De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 300] [p. 300] Tj. W.R. De Haan: Elegy. Letlânske folkswize. Skeper kaem to stjerren, Alle skepers kleije. Barich hakt it deafet Boppe yn 'e bergen. Op 'e holle pynbeam Hammert spjucht it grêfkrús. Yn forwoechsen bjirken Koekút let de klokken. Hûndert lytse fûgels Tsjotterje amerijkes. En de grouwe holder Gonnzet eat fan skieden. Didyt bringt it boadskip Nei syn earme âlden. Geitsje kliuwt omhegens, Om 't tsjin God to sizzen. Vorige Volgende