R. Ditman:
Ingeborg.
‘Ja?’.... ‘Ich verbinde’. Leaf klonk har stimme troch fan de oare kant fan 'e tried. Dan it sleauwe petear oer dit of dat, ûnnutte saken. - ‘Ja?’.... ‘Ich verbinde’. Ik mocht graech telefonearje, en it waerd my klear, dat it hieltyd mear wie om dy stimme as om it petear sels. Faken al grypte ik de heak as ik oars mar tsien minuten hoegde to rinnen. ‘Ja!’.... ‘Ich verbinde’. It klonk as in suvere wetterfal en it hert streamde my der fan fol mei in sêftere fieling.
It libben wie oars net sa licht. Alles styng nou op 'e wankele kant. It front stie op brekken en de nachten wiene sûnder sliep. Uren oanien rrrrr, rrrrr, rrrrr, fan heechwei to hearren yn 'e kelders. En oerdei it slaefske wurk, it minste foar ús útlânners. Ik ha noch foar, dat ik privé op keamers wenje, mar dat ek o sa wif de lêste moannen, al trije kear hússiking hawn. Myn hospita wie der al pasjinte fan wurden. Lokkernôch ha se neat fine kinnen. Mar it moat wol west ha om it feit, dat ik noch al contact hie jouns mei de sweevjende kliber útlânske studinten, Hongaren, Italjanen, Slowaken, in hûngerich stel ‘sympathisanten’, mar ‘fortocht’. Hoe't hja it witte, dêr hwat efter sykje?
't Is oars de minste oarde net yn Dútsklân op dit stuit, Heidelberg. Praktysk neat bombardearre, alteast yn 'e âlde stêd, en men biseft sa'n foarrjocht. Fan datoangeande ek de taflechtsoarde fan allerhande dûbelhertige eleminten as dêr binne: Vittorio, de ivige studint, Klaus, ynvalide fan it Eastfront en Marjan, dêr't nimmen fan wit hwer 't hja wei komt, of hwa't hja is. Der wurdt yntrigearre yn lyts formaet, en men fynt jinsels in hiele Pyt, en de Gestapo lit it gewurde.
Op in soele Augustus-Sneintomiddei leine wy hwat brún to bakken oan 'e kant fan 'e Neckar, sa nou en dan ris de moed opbringend en nim in dûk yn 'e rivier. Ynienen fornim ik by it oan lân klimmen, dat ik ûnachtsum myn polshaloazje net ôfdien hie, dat net waterproof wie. De earste reäksje wie, it ôf to dwaen en iepen to heljen, om it sa op in gausten droegje to litten. Rinne woe it lykwols