De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 301] [p. 301] Joazep Witteveen: Goe freed. Neiroun fan folle minsken droech hy de swiere balke op 'e nekke nei it strafplak. De mannichte bisloech it mei de gek en hie him gisele en sein: ‘Wês groete, dou poarp'ren kening!’ En hy, de forlittene, bea: ‘Heit, forjow it harren, hja bin net wizer’. Ien man, in boer út Cyrene, hie him holpen om de balke to sjouwen, mar it lijen wie foar him, de timmermanssoan, de iensume, forstate. En jouns, heech op Calvaria, hat it krús stien, hwer't hy, allinnich, oan hong to stjerren. En hy frege help, krige it net. En hy rôp oan syn Heit yn 'e himel, in skreau troch de tsjustere joun, ‘Heit ik bin sa allinnich!’ Letter is hy stoarn, like forlitten. Under it krús lei in frou to gûlen, in eardere hoer. Vorige Volgende