| |
| |
| |
E.B. Folkertsma en Geart Jonkman:
Boerekinkels.
Klankbylden út en om de Slach by Warns.
Earste Bidriuw.
Spilet efter in pleats ûnder Aldskoat de 24e Sept. 1345.
Persoanen: Welmoed, boerinne, widdou fan Tsjalling Edzers.
Edzer Tsjallings, har soan.
Doutsen, har dochter.
Feik, har dochter.
Skelte Bjinses, gearjochter, buorman.
(Edzer sil to melken; wylst er oer it hiem rint komt Feik oerstjûr om 'e hoeke fan 'e skuorre. Foar op 'e wei is it draven fan hynders en wyld gerop.)
Nou wurdt it tink ek tiid foar dij, net?
Hoesa? hoesa?! Bistou in keardel? O, dat ik nou krekt in frommis wêze moat! As der jit in fûnkje fjûr yn dy sit, hoe kinst it fordrage, Aldeberkeap is hjir al lâns, Hoarnstersweach, Aldhoarne, Nijhoarne, Ketlik, Mildaem....
(komt ek om 'e hoeke):
Dou kinst net to melken, hear Edzer, it hiele doarp stiet op sprong om fuort....
Soa, hy! Dy oaren hoege net oer har spul yn to sitten, mar hwa sil it hjir rêdde hwannear 't ik der net bin?
Wy, wy! Dat soe moai foar de hearen komme!
Lit it moai foar de hearen komme, hwat dan noch? Mar dat binne de boer syn guozzen net, dou bist gjin keardel. dou doarst net!
(de amer delsmitend):
Doar ik net?!
Né, dou doarst net, dou litst oaren foar dy doare!
Feik hat gelyk, dou meist net thúsbliuwe.
Dat silstou sels net witte, dou hast in namme op to hâlden.
Namme? Ja, myn namme as boer.
| |
| |
As Fries?.... Dy hawwe ekris hwat heard.
Soks hoege wy net to hearren, dat wit alle man yn Fryslân by himsels. Us heit tominsten wist it.
Wy kinne Heit der net bûten litte, om Heite namme giet it krekt! En om de namme fan ús hiele sibbe, èn om de namme fan ús folk, fan Fryslân.
Hwat soestou fan Fryslân witte, hwer praetst oer?
Hwer praetst oer? Dou praetst!
Froulju hawwe it ek al oer Fryslân.
Dou wolst fan Fryslân fansels leaver swije!
(komt op):
Bern, hwat giet it der hjir om wei, hwat bitsiere jimme dochs?
Nou moat Mem ris bigripe, dy sil to melken ynsté fan de Hollanner werom to slaen.
Hy moat syn boerenamme ophâlde, seit er, mar hy liicht it, hy doar net!
Harkris, ik lit my net fan froulju stjûre, as Mem dat mar bigrypt. Ik brûk alteast myn forstân. Hwa sit it spul birêdde, as ik my ôfjow? En hwat haw ik Heit ûnthjitten?
Ja bern, dat is ek sa. Mar as al dyn maten hinnestekke, as it hiele folk him to war stelt, kinstou dan thúsbliuwe?
En as ik ris net werom kaem, hoe soe it hjir dan komme?
Dat is in forlechje, fint!
Nou, ik wit dit wol, it heitelân giet yn dizze ûre foar it spul; sa soe Heit der ek oer tocht hawwe.
Nou, hwat miene jimme dan, dat ik noch yn biried stie as Heit jitte libbe?
It is foar my in swier stik, dy hjir yn to rieden, jonge, dou moatst mei dysels yn 't lyk komme.
En mei dyn sibbe, èn mei al hwat ûnderweis is!
(trock de hage kommend):
En mei dyn folk, it heitelân, de frijheit!
| |
| |
Moai sa Skelte, siz jo it him mar ris.
Ja.... Heitelân, frijheit.... wurden allegearre.
Wurden? Hearstou de klokken wol lieden ta de striid tsjin de Hollander?
Ja, dy liede wol faker, ta de striid fan Fries tsjin Fries.
Mar nou net! Nou giet is as ien man tsjin de frjemde fijân.
Alteast salang 't dy fijân op ús groun stiet.
Krekt, hjoed Friezen, moarn wer Skieringers en Fetkeapers.
Hja steane der dan dochs mar foar!
Dou hast gelyk, mar fjûr lotteret goud en smeit izer.
Goud? Izer? Yn dit folk?!
Is jimme Heit dy forgetten, Edzer?
Krekt froulju, hwa't Tsjalling Edzers kennen hat, moat oan de greatske krêft fan dit folk leauwe.
Ja, ús Heit! Mar hoefolle binne der langer sokken?!
Der brûzet hjir oars noch al hwat lâns.
It tal docht it net. It is de geast, it is de fûnk dy't fan de ienling oerspringe kin op de mannichte. Yn dizze ûre springt hja oer!
Leauwe? Dou stiest tsjin dysels. Hwa't it rjocht fan it folk skeint, skeint it rjocht fan God. Syn saek is it, dy't wy tsjinje en dêrom leau ik, dêrom leaut it folk. Hy sil ús ta de oerwinning fiere.
Ja jonge, dou meist net langer somje. Dit is de wei.
Yn alle gefallen ien fan Tsjalling Edzers, de soan net, dan de dochters!
Op jou jierren? Buorman, buorman! Hawar, ik sil gean, om't Mem it sa wol, mar oertsjûge.... né!
(Ein fan 't earste bidriuw.)
| |
| |
| |
Twade Bidriuw.
(Yn it moarnskoft fan 26 Sept. 1345.)
(Spilet yn de reidfjilden bisiden de Forkearde Wei, likernôch op 'e hichte fan it Skarlster hôf.)
Persoanen: Edo fan Burmania, ien fan de Fryske oanfierders, ealman to Ferwert.
Edzer Tsjallings.
Goaitsen Jarichs, fisker op Tergreft.
Teade Joukes, weverssoan to Hallum.
Laes Wiggeles, smidsfeint to Blija.
Johannes Melles, skroar to Marrum.
Hwat duorret dit in ivichheit!
Doch mar geduld, dyn ivichheit kin wolris gauwer komme as dy leaf is!
Man, dit is net út to hâlden, by Sint Odulf giet it al fan wûnder en gewelt en hjir fóár ús, op dat deade Reaklif, wol mar neat barre.
Moatte ús lju se dan yn sé to mjitte?
Dan barde der yn alle gefallen hwat!
As ik myn sin siz, dan bigjint der hwat to barren, sjoch, der komt biweging yn 't spul.
Dat hâldt yn, dat hjir nammersto minder biweging wêze moat. Elk jowt him del en soarget dat er net sjoen wurdt.
Sjoch, dy dêr jowt de wink!
Sjoch, ús mannen rize oerein!
Sjoch, alles stoarmet by de hichte op!
De Hollanders! Brui der yn mannen, hou se del!
(Hja hearre it kriichsgeskreau en de hollânske trompetten en dikerje yn greate spanning nei it gefjocht.)
Hâlde? Hjir is gjin hâlden oan, hwat in hynders, hwat in ruters!
Mar hjir forspilet David it; dêr falle ús earste maten, dêrre en dêrre!
De hiele kloft moat al tobek.
Tobek?! Mar dat kin net, dat mei net!
Der is ommers gjin oprêdden ta, sa'n oermacht.
(oereinspringend):
Dat sille wy dan nochris sjen, ik set der hinne!
Hjir bliuwe, lizzen gean, elk op syn plak!
| |
| |
Kinne jo soks dan oansjen?!
Us folk kin it ommers lang net hâlde, keardel!
De Hollander set harren al nei!
Krekt, dizze kant út, de Forkearde Wei.
Wel, dochs ien dy't it foar it forstân hat. Tink der dus om dat de fijân jimme net yn 't fizier kriget.
Nou, ik bigryp der neat fan.
Dou silst it gau genôch bigripe. As elk mar docht hwat him hjitten is en wurdt. Sjoch, se binne hast al njonken ús.
As it ús tiid dan nou nóch net is....
Burmania: Omtrint. As ik it siz.
(Underwilens komme de flechtsjende Friezen fan it Reaklif har foarby, de Forkearde Wei del, op in lytse distânsje folge fan Willem IV en syn Hollânske ridders. Njonkelytsen rekket it rumoer fierder ôf de Warnzer kant op.)
Hear fan Burmania, kómt ús tiid?
Jawis, dy dêr rinne yn it fordjer.
Ik bidoel, komt Fryslâns tiid?
Net as it altyd wie lyk as hjoed, mar hoe sil it moarn wêze, oare moarn, èn mei de slachten nei ús?
Soargje mar dat dizze Hollanders nèt fan ‘slachten nei ús’ prate kinne.
Soe der dan faeks wer net in oare fijân opstean?
It bloed fan hjoed is de bân fan moarn. De striid foar de frijheit sil dit folk altyd weroan bine.
Mar sil lyts skeel it net altyd weroan ûntbine?
It lytse is tydlik, it greate fan alle tiden. It Fryske folk giet faek lytse wegen, mar stiet foar it greate.
En it rjocht, èn de eare, èn it libben! En dêrom komt Fryslâns tiid altyd wer.
Ik woe dat ik der ek sa oer tinke koe. Bitrout dit folk op God?
God bitrout op dit folk. Hy hat der hwat mei foar.
| |
| |
It is sa. It is Syn folk. Hy hat it útkard om Syn saek to tsjinjen.
Mar hwerom wurdt it dan hieltyd fan oare folken bidrige?
Omdat it sels gjin folk bidriget. Omdat it foar de saek fan God lije moat. Omdat it útkard is.
Ja, dêr doelde Skelte Bjinses ek al op en ús heit, eartiids. Mar sa wis bin ik der daelk net fan. It ûnk dat oer in folk komt is meastentiids fortsjinne, hear fan Burmania!
Krekt, fortsjinne! Dêrom bistou der mei forantwurdlik foar, Edzer Tsjallings!
Dêrom bin ik hjir, mar oft it hwat jaen sil?.... Dit folk is net ta greate dingen roppen.... it hat de macht net....
It is net roppen ta de macht, mar ta de frijheit, ta in teken foar de wrâld, ta.... Mannen, dêr wurdt de wink jown, de Hollander wurdt bisingele, oerein, der hinne!!
(Ein fan it twade bidriuw.)
| |
Tredde Bidriuw.
(Spilet efter in pleatske bij it Reaklif tsjin 'e joun fan 26-9-1345.)
Persoanen: Edo fan Burmania. Edzer Tsjallings. Laes Wiggeles. Johannes Melles. Twa jongfeinten. Jant Hiddes, boerinne.
(Burmania, Laes en Johannes komme, bisiden it pleatske wei, pratende op.)
....èn wie ik net krekt to let? Hie 'k earst net mei dy ellindige feint ôfrekkenje moatten, by ús Leaf Frouwe, de baes hie mines west! Nou wie dy dealiske Searp fan Adelen my krekt foar.
Ja man, it bloed krûpt, dêr't it net komme kin, ek al is it blau.
Blau? Sines wie oars readernôch! Koe men sa'n forflokte keardel nou mar tsienris deahouwe!
| |
| |
Wol hwat ryklik folle eare foar in Hollânske greve.
(hevet de foarhammer):
Eare of gjin eare, ik hie it mei nocht en wille dien!
Hwat Searp fan Adelen docht, hoecht fan nimmen oerdien to wurden. Willem IV, greve fan Hollân, is dea, mei hûnderten fan syn romrofte ridders....
En tûzenen fan syn neakene feinten!
Lit Hollân rouje, Fryslân is frij.
Mar it hat der in hege priis foar bitelle. Der leit ek mannich Fries tusken de Hollanders: Goaitsen Jarichs fallen, Teade Joukes fallen, Edzer....
De priis fan de frijheit is altyd heech. De Friezen dy't fallen binne, hiene it der foar oer.
En dy't net fallen binne blykber ek. Sjochris hwa't dy lju dêr op 'e bier hawwe!
Edzer jonge! Johannes soe dy niis krekt úttelle.
Dat mei er aenstouns dwaen.
(En tsjin de mannen dy't him drage):
Set my hjir mar by de maten del.
Hy moet opslach forboun wurde, is hjir gjin frou?
De deale, dit liket net al to bêst, wol? Laes, sjoch ris oft hjir ek in frou yn hûs is, hja moat wynsel meinimme.
Dou kinst wol deabliede..... o, dêr is de frou al.
(de boerinne):
Hwat ha wy hjirre? kom, ik sil jo gau forbine. O, o, as dit mar goed komt.
De kleur fan de frijheit is altyd read.
En der is reader bloed foar de frijheit forgetten, reader en djûrder. Meitsje mar net to folle drokte frou, it duorret... Oo!
(Kreunt swier as in stjerrende).
Help, mannen, hy stjert, wetter, gau! Hillige Marije, stean him by! O Memme Gods....
Hjir is wetter.... dat dit dij nou krekt treffe moat, Edzer Tsjallings.
Hjir, drink.... earme jonge!
(mei greate ynspanning):
It is gjin tiid foar bi-
| |
| |
klach, frou.... Burmania, it is de ûre fan de greate blydskip.... it is de ûre fan de frijheit.... sjong dêr fan.... sjong it liet fan Winkel en Heechwâld.
(oandien):
Edzer Tsjallings, kammeraet, f reon....
Sjong.... sjong Burmania.
(Edzer set mei lêste krêftsynspanning it liet sels yn, dan sjonge de oaren ek mei.)
Graef Arnoud teach to fjilde nei Winkel,
Graef Willem teach op nei Heechwâld.
‘Ik sil dy slaen, dou boerekinkel,
Ik sil fordwaen dyn frijdom fan 'e wrâld’.
Graef Arnoud waerd slein to fjilde by Winkel,
Graef Willem waerd fordien by Heechwâld,
‘Ik haw dy slein, ik boerekinkel,
Ik haw fordien jim hearen fan 'e wrâld’.
De Heare hat fochten to fjilde by Winkel,
De Heare wie mei my by Heechwâld.
‘Ik haw dy heech, dij boerekinkel,
Ik haw dy steld ta frijdom foar de wrâld’.
(Under it sjongen is Edzer stoarn. De oaren steane earbiedich om him ta.)
Lit ús it teken fan it krús meitsje.... Edzer Tsjallings, dou wiest wier in Fries, oant yn 'e dea. Mei dyn bloed is Fryslân en syn frijheit wijd.
(EIN.)
|
|