De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 168]
| |
Op it harspit:De saek ‘Trou’.Lyk as bikend is, hat de skriuwer Abe Brouwer forline hjerst mei it forhael ‘Trou’ de priis woun yn 'e novellepriisfraech dy't de Stifting ‘It Fryske Boek’ útskreaun hie. De bikroande novelle is doe as ‘geskink’ anonym útjown ta gelegenheit fan de Fryske Boekewike 1949. In twadde priisfraech joech doe de lêzers de kâns to rieden hwa't de skriuwer of skriuwster wie. De trettjin auteurs dy't wurk ynstjûrd hiene, stiene op it omslach oanjown. Dy lêstneamde priisfraech is ûndertusken al sûnt de 15e Desimber '49 ôfroun. De prizen, jild en boeken, binne al lang takend en toplak. Mar nou binne der in pear bjusterbaerlike dingen bard, of leaver net bard. Foarearst hat de skriuwer nea gjin offisjele tynge krige fan de Stifting dy't de priisfraech organisearre, dat syn wurk bikroand wie. Nou is soks faeks werom to bringen op in administratyf forsin of op sleauwens. Mar hwat gjin forsin en gjin sleauwens wêze kin, is it feit dat Brouwer oant nou ta noch neat fan syn priis, in bidrach oan jild, sjoen hat. En dat wylst it hast wer oan in nije Boekewike ta is. It idé, dat de Stifting op sa'n priisfraech foel, wie aerdich. Al wie de ynklaeijing dêrfan moai grif mei ham en gram ôfloerd fan de ‘Vereeniging ter Bevordering van de Belangen des Boekhandels’, dy't ek alle jierren by de Nederlandse Boekenweek sa'n preemjeboek oanbiedt. Sok neibauwen is neat net slim. Mar lit de Stifting dan ek fierder gean en sjoch ris, hoe't men yn Hollân sokke prizen, útrikt. Koe it nou wier net in bytsje stylfol decorum ljje? Hwerom soe sa'n priisútrikking yn Fryslân nou altyd sa keal en ûnder de tafel troch moatte? Men hoecht noch gjin freon to wêzen fan offisjeel spektakel en kâlde drokte mei fiifkoppen en kraelskroaten broekjes, om hjir dochs in tokoart oan stylgefoel to merkbiten. Friezen binne trou. De skriuwer fan ‘Trou’ sit dan ek trou op syn priis to wachtsjen. D.A.T. | |
Jow my mar stoarm!Ga naar voetnoot*)Al stean 'k foar alle siichjes frij
Sóks raent in Iisberch noch net wei!
Mar 't is de man mei iiz'ren wil,
dy 't my hjir giselt om myn spil,
it is De Stoarm mei Syn gewelt
dy 't my bifrijt út iiz'ge kjeld!
O, as De Stoarm der net ris wie......
Stel dat men hjir allinne stie
foar sigentsjes út Noard of Súd
of East en West...... ja dán wie 't út,
dán fielde 'k my de figurant
en makke grif mysels fan kant.
De Wynroas (op 'e Iisberch.)
|
|