De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 90] [p. 90] Dam Jaarsma: Fjouwer sonnetten. Boartersguod. Soms sjocht men in stik boartersguod op 't strân, Faeks acht'leas fan in bern, faeks bûten witten, Doe't mem of heit him rôp, dêr efterlitten; In kleur'ge stip op 't effen-giele sân. 't Leit op 'e skieding fan de sé en 't lân; Dy twa driuwt de bigearte fan 't bisitten, Mar 't fochte, dat net wit fan slûpe litten Tilt yn it ein syn bút op weag'ne hân. Sa stiet de minske yn 't libben tusken ierde En sé, dêr't tiid en ivichheit har skiede. Hy is fan beide in bern - de baren winke En d' ierde lûkt - mar lit fan 't sterkst' him liede. Ienris sil yn syn ear de weachsang klinke En draecht de sé him dêr't de kimen blinke. Du, dead. Dû tryste reizger yn in swart habyt, Dû gonger troch paleizen en troch gloppen, Fan alle gasten 't wiste yn 't kommen, dy't Men hyltyd wer forsommet oan to roppen, Dy't stillet eltse smert en hollen hyt Forfrisset mei syn koele fingertoppen - Hwerom net klaeid yn maitiidsdracht mei wite Krâns fan wiet-bidauwe roazeknoppen? Dû freon, dû fredebringer oan 't gemoed, Dat suchtet ûnder lêsten swier en tsjoed - Dû treaster foar de âlde, wurge beam, Dy't falle liet syn blêdden yn 'e stream - Dû tiid'ger fan it Maeije-tij dat komt - Dû - drôf en swart -? Dyn kleed is bloeijend blomt'! [pagina 91] [p. 91] Krustsjerke to Burgum. In stoere wachter stiestû oan 'e kym, As oer de Mar de joun lûkt en it ljacht Yn gloede toevet, bist in skiere skym, As opriisd út forline ieuw'ne nacht. Dû wierste kleasterlingen iens it sté Dêr't hja Marije in stille hulde brochten, Mar doe't it tij forroun stiestû wer ré Foar dy't mei nije Wet har geast forljochten. Sa seachst' forsinken minsk'ne wurk en 't byld Fan 't gea fortsjen; inkel de Mar syn skyld, De spegel fan it wide himelblau, Bleau lykas dû syn eigen wêzen trou. Bliuw, timpel Gods, sa weitser oan marsigge En stean jit ieuwen steech en ûnforwrigge! It skeel. Nei jierren op in kleare Oktobernacht Fynt er it paed werom, de fuotten geane Forsichtich troch de wolbikende leane. Blank leit it hiem yn 't bleke moanneljocht. Syn long'rjende eag'en slane rounom acht: De skuorre, 't ôfdak, dêr't de weinen steane, De hutte, 't hôf, de linebeammen - nearne Fielt er him lutsen fan in sterk're macht. Syn thús alear, nou sliept heit hjir mei hàr. Hy toevet - hwat dreau him hjirhinne hjoed? Dan, op 'e hage sjocht er d' âlde shawl, Dy't mem iens droech - hoe eigen is him 't stael - Syn langst wie útgien nei in stille groet En glimkjend giet er fuort, sûnder forwar. Vorige Volgende