immen, dy't net allinnich artyst wie (en dat is al in seldsum gefal), mar dy't ek út in inerlike earbied en in greate bisieling wei it âlde forhael nije glâns joech, dat bern en âlderen mei ynmoed harken.
Sa'n forteller is Van Houten. Hy fortelt yn geve, floeijende tael, typearret raek, driuwt op it krekte momint de spanning op en einet op tiid. Hy hat dy earbied foar de stof fan de hillige skiednis, dy't him foar wylde fantasij biwarret. Hy skriuwt út in bisieling wei, dy't jin meinimt en dy't as in waerme stream troch syn wurden en sinnen gloeit. Sa wit er de sfear fan 't bibelsk forhael suver to hâlden: dy unike en ûnbineambre sfear, dy't krekt hwat oars is as mythology, as easterske mystyk, as profane kronyk, lyk as Israëls skiednis hwat mear en hwat oars is as dy fan alle oare folken. Bihalven dêr't de tekst sels de tindins neamt of suggerearret, ûnthâldt er him yn 't algemien fan kommentaer op persoanen en barren. Dêr't er it al in inkele kear docht, set men wolris in fraechteken. Bygelyks by Haman syn mislearre oanslach op Israël: ‘As Haman doe woun hie, dan.... hie de Kristus net berne wurden út it âlde bounsfolk, dan hie der ek foar ús gjin rêdding west út sûnde en dea’. As men to folle sizze wol, seit men altyd to min.
De swierste opjefte foar Van Houten wie wol, om de krekte midden to hâlden tusken de faken komprimearre en lapidaire foarm fan de bibeltekst en it dramatisearre forhael, frijer en moderner fan foarm, mar tagelyk boun oan de tekst. Oan de iene kant wankt hjir it gefaer fan de toarre paraphrase, dy't de fûnk fan it Wurd dwêst, oan de oare kant dat fan de ûnforantwurde romantisearring, dy't de wijde sfear brekt. De kunstner yn him hat de earste klip omsyld, syn earbied foar de tekst hat him binnen biskate grinzen hâlden. Sa foun er it goede kompromis: it waerme, bisiele, forantwurde bibelforhael yn geef, modern Frysk. Bêste fragminten soe men hast fan elke side sitearje kinne. Ik jow ien foarbyld: de moeting fan Jakob en Jozef:
‘Lang stiene se der, de earmen stiif om inoar hinne; de soldaten en de fuorlju mochten it sjen, hoe't se skriemden, wang oan wang. Doe't Jakob wer wurden foun, sei er: “Lit my nou stjerre, nou't ik dyn antlit sjoen haw, dastû jitte libbest”. En doe klommen se yn 'e wein, beide yn 'e selde en sa, deun nêst elkoar, rieden se fierder