawn; de soldaten joegen har njonkenlytsen ôf, de iene mei dit, de oare mei dat ûnder 'e earm en sa avensearren hja op Raerd oan, dêr wie 't feest, dêr wienen fammen en jenever.
Ien fan 'e earste dingen dy't Sikke to dwaen hie, wie Johan frij meitsje. Hy en de fammen teagen nei 't keammerke. Dêr founen hja Johan, hy hie yn 'e sûs lein, mar kaem nou wer by. Doe't er hearde dat de Frânsken it Smidske meinomd hienen, boarstte er yn triennen út.
Thús moast Sikke dat allegearre omstandich fortelle. Och, hwat bigreate it de froulju om dy Johan, sa'n goede siel, dy't sa foar it bisit fan de grytman opkommen wie, as wie 't syn eigen. Fan dat skilderstik, dat Johan it Smidske neamd hie, wisten hja oars net ôf op Ludemasate. De slotfammen hienen Sikke forteld, dat mynheare o sa wiis wie mei dat skilderij, se neamden it La belle Ferronnière, dat wie Frânsk en it bitsjutte It moaije Smidske. It wie it djûrste stik kunst fan 't slot. En dat wie stellen. Dy Frânske swiften hienen it meinomd. Fuort wie 't - foar altyd.
- It wie my in fet skiep wurdich, as immen dy swiften it Smidske ûntsette en 't my thúsbrocht, sei Sikke.
Mar hy leaude sels net dat soks mooglik wie.
Yn 't doarp fierden hja it feest fan de frijheitsbeam mei fleur en kleur, mei sang en fanfares. De nationale flagge stie op 'e toer en de klokken bombamden, doe't de fammen mei de spjirrebeam it doarp yn kamen, Hinke fan Teije Wyteach foarop mei de frijheitshoed yn 'e hân. Efter
| |
| |
de rigele frysters marsjearde it Raerder Frijkorps, âlde sawol as jonge persoanen, de snaphaen oer 't skouder en in blinkende sabel op 'e naed fan de broek. De fiif nijbineamde Boarger-municipalen gyngen mei de Rypster domeny nei foare. Monsieur l'Hirondelle stie as in fjildhear foar syn kompagny; hy loek syn sabel en liet efter út syn kiel in bifel as in kanonskûgel komme, dêr't net ien Raerder hwat fan forstie, mar op it moment-sels kaem de kompagny yn biweging, formaesje nei formaesje makke him los en dat marsjearde krekt sa lang dat de oarder fan it ‘carré’ foarme wie. Guont Raerders klapten yn 'e hannen, sa kant en sa sierlik gyng dat yn syn wurken, alle passen waerden tagelyk útfierd en de soldate-earmen swaeiden op 'e tel allegearre ien kant út, en op 'e oare tel de oare kant út, dêr mankearre nou suver neat oan. En wylst de Frânske soldaten dêr op harren plakken stienen, roerleas as mûzen as se acht jowe op hwat, kaem de oanfierder fan 't Frijkorps nei foare en bigoun ek in bifel to roppen, en doe kamen syn soldaten yn aksje en dat marsjearde yn poepemars nei 't iepen gat ta, dêr't de beam yn plante wurde soe. O, hja dienen sa har bêst, de Raerder Frijkorpers, hwant aller eagen wienen op harren en dy machtige man mei de bleate sabel, Monsieur l'Hirondelle, ûntkaem gjin inkelde biweging, en it wie mar goed dat hja de flokwurden net hearre koenen dy't dy man tusken de tosken risselen en dat hja de fonken yn syn eagen net murken, hwant dy hege hear seach dat sleauwe Raerder spul oan as woe er harren mei hûd en hier opfrette, it hiele Frijkorps en syn knoffelder fan in kommandant der by. Mar syn eigen soldaten seagen oan alles wol, dit soldate-boartsjen fan dy Fryske boerekeardels wie harren kommandant, Monsieur l'Hirondelle, net in stûr wurdich!
Mar it moast mar gean sa't it gie. En it gyng! De Raerder kommandant - syn hannen stonken noch nei de boerekoal dy't hy de moarns op 't lân snijd hie, mar dêr hie nimmen argewaesje fan om't er se yn kreaze wanten weimoffele hie - wie op in stuit syn sénuwen de baes. ‘Klear jonges? Tink der nou om, hear!’, sei er, mar sa súntsjes dat l'Hirondelle der neat fan hearre koe, o, dat hy nou mar net merke soe hoe't er fan binnen wifke en it kâlde swit him útbriek. De Raerder patriotten yn 't publyk seagen dat spul oan, fan binnen spand en de lippen
| |
| |
stiif opinoar. As it nou mar goed kaem! - as it der mar hwat op like!.... O, de goede namme en de eare fan it Raerder Frijkorps wibbelen op 'e punt fan 'e nudle.
En it gyng - goed. It gyng bêst. De eare fan it nije Frankryk en de eare fan it nije Fryslân gyngen om sa to sizzen in houlik oan - in treflik boask, en de keppelman dat wie Fetse Sibrens, in winkelman hwaens nearing slim oantaest wie troch de need fan 'e tiden. Hy raesde syn bifel, dat neat ynhie fan it gesach fan l'Hirondelle sines, mar mear wei hie fan in needgjalp, oer de hollen fan syn Frijkorpers - en op dat kommando gyngen de gewearen (en noch net iens sa knoffelich!) fan 'e skouders. Mannen mei de lodde setten de spjirrebeam yn it gat oerein, en doe 't dat spul birêdden wie, kommandearre Fetse syn kommando yn it alderbêste Frânsk dat de skoalmaster him leard hie (en dat wie der noch net iens sa'n ein by troch):
- Le salut premier pour la République française! - SALVE!
De mannen fan it Frijkorps skeaten yn 'e loft dat it sta sei en de roeken opfleagen út de keale tsjerkhôfsbeammen. Monsieur l'Hirondelle saluëarre stram en sierlik, syn soldaten stienen as prachtich oanklaeide poppen ûnbiweechlik yn 'e rige - it wie in treflik momint, it folk fan wol acht hûndert koppen klapte yn 'e hannen en rôp Vivat! en Hoezee! Doe foel der in stilte oer de mannichte - it twadde kommando klonk:
- Le salut second pour la République batave - SALVE!
Paf! - seinen de snaphanen, allegearre tagelyk, en dat bearde wer sa, dat der in enoarmen byfal op kaem.
- O sa moai en sa plechtich!, sei âlde Haeije Wyteach en syn eagen wienen wiet. It lei him sa mar by, dat de tiden nou moai en ljocht wurde soenen en hja to Raerd tonei net op in houtsje bite hoegden.
Ien fan 'e Boarger-municipalen gyng de fammerigele lâns en stiek eltse fryster in kokarde op 'e jurk. Doe kaem domeny nei foare mei trije minsken, de Raerders wolbikend, it wienen de Andela's, Jitse de soan, dy't sawn jier as balling bûten de grinzen omdoarmje moatten hie eni nou as frij man weromkommen wie, mei syn âlden. Jitse hie yn syn hannen in lange spear, op it skerpe ein bongele de frijheitshoed. Syn âlde mem hie in wapenskyld fan Romeinsk model by har, mei it opskrift: Wij gingen
| |
| |
gebukt in droefheid, nu gaan wij gezegend in vreugde. De âldman, Hoite Andela, hie in jok op 'e skouders, dat it symboal fan tsjinstbrens en ûnderdienichheit forbyldzje moast.
Jitse lange in Frijkorpsman syn spear oer, krige syn heit it jok fan 'e skouders en doe hufte er mei dat ding sa goed en sa oanhâldend op 'e balstiennen dat it togruzele en de splinters withwersanne stauwen. Jitse birêdde dat karwei mei sa'n krêft en grimmitigens, dat it patriottefolk lake en him al mar oanhyste en him op 't lêst mei byfal en jubel bileanne.
Doe wie it wurd oan domeny Kesler. Hy praette langer as in healûre, mar forfeelsum wie 't net, hwant altomets joech er fan dy prippers, dêr't om lake en gnyske waerd: .... ‘den ondankbaren Willem de Vijfde en de godlooze, afgezette aristocratische beheerschers’. En doe't er de prippers jown hie, joech er op 'e ein fan 't spul in moaije hege bal en dat waerd de boppeslach.... ‘En tenslotte, waarde feestgenooten, broeders in de Revolutie, moge ik U nog opwekken om in dit werk inzonderheid Gods vinger op te merken, en wil ik U allen broederlijk vermanen, van wat stand of religie gij ook zijt, elkander de hand van Broederschap te reiken. Ik heb gezegd!’....
Oan it Vivat- en Hoezee-roppen kaem suver gjin ein. It krioele dêr yninoar om, krekt in eamelersnêst, eltsenien fielde in machtigen bruorremin ûnder 't baeitsje, men kaem mei de hân foarút op in oar ta, men fûstke mei kunde èn mei pûrfrjemd, dat lêste wie suver noch moaijer en mannich blier jongfaem krige mear knypkes yn 'e hân en aeikes ûnder 't kin as goed foar har wie. En op aller lippen wienen de nije moadewurden Vrijheid, Gelijkheid, Broederschap, en dy't de frjemde wurden goed út 'e holle leard hie, liet se der mar moedich útrolje, 't wie Liberté, Egalité, Fraternité suver sûnder ein.
Domeny Kesler seach dat spektakel glimkjend oan; hy murk net dat twa âlde mânlju, de rintenier-boer Wobbe Jintsjes en de âldkûper Bokke Douwes har mei wearzichheit ôfkearden, hy hearde net dat Bokke sei: ‘Wy krije in nije styl fan preekjen en libjen hjir yn Raerd, jonge’. Gjinien steurde him oan dy âlde keardels, dy hienen har tiid hawn en hwat sij tochten of dienen, dat telde nou net mear mei.
Dêr kaem in Raerder ‘Burger’ mei in kanarjekouwe
| |
| |
oan en hy hie dalik in protte folk om him hinne, hwant hjir spile wer in nij stik. Hy sei in wurdmannich en doe sette er it doarke fan de kouwe iepen - dat murk al gau de kanarje, dat giele pjut; hy hippele nei it doarke en fleach fuort, mar 't gyng hwat knoffelich, der siet to folle fal yn syn fleanen, dat hy socht mar gau in hinnekommen yn in beam. De minsken formakken har tige mei ien en oar en allegearre bigriepen se de sin fan dit nije symboal: dy kanarje, wel man, dat wie it Nederlânske folk sels; de doar fan de fordrukking wie iepen set, it folk koe nou yn frijheit syn wjokken útslaen, opstige en him ûnbihindere ûntjaen. Dat wie de djipste sin fan dizze omkearing yn de maetskippij. Libje de frijheit!
It feest krige in bysûnder ein: it dounsjen fan de Carmagnole troch de Frijkorpsmannen en de fammen, wylst de Frânske soldaten it liet songen. Dat wie 't ein - mar it ein fan 'e merke noch net! Der waerden op 'e neidei protten koeken forslingere; it Janklasjespul - Jan dy't syn wiif Tryn al mar mei in eintsje latte op 'e kop turve - joech in bulte wille, de dobbelstiennen gyngen fan hân ta hân, hjir song de man mei de rommelpot, dêr hearde men de foardrager syn drama's opsizzen en 't ein wie altyd bluodrich. Yn 'e herberge songen boerefeinten in biersalm, de buordtsjes slierden oer 'e sjoeltafel, hjitte poffen wienen de priis; der waerd swetst en opsward, djoeid en gobbe.
(It lêste folget.)
|
|