De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 92]
| |
Anna Terpstra:
| |
[pagina 93]
| |
selde stuit soe 't barre. Mar it soene tsjoede foartekens wêze en dan soe dy faem neat fan him witte wolle, dêr moast Pier mar om tinke. Forhip, dêr wol er nou noch net oan tinke. Hja sille meikoarten noch wer ris mei him dwaende. Hwa wit hoe't hja syn kop dan noch wer byspikerje. Op 'e strjitwei is 't drok om diz'tiid. It bigjint oer de greiden al hwat damp to wurden. Al in hiel oar g'esicht as dêr jinsen yn Yndonesië. It is dêr op 't heden nacht. Mooglik hat Harry Babba wol wer in dream. Hja sil dêr dan letter, in hiel skoft letter miskien ris fan reppe. By jountiid as de moanne skynt en de ljochtsjes fan 'e stêd dochs noch wol to sjen binne, sille hja meiinoar foar hûs sitte. Mooglik dat men de gamelan ek wol hearre sil earne fierwei, dêr't hja in doarpsfeestje hawwe dan, bygelyks. Doe't hy yn 't hospitael lei kaem it goesloof alle dagen opsetten. Hja joech him dan ien of oar lekker guod, dat hja yn in pisangblêd foar him meinommen hie. Hy mei wol oppasse, hy moat hjir oerstekke. By in lyts Djatyboskje hawwe hja him sketten. ‘Kaek tobrizele’, wie der trochdien, skreau mem him letter. De earste dagen hied er slim pine hawn en doe samar ynienen wist er it, hy soe foar altyd skeind wêze. Hy hie him dêr to'nearsten de holle net sa slim oer brutsen. Oant doe't hy en Cor ris oer de froulju praetten. Nou, hy mei wol útsjen, de dyk is hjir by de oerwei opbrutsen. Der riidt him kantroerend in greate bus efteryn. As it nou net slagje wol mei Sjouk, jowt er him oan foar matroas, foar in frachtboat op Ingelân of sa. Heit sil 't oars wol oars yn 'e holle ha tink. Nou, túntsjer kin er altyd noch wol wurde. Faeks sil er dan letter as âldfeint earne allinne yn 'e buorren wen je. Mooglik ek wol tomaten yn 'e blombedtsjes kweke, krekt as nou by omke Sibe en dy dien wurdt, soks sil dan meiiens noch hwat opsmite. En dan mei in gongelstokje rinne fansels en hwat sitte to sintsjen mei in trochrikke pypke oan. Moast er hjir nou aenstouns op 'e hoeke yn 'e buorren Sjouk ris treffe. It soe alhiel neat ûngewoans wêze, en dan krig'e Harry Babba nochris wer gelyk. Hwat is 't oars in gat hjirre. Dan wie Batavia al hwat oars. As er thús is, smyt er de fyts tsjin 'e hage. Hy stiet noch efkes foar hûs by heit, dy't hwat yn 't túntsje omknúsket. Mar dan is 't him oft er troch 'e wjerljocht rekke | |
[pagina 94]
| |
wurdt, as der ynienen in flot figuerke yn 't read en wyt, op in griene fyts foarbyrûtst. Har swart hier wyndert omheech boppe it wite bloeske en it reade ploairokje stiet as in hoep om 'e moaifoarme fammekûten. It is Sjouk. Hy heart hoe't hja efkes laket. Dan sjit hja de hoeke om. Pier is ynienen pûr. Hy wit genôch. Hja hat de gek mei him. Sûnder erch sjocht er nei heit. Gniist dy him ek út? Brûkel draeit er him om en set yn 'e hûs. ‘Wiest dêr wer?’ knikt mem. ‘Mar hwat skeelt dy?’ ‘O, neat,’ stunet er. ‘Moatst fuort mar gjin moed forlern jaen,’ seit hja en jit drinken yn. ‘Sille wy mar bigjinne, mem?’ seit heit mei't hy der ek ynkommen is. ‘Ja, 't is klear.’ Pier is mear rekke as er wol wêze wol. Hy moardet forheftich mei in stik farske bôlle om. Hwat is dat mês ek biroerde stomp. ‘Hè, jonge,’ beart mem. ‘Meist dyn tsien geboaden ek wol brûke,’ grânzget heit. Dy kin him it gedoch mei mês en foarke mar min bigripe. Mar mem ornearret, dat it hast wol sa goed stiet mei 't brochje-iten. Bûtendoar stiet de damp tsjok boppe de feart. Troch de gloppe tusken de huzen kin men neat mear ûnderskiede. As in wite muorre liket de damp alle kontakt mei de wrâld ôf to sluten. It fljocht Pier samar oan. Hwat is 't hjir in ûnwennig'e oarde. Hwat mist er ynienen de geheimsinnige sfear om it hûs fan syn freonen. Moast er dêr nou ris efkes by har om 'e tafel sitte kinne mei de krûdige smaek fan 'e nasi g'oreng op 'e tonge, yn pleats fan dy taeije bôlle fan nou. Heit sit to kiezzespielen mei it lêste mûlfol kofje. In oanwenst fan him, dy't er salang't it Pier tinke mei, al hawn hat. ‘Kom, wy moatte mar lêze,’ seit mem. Nei iten hinget er noch hwat by de tafel om. Heit smookt ien fan syn Amerikaenske sigretten. Hy hat de âlde filtene hoed al wer op, hwat skeanlutsen oer 'e flauwe eagen. Dy hoed en heit lykje suver byinoar to hearren, hy swalket der altyd mei om. Mem hat daeljes op 'e tafel. De bloedreadens dêrfan komt tige út ûnder 'e lampe. ‘Dou koest ek wol wer ris hwat op dyn guitaer spylje,’ seit heit. | |
[pagina 95]
| |
‘Dêr ha 'k op 't heden alhiel gjin sin oan,’ andert er. ‘Boppedat der mankeart ek hwat oan, der binne guon fan 'e snaren sprongen.’ It ding stiet boppe op syn keammerke. Dêr hat er him delset doe't er ûnder tsjinst moast. Hy hat him salang't er nou thús is noch net oanroerd. It koe in eksimpel fan himsels wêze, falt it him yn. Hy is ek bûten tsjinst steld en kapot. Men soe der mankelyk ûnder wurde. Hy g'iet der mar effen út, seit er. 't Is mar in stap of hwat nei de Wylde fjouwer. Dêr binne guods oan 't biljerten. Mar Pier rint harren foarby nei de taep om drank. Hy hat it yn gjin tiden preaun. It is al wer in wyk-mannich forlyn dat er in pear tsjinstmaten met hat yn 'e stêd. Nou, it smakket him noch bêst, al mist er de jonges al nou't er hjir sit. It guod makket him gleon, en drystmoedich bisiket er it dwaze byleauwe fan him ôf to setten. Dy faem sil er ha. Dy âlde tsjoenster kin om him stikke. Hy sil dochs sels wol witte hwat er to dwaen hat. Of net soms? Der komme guods yn. It binne in stik trije jonges út in oar doarp, dy't Pier wol kenne. Hja jowe him in hân. It binne hjir goede bikenden, fornimt er wol. Hy wurdt ynienen lûdroftich en wol traktearje. 't Is goed, dan dogge hja it him ek. Hy fortelt in moai foarfaltsje ûnder tsjinst wei, sa't er it ris meimakke hat en hja laitsje har slop. As Pier dan ek noch healwiiswei oer himsels mei syn brike tût bigjint, gnize hja him lyk út. En, samar ynienen komt er hwat ta himsels. De jenever bigjint him op to brekken. Hy moat spuije. Né, it giet oer. Nou wol er earst sliepe. Hy leit de holle op 'e tafel. Hwer soe Sjouk hinne moatten ha jouns. Sjouk.... Pop, hwer wiest dan?.... Hearink hwat is er biroerd, hy moat der út, nei hûs. ‘Dan koest wol efkes by Sjoukje sjen,’ seit immen. ‘Hwa seit dat?’ Hy turvet der op yn. De fint is forbjustere, mar ien fan e oaren keart Pier. ‘Hui, jonkje, ik soe my mar hwat ynbine as 'k dy wie, dou bist hjir net yn 'e tropen.’ Hy komt wer by syn sûpe en stút, en stekt grommeljend ôf. De wyn hellet ynienen oan en jaget de damp útinoar. In setsje letter wrakselt Pier mei in grouwe keardel mei in swarte filten hoed op, dy't mei in pear gleone eagen in jongfaem op in griene fyts efternei sil. Wylst heart er in satanysk laitsjen en sjocht er hoe't hja de hoeke omsnjit by de Wylde fjouwer. |
|