hong oan him. Wanhopich hie hja har forward tsjin de driging op de eftergroun, de driging dy't wie as syn skaed op 'e muorre: spoekeftich great en swart, de driging dy't hy oproppen hie sûnder it sels to witten. ‘Wy sjogge inoar noch wer’, hie hja raesd; mar miskien hie hja it sels doe mar amperoan leaud.
Twaris hie hja miend dat it neikommen wie, yn de forroune jierren. Ienris doe't hja, in reinige, tsjustere hjerstjoune, út 'e buorren kaem, miende hja him stean to sjen by de hage fan it hôf. Hja hie de fyts delsmiten en wie troch de hage yn it hôf opflein, roppend, skriemend. As swipen hiene de tûken har yn it antlit slein. Mar hy wie weiwurden. De boer hie har sels yn 'e hûs droegen, de frou hie lang mei har bidden. Nachten hie hja wekker lein.
De oare kears wie hja midden yn 'e nacht út 'e sliep skrille: hja miende fuotstappen to hearren op it hiem, ûnder har rút hie it rissele. Eangstich hie hja har oereinjown en roppen, skriemd hie hja, heal ta it finsterke út. Yn it stadige miggeljen fan de hjerstnacht hie hja ien oer it hiem gean sjoen, sykjend, de hannen foarút as wied er blyn. Hy hie har wer net heard. Dy nachts wie de frou by har bleaun en dokter hie har de oare deis meinommen nei ien yn 'e stêd dy't har nuvere fragen steld hie: oft hja wolris mûzen seach dy't der net wiene en oft har heit by syn libben wolris drank brûkt hie. Beide kearen hie de boer letter sein dat der wier net ien op it hiem west hie, dat er alles ôfsocht hie en sels de houn loshawn. Mar de boer waerd âlder.
Beide kearen hied er it west, dêr wie hja wis fan. Hearde hy dan ek al ta dy tûzenen dêr't âlde Jaring fan praette, dy't jouns foar de finsters gluorken en stadich oer it hiem krosken? Miskien, miskien. Mar syn postuer, syn gean, hja soe it út tûzenen kenne. Hoe soe hja net?
Nou wie de dize sa ticht wurden, nou soe hja him faeks net mear sjen kinne, tocht hja. Allinnich as it ljochte, lyk as nou, mei in fûle slach, ja, dan wie der jit kâns. Hwant it ljochte sels troch de kleden hinne: it hiele hiem stie dúdlik foar har; en alles wie der wer, alles. Hja sammele har krêften en skeat op it rút ta, skuorde de kleden fansiden en dêr stie er: glimkjend, de earms wiid iepen, as wied er nea fuortgien. Efter him ljochte it op, noch klearder as tofoaren. Tagelyk foei de slach, dat de groun skodde. Hja forlear it lykwicht en foel, op him ta. Langjend stiek hja de earms út, mar hja miste. It glês wie oeral om har hinne, kâld,