De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 159] [p. 159] W. de Jong: Trije gedichten. Bihoede bloei. It tek, it read' en sêfte, slút oer dyn bêd, nou't alles rêste moat fan 't ûnbigrinzge bloeijen; ek dyn hearlikheit wurdt bêdde yn it dûnker fan it ûnbikend domein, en efter read gerdinereach teisters teare oer dyn each, giet dyn amjen, binn' dyn roersels, is it frjemde, argeleaze bloeijen. De nacht dekt dy soarchfâldich ta; de beammen bûge, hoeden soeijend, as goede wachters oer dyn bloei. Dû bist folslein biskerme. Ik hâld de wacht en weitsj' en toevje, oant mei 't lemieren fan de dei stille dieren komme en dy hulde bringe, as de kimen fjûr yn ha en dû silst ûntspringe yn sierliker en ljochter stal. Nacht oan nacht foegje oan dy ta Nije hearlikheden sûnder tal. It wachtet. De keamer harket, read stean de muorren to wachtsjen, read stiet ek it ljocht; en oani 't lewant keart nei de doar ta it antlit fan dy't dy brocht en groeijen sjoen hat; [pagina 160] [p. 160] dyn hantwurk leit ré, dyn stoel stiet op it sté, de blomstallen rekke. Dyn fuotstap - dyn fuotstap! De wanden wike; de klok hâldt de siken yn. Arcadie. Oer 't gea de joune leit; feinten en fammen boartsj' yn it reid, lústerjend nammen, sêft laitsjend, lokjend, fanside yn skûlen prot en stiif wrokjend, mar mei fochtige mûlen; trinten wiuwe de plommen, eigenaerdich geurje de blommen, de leaven haww' in nuvere glâns; en al d'iggen lâns jowe har del, hja dy't it woun ha, en oan de seamen rêste dy't it foun ha, en oer de gêrzen en troch it reid giet in glimkjen, in rimp'ljen, dat alles seit. De sinne giet ûnder, nou bigjint it wûnder. Vorige Volgende