Hy hie it wêzen fan de bou toroppe,
De kostbere fruchten ta him dreaun;
De gouden kerlen, skyld en útdoppe
Tusken syn kromme fingerseinen wreaun.’
(Erfskip.)
‘Sont hatet en it lân en hâldt er fan de stêdden,
Priket de winter syn pimpel-noas,
Sliept er syn nachten op goare bêdden,
Goare bêdden yn de flieë-soas.’
(Warmoldus.)
‘By rein en by wyn yn dizze wiete hjerst
Hâldt hja de dridze teantsjend út 'e klompen,
Skeukt har mei 't skouder tsjin in waerme kou(w)eromp...’
(Jonge Boerinne.)
Sokke rigels biwize sûnder mis, dat Jongsma eat kin, dat dichterlike visy en foarmjend formogen wol foargoed oanwêzich binne. Mar oant nou ta bliuwt it altiten wer by inkelde goede rigels tusken gâns swakke, helpleaze uteringen yn. Rigels lyk as:
‘Huverich krûpt tsjin it foarhûs de klimmer
Dy't djip yn 'e kankerige muorren fret.’
kinne it fers ‘Spoekepleats’ net rêdde, rigels lyk as:
‘De gleone kier fan in doar knippert fel
En gemien as in kat......’
it fers ‘De Swalker’ allikemin. Men moat jin ôffreegje, oft Jongsma it yndie net fierder bringe kin, of dat er him der mar mei in slinger en in slach fan ôfmakket. It lêste soe fansels tige sympathyk wêze, mar dan bart it krekt net geniael genôch om moai to wêzen.
Lyk as yn Jongsma's eardere bondel ‘Boer en Dichter’ binne der gâns ynfloeden fan oaren to merkbiten. It moat jin fornuverje, dat dy ynfloeden sa ûnselsstannich forarbeide binne dat men bytiden miene kin in oersetting ûnder eagen to krijen, fan fragminten altyd, dy't forfrissele binne yn eigen wurk. It skynt sa to wêzen, dat plagiaet (ûnbiwust plagiaet fansels) ien fan Jongsma's ynspiraesjeboarnen is. Wy wolle hjir mei de sterkste foarbylden folstean.
‘En nu, na het begeerde, het ontbeerde,
Na de onrust en het levenslang geduld:
Een steen, door 't groen gebarsten, en verweerde
Letters en cijfers, die de regen vult.’
(J.C. Bloem, Grafschrift, Verz. W. blz. 132.)
‘En nou, nei it bigearde, it barbare
sûnder rêst forgarre bittere ein:
In stien, bimoast en opskuord, en forware
Letters en sifers, foldrupt fan 'e rein.’
(K. Jongsma, Under it Ulebuord, Grêfskrift.)